Springe nei ynhâld

Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels

Ut Wikipedy
Konfederaasje fan
Unôfhinklike Stelsels
ûnderdiel fan Star Wars
flagge wapen
lokaasje en geografy
lokaasje "yn in Stjerrestelsel
   fier, fier fuort"
haadstêd gjint
polityk
steatsfoarm konfederearre republyk
regear Utfierende Separatistyske Ried
offisjele taal Basaalsk (Basic)
muntienheid Galaktyske kredyt
oprjochting 22 f.Sl.Y.
opheffing 19 f.Sl.Y.
fuortkommen út Galaktyske Republyk
opgien yn Galaktysk Keizerryk
sifers
ynwennertal hûnderten miljarden
tal bewenne
   planetestelsels
10.000

De Konfederaasje fan Unôfhinkliklike Stelsels (Ingelsk: Confederacy of Independent Systems), ôfkoarte ta KUS en ek wol it Separatistysk Ferbûn neamd, is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones, út 2002. De KUS is in separatistyske konfederaasje fan selsregearjende planetestelsels dy't har ôfskiede wolle fan 'e Galaktyske Republyk. Dêr sitte de Sith efter, dy't safolle mooglik gaos en trelit feroarsaakje wolle yn it Stjerrestelsel. De oprjochting fan 'e KUS liedt ta in trije jier oanhâldende boargeroarloch: de Kloane-oarloggen. Oan 'e ein fan dy ûnlijige snuorje hellet kânselier Palpatine, dy't temûk eins de Sith-master Darth Sidious is, de Republyk ûnder fuotten om yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op te rjochtsjen, mei himsels as keizer. Mei de KUS, dy't dan net mear nedich is, weeft er dêrnei op ûnmeilydsume wize ôf.

It berik fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels is dizenich. Yn 'e iepeningstekst fan 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones wurdt ferteld dat "tsientûzen planetestelsels" har by de KUS oansletten hawwe. Letter yn 'e film seit greve Dooku tsjin 'e separatistyske lieders: "Sa't ik jimme al earder útlein haw, bin ik der folslein fan oertsjûge dat nochris tsientûzen planetestelsels har mei gauwens by ús oanslute sille." Op it hichtepunt fan syn macht bringt de KUS de Galaktyske Republyk suver oan it wifkjen.

De Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels is in konfederearre republyk, opmakke út planetestelsels dy't yn namme folslein soeverein binne. Oan it haad fan 'e Konfederaasje stiet de Utfierende Separatistyske Ried, dy't bestiet út fertsjintwurdigers fan 'e wichtichste dielnimmende belangen, dy't sels elts wer tûzenen planetestelsels represintearje. Oan it haad fan 'e Utfierende Separatistyske Ried stiet greve Dooku, in eardere Jedi-master dy't betûft is yn polityk en diplomasy. Yn it geheim is Dooku lykwols de learling fan Sith-master Darth Sidious.

Fiktive skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e skiednis fan 'e Galaktyske Republyk en fan Star Wars yn it algemien wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op 'e oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Yavin, sa't dy werjûn waard yn 'e earste Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).

De Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels ûntstiet út in djipwoartele oertsjûging fan 'e sakebelangen yn 'e Galaktyske Republyk dat se troch te swiere belestings foar de kosten opdraaie moatte foar de troch en troch korrupte Galaktyske Senaat en burokrasy. Dêr komt noch by it gefoel fan ferwaarleazging troch de wolfarrende Kearnwrâlden dat yn 'e oare dielen fan it Stjerrestelsel hearsket. Sokke gefoelens wurde ynjûn en/of oanfitere troch greve Dooku, in eardere Jedi-ridder fan 'e planeet Serenno dy't in betûft politikus en diplomaat wurden is. Net ien dy't foar it ferstân hat dat Dooku yn it ferhoalene eins de learling fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious is, of dat Darth Sidious ien-en-deselde persoan is as de freonlike en sympatike kânselier fan 'e Galaktyske Republyk Sheev Palpatine. Sa kinne de beide Sith de sitewaasje nei eigen beleavjen manipulearje. De hiele oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels komt út 'e koker fan Darth Sidious, dy't troch safolle mooglik gaos en trelit yn it Stjerrestelsel te feroarsaakjen, opklimme wol ta allinnichhearsker.

