Springe nei ynhâld

Kanadamar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kannedemeer)
De Kanadamar (2007).

De Kanadamar of Aekingeamar (Stellingwerfsk en offisjeel: Kannedemeer, ek wol Aekingameer) is in keunstmjittich marke yn de gemeente Eaststellingwerf, bewesten de Keale Dunen en eastlik fan Elslo yn de buorskip Kanada. It leit yn 'e himrik fan Elslo.

De Kanadamar is in earder sângat dêr't yn 1960 sân wûn is foar de oanlis fan de N381. De mar leit yn it Nasjonaal Park It Drintsk-Fryske Wâld en wurdt beheard troch Steatsboskbehear. It marke is rûn mei in eilantsje yn 'e midden. It gat hat op guon plakken in djipte fan goed 30 meter en is dêrom op dy plakken gefaarlik foar swimmers. Yn it ferline binne der ferskate persoanen ferdronken.

De namme Kannedemeer jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Canadameer.

Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken