Springe nei ynhâld

Krasnodar

Ut Wikipedy
Krasnodar
Краснодар
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
kraj Krasnodar
Gemeente-yndieling4 stedsdistrikten
Sifers
Ynwennertal1.154.885 (1 jannewaris 2025)
Oerflak294.91 km²
Befolkingsticht.3916,09 ynw./km²
Stêdekloft1.773.786 ynwenners
Hichte25-32 m
Oar
Stifting1793
Postkoade350000—350999
TiidsôneUTC+3:00
Koördinaten45°02'N 38°59'E
Offisjele webside
www.krd.ru
Kaart
Krasnodar (Jeropeesk Ruslân)
Krasnodar
Dizze side giet oer de stêd Krasnodar. Foar oare betsjuttings, sjoch: Krasnodar (betsjuttingsside).

Krasnodar (Russysk: Краснодар, Krasnodar; klam op it lêste wurdlid) is in stêd mei sa’n 1.154.885 ynwenners (2024; folkstelling 2002: 646.000) oan 'e rivier de Kûban, yn it súdeasten fan Jeropeesk Ruslân. It is de haadstêd fan 'e kraj Krasnodar. De stêd Krasnodar leit op likernôch 1.250 km fan Moskou en op sa’n 80 km noardeastlik fan 'e Swarte-Seehaven Novorossyjsk.

De stêd waard yn 1793 stifte as in fêsting fan 'e kozakken dy't ûnderdiel útmakke fan 'e ferdigening fan 'e grins mei it Osmaanske Ryk. De fêsting krige de namme Jekaterinodar, "Geskink" (dar) "fan Katarina" (jekaterino) (dat is Katarina de Grutte). Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech de stêd him ta in wichtich hannelssintrum yn Súd-Ruslân en waakste de befolking bot oan.

Yn 'e Russyske Boargeroarloch keazen in protte Kûbankozakken de kant fan 'e anty-bolsjewistyske Witen. Yn desimber 1920 waard de stêd omdoopt yn Krasnodar (krasno betsjut "read"). Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de stêd fan augustus 1942 oant febrewaris 1943 beset troch de Dútsers. Krasnodar rekke swier skansearre en moast nei de oarloch fannijs opboud wurde.

Ekonomy en ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Obelisk ta eare fan it 200-jierrich bestean fan 'e Kûbankozakken (1897).

Krasnodar leit yn in tige fruchtber lânbougebiet (swarte ierde), dêr't as meast noarlike regio yn 'e wrâld ek tee produsearre wurdt. In protte yndustry yn 'e stêd hat te krijen mei de lânbou, lykas itensferwurking en de produksje fan lânboureau. De stêd hat in grut tal ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr’t de Kûban-Steatsuniversiteit (KûbGOe, stifte yn 1920) en de Kûban-Steatslânbou-universiteit (KGAOe, de grutste fan Ruslân, stifte yn 1922) de wichtichsten fan binne. Teffens binne der oaljeraffinaderijen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krasnodar fan Wikimedia Commons.