Yn 24 f.Sl.Y. ûntstiet der in troch Palpatine oanfitere politike krisis dy't ta oprinnende spannings liedt tusken de oerheid fan 'e Galaktyske Republyk en de tsjinstanners dêrfan. Sadwaande wurdt it foar Dooku mooglik om dy tsjinstanners oer te heljen ta it oprjochtsjen fan in separatistysk ferbûn. Dy oprjochting fynt formeel plak yn 22 f.Sl.Y. by in gearkomste op 'e planeet Geonosis. Dielnimmende belangegroepen binne û.o. de Hannelsfederaasje ûnder Nute Gunray; it Keapmansgilde ûnder Shu Mai; de Techno Uny ûnder Wat Tambor; de Yntergalaktyske Bankêre Groep ûnder San Hill; en de Stalgasin-koloanje fan ynsektoïde Geonosianen ûnder aartshartoch Poggle de Mindere. Dielname fan 'e measte groepen is geheim, mei't se alteast foar in part yn 'e Galaktyske Republyk operearje.

Nute Gunray betinget foar de dielname fan 'e Hannelsfederaasje dat senator Padmé Amidala fan Naboo út 'e wei romme wurde moat, mei't er noch altyd wrokket oer de nederlaach dy't hja him tsien jier earder yn 'e Nabookrisis tabrocht hat. Dooku jout opdracht foar de moard oan 'e Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett, dy't it kontrakt útbesteget oan hiermoardneresse Zam Wesell. Nei twa mislearre oanslaggen op it libben fan Padmé folget Jedi-master Obi-Wan Kenobi it spoar werom nei Geonosis, dêr't hy en letter ek syn padawan Anakin Skywalker en Padmé sels finzen nommen en ta de deastraf feroardiele wurde. It trio wurdt lykwols rêden troch Mace Windu en Yoda mei in kloft oare Jedi-masters en in bataljon kloansoldaten. Harren tuskenkomst liedt ta de Earste Slach om Geonosis, dat it earste wapene treffen wurdt fan in boargeroarloch dy't bekend komt te stean as de Kloane-oarloggen.

Heechtijdagen en delgong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folgjende trije jier woedet de oarloch op ferskate fronten it hiele Stjerrestelsel troch. Yn 't earstoan boekt de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels de iene nei de oare oerwinning. De oarlochsynset fan 'e Republyk wurdt nammentlik hindere om't de Techno-uny, dêr't de measte swiere yndustry yn 'e Republyk ûnder falt, de kant fan 'e KUS keazen hat. Nettsjinsteande dat wurde fan it twadde jier ôf de separatisten weromdreaun nei de Râne fan it Stjerrestelsel. Tsjin it trêde jier fan it konflikt hat de KUS ferskate swiere nederlagen te ferduorjen krigen yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dêr't de separatisten krekt de measte stipe hawwe. By in dryste wraam op Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk residearret, ferliest de KUS yn ien klap in trêdepart fan syn hiele romtemacht. Greve Dooku komt yn dy Slach om Coruscant om it libben as er yn in duël mei de ljochtsabel ferslein wurdt troch de jonge Jedi Anakin Skywalker en dêrnei ferret wurdt troch syn master Palpatine.

Yn 'e dagen nei de nederlaach yn 'e Slach om Coruscant sneuvelet generaal Grievous, de opperbefelhawwer fan 'e separatistyske androïdelegers, by in konfrontaasje mei de Jedi Obi-Wan Kenobi op 'e planeet Utapau. Foartiid hat er de leden fan 'e Utfierende Separatistyske Ried foar harren eigen feilichheid oerbringe litten nei de planeet Mustafar. Underwilens fiert kânselier Palpatine op Coruscant syn lang tarette steatsgreep út, wêrby't er de Galaktyske Republyk foar opheft ferklearret en dy ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk, mei himsels as autokratysk regearjend keizer. Hy lit Oarder 66 útgean, dy't de kloansoldaten befel jout ta de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Syn nije learling Anakin Skywalker, dy't no Darth Vader hjit, moardet alle oanwêzigen yn it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant út, wêrnei't Palpatine him nei Mustafar stjoert om ôf te weven mei de separatistyske lieders, fan wa't er no gjin ferlet mear hat. Vader slachtet op Mustafar de hiele Utfierende Separatistyske Ried ôf mei syn ljochtsabel. De androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels wurde dan deäktivearre, wat ta de flugge ynstoarting liedt fan 'e rest fan it steatsferbân. Palpatine nasjonalisearret de Hannelsfederaasje, de Techno Uny en alle oare grutte korporaasjes dy't mei de KUS ferbûn wiene. Dêrtroch binne der inkele moannen letter fan 'e KUS allinne noch mar wat fragmintearre restanten op ôfhandige planeten oer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: