Hûsmûs
hûsmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mus musculus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen ferspriedingsgebiet yntrodusearre troch de minske as eksoat |
De hûsmûs (wittenskiplike namme: Mus musculus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen. Hoewol't it sûnder mis in wyld bist is, foarmet it al tûzenen jierren in ûnwinske selskipsdier fan 'e minske. Der bestiet lykwols ek in mei opsetsin domestisearre foarm, de nuete mûs, dy't tsjinnet as in wier selskipsdier, mar ek wol as laboratoariumdier of as fretten foar as hûsdier holden slangen. It folsleine genoom fan 'e hûsmûs waard yn 2002 yn kaart brocht. Hoewol't de soarte syn oarsprong fynt yn Aazje, hat er him (mei ûnopsetlike help fan 'e minske) oer hast de hiele wrâld ferspraat. Ek yn Nederlân en Fryslân komt de hûsmûs rûnom foar.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is dat de hûsmûs oarspronklik inkeld earne yn Aazje foarkaam (wierskynlik yn noardlik Yndia), mar út bonkeresten en oar bewiismateriaal docht bliken dat er him al om 8.000 f.Kr. hinne nei it Middellânske-Seegebiet ferspraat hie. Noardlik Jeropa berikte er lykwols pas om 1.000 f.Kr. hinne. Saakkundigen geane derfan út dat dat opûnthâld feroarsake waard trochdat hûsmûzen foar harren bestean lânboukundige minsklike delsettings fan in beskate grutte brek binne.
Neitiid binne se ûnopsetlik troch de minske oer de wrâld ferspraat. Sa berikten se Amearika koart nei 1492, doe't dat kontinint troch Kolumbus "ûntdutsen" waard, en Austraalje yn of koart nei 1788, doe't te Botany Bay, ûnder Sydney, dêr de earste Britske koloanje stifte waard. Der binne withoefolle ûndersiken dien nei genetyske besibskip tusken ûnderskate hûsmûzepopulaasjes, mei as doel om iere minsklike migraasjes en hannelsrûtes te rekonstruëarjen. Om in foarbyld te jaan: de útkomsten fan ien sa'n ûndersyk suggerearje dat der mooglik al ier in ferbining bestie tusken Noard-Jeropa en it eilân Madeara, yn 'e Atlantyske Oseaan noardwestlik fan Afrika, op grûn fan 'e orizjine fan 'e Maderaanske mûzen.
Tsjintwurdich komt de hûsmûs foar yn hiele Jeropa, de Britske Eilannen en Iislân ynbegrepen, al wurdt er op Iislân as in eksoat beskôge. Fierders yn Noard-Afrika yn in brede stripe by de súdlike kust fan 'e Middellânske See lâns en teffens by de kust fan 'e Reade See lâns oant Dzjibûty. Yn Aazje is wurdt er as lânseigen sjoen yn it hiele Midden-Easten, Súd-Aazje, Sintraal-Aazje, it westen en suden fan Sibearje, East-Aazje (ynkl. Japan en Taiwan) en it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Op 'e Filipinen en yn 'e Yndyske Arsjipel, Nij-Guineä, Austraalje, Nij-Seelân en de eilannen yn 'e Stille Súdsee is er oanwêzich as eksoat, krektlyk as yn Noard-Amearika (útsein it hege noarden), by de kusten fan Súd-Amearika lâns en yn 'e súdpunt fan Afrika.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân en ek yn Fryslân komt de hûsmûs oeral rûnom foar, ek op 'e Waadeilannen en yn 'e Flevopolders, en sels op 'e ûnbewenne Waadeilannen ynsafier't de boskmûs dêr ûntbrekt. De ûndersoarte dy't yn Nederlân libbet, is de westlike hûsmûs (Mus musculus domesticus), dy't yn hiel Noardwest-Jeropa, Súd-Jeropa, in diel fan 'e Balkan en westlik Aazje en Noard-Afrika foarkomt. Yn Skandinaavje en East-Jeropa oant yn Sina is in oare ûndersoarte lânseigen, de noardlike hûsmûs (Mus musculus musculus). De grins tusken de wengebieten fan dy beide ûndersoarten rint fan súdlik Jutlân mei in grutte slinger troch Dútslân nei de Eastenrykske Alpen en dan fia de Balkan nei de kust fan 'e Swarte See yn sintraal Bulgarije. Yn Nederlân is de noardlike hûsmûs in eksoat, dy't yn it wyld oantroffen is yn 'e Amsterdamske dieretún Artis, yn 'e omkriten fan Leien en yn 'e Noardeastpolder. Hy is dêr mooglik bedarre troch opsetlike ynfier as laboratoariumdier, of by fersin mei hea of siedsied.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hûsmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-10 sm, mei in sturt fan gelikense lingte en in gewicht fan 14-32 g. Hûsmûzen hawwe puntige snútsjes, lytse rûne earkes en in lange keale of hast keale sturt. Dy wurdt troch mûzen brûkt om har lykwicht te hâlden, mar ek om har lichemstemperatuer te regulearjen, mei't it bloed troch deun ûnder de hûd fan 'e (frijwol) ûnbehierre sturt troch te streamen fluch waarmte ôfstjitte kin. Ek wurdt de sturt brûkt as trêde efterpoatsje as de mûs wat heechs ûndersykje of om him hinne sjen wol en him dêrta op 'e efterpoaten ferheft. Hûsmûzen hawwe in min gesichtsfermogen, en sjogge gjin of hast gjin kleuren. Harren rooksin is dêrfoaroer tige sterk ûntwikkele, en it efterlitten fan rook (troch urine) is ien fan 'e wichtichste foarmen fan kommunikaasje tusken mûzen ûnderling. Ek de taastsin is foar mûