Springe nei ynhâld

Stavropol (kraj)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kraj Stavropol)
Stavropol kraj

Ставропольский край

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Kraj
lân Ruslân
federaal distrikt Noardlike Kaukasus
ekonomyske regio Noard-Kaukasus
haadplak Stavropol
grutste plak Stavropol
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (80.9%)
Armeenjers (7.9%)
Darginen (1.8%) 2010
sifers
ynwennertal 2.780.204 (2022)
oerflak 66.160 km²
befolkingstichtens 42,02 ynw. / km²
oar
stifting 15 desimber 1936
tiidsône UTC+3 MSK
koördinaten 45° 03' N 43° 16' E
webside www.stavregion.ru

De kraj Stavropol (Russysk: Ставропольский край; Stavropolski kraj) is ín kraj in it súdeasten fan Europeeske Ruslân. De haadstêd is Stavropol.

De Kameleberch (Гора Верблюд, Gora Verblyjoed)

Stavropol leit yn 'e Koeban en grinzget oan de kraj Krasnodar yn it westen, de oblast Rostov yn it noardwesten, Kalmukje yn it noarden, Dagestan yn it easten, Tsjetsjeenje, Ingûsjeesje, Noard-Osseesje-Alaanje, Kabardino-Balkaarje en Karatsjai-Tsjerkjesje yn it suden. Fanút Tsjetsjeenje waarden eartiids regelmjittich oanslaggen yn de kraj útfierd. Stavropol leit oan de grins tusken Europa en Aazje. Fan noard nei súd is de kraj 285 km en fan west nei east 370 km.

It gebiet wurdt nei it suden ta heuveleftiger einigjend yn de hege bergen fan de Kaukasus. Yn it suden leit ek in groep fan 17 net mear wurkjende fulkanen. It heechste punt fan de kraj is 1603 meter boppe de seespegel. Grutte dielen yn it easten fan de kraj bestiet út steppelân.

De grûnskatten fan de kraj binne ierdgas, ierdoalje en uraniumerts. Bysûnder ryk is it gebiet oan boarnen mei geneeskrêftich wetter.

Fort fan Stavropol

Argeologen hawwe yn de krite fynsten fûn, dy't der op wize dat it gebiet al 4.000 jier foar ús jiertelling bewenne waard. Yn de deltes fan de rivieren de Jegorlyk en de Kûma lizze in hiel soad âlde delsettings, grêfheuvels en plakken wêrfan't bekend is dat se bewenne waarden. Yn de midsiuwen rûnen der tal fan hannelsrûtes troch de krite en sa ek de Siderûte. Oant yn de twadde helte fan de 18e iuw lei it fierder tin befolke gebiet yn de ynfloedsfear fan it Osmaanske Ryk. Mei't de Russysk-Turkske krigen fan 1768 oant 1774 einigen, gyng it gebiet oer op Ruslân. Yn 1777 liet keizerin Katarina II as ûnderdiel fan de Azov-Mosdok-ferdigeningsliny de fêsting Stavropol bouwe. Acht jier letter ûntstie by it fort Stavropol, de haadstêd fan it gûvernemint Stavropol.

Stavropol yn de 19e iuw

Sûnt de opheffing fan it gûvernemint yn 1924 wiene der meardere weryndielings en nammeferoarings. De grinzen fan de tsjintwurdige kraj datearje út in weryndieling fan 1936 en de kraj krige syn hjoeddeiske namme op 12 jannewaris 1943.

Yn 1995 gizelen Tsjetsjeenske terroristen ûnder lieding fan Sjamil Basajev 1.600 minsken yn it sikehûs fan Bûdjonnovsk. Dêrûnder wienen 150 bern en in soad swiere froulju. De gizeling duorre seis dagen. De sifers fariëarje neffens boarne, mar in ûnôfhinklike rûzing hâld it tal slachtoffers ûnder de yn gizeling nommen boargers by de befrijing troch Russyske troepen op 166 deaden en 541 ferwûnen. Ek teminsten 11 Russyske plysjes en 14 soldaten binne by de befrijing omkommen.

De mearderheid fan de ynwenners binne Russen. Dêrnjonken binne der minderheden lykas Armeenjers, Oekraïners en Griken. Yn it noardeasten fan de kraj wenje noch Nogai-tataren en Turkmenen, dy't ôfstamme fan de nomadyske steppefolken. Yn it oergongsgebiet nei de bergen wenje Osseten, Kabardinen en Abazinen, dy't foar in part yn de 20e iuw út de Hegere Kaukasus nei it gebiet ferhûzen. Resinter binne ek Darginen út Dagestan nei de republyk ferhûze.

It westlike diel fan de kraj foarmet ûnderdiel fan de Kûban, it tradisjonele diel fan de Kûban-kozakken, dy't fral yn it ôfwetteringsgebiet fan de Kûban-rivier wenje.

De mearderheid fan de befolking is neffens sifers út 2012 russysk-otterdoks of fan in oare kristlike rjochting. In lytse minderheid fan 2% is islamitysk, wylst 16,4% him- of harsels ateïst neamt.

Masinebou, enerzjy en fiedselyndustry foarmje de belangrykste ekonomyske sektoaren. De lânbou is goed ûntwikkele; yn de ikkerbou wurde fral nôt en sinneblommen ferboud en yn de feeteeld wurde fral bargen, skiep en fûgelguod holden. Ek tún- en wynbou en ymkerijen binne goed ûtwikkele.

Foar it toerisme binne de kuerplakken fan belang. Yn de omkriten fan Stavropol lizze mear as 100 kueroarden, wêrfan't Kislovodsk it bekendst is.

De winning en it ferwurkjen fan ierdoalje en ierdgas spilet in rol yn de ekonomy fan de kraj en ferskillende pipen fan de oaljefjilden yn it suden rinne troch de kraj hinne.

Stêden en bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kraj is ûnderferdield yn 26 rajon's en 9 stedsdistrikten. De belangrykste stêden binne de haadstêd Stavropol, Pjatigorsk, Kislovodsk, Nevinnomyssk, Jessentûki, Mineralnye Vody, Georgiejevsk, Bûdjonnovsk und Michailovsk. Meiïnoar binne der 19 stêden en sân plakken mei in stedsk karakter.

Stavropol
grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners [1] Wapen Lokaasje
Bûdjonnovsk Будённовск 59.570 (2022) 44° 47' N 44° 08' E
Georgiejevsk Георгиевск 65.433 (2022) 44° 09' N 43° 28' E
Izobilny Изобильный 36.901 (2022) 45° 22' N 41° 43' E
Jessentûki Ессентуки 117.168 (2022) 44° 02' N 42° 51' E
Kislovodsk Кисловодск 127.304 (2022) 43° 54' N 42° 43' E
Michailovsk Михайловск 94.553 (2022) 45° 07' N 42° 01' E
Mineralnye Vody Минеральные Воды 72.423 (2022)
ûnbekend
44° 12' N 43° 06' E
Nevinnomyssk Невинномысск 114.423 (2022) 44° 38' N 41° 56' E
Pjatigorsk Пятигорск 145.484 (2022) 44° 03' N 43° 03' E
Stavropol Ставрополь 458.233 (2022) 45° 02' N 41° 58' E

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Region Stawropol

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022
  1. Ynwennertallen ôfkomstich fan Russyske lemma's oer de plakken

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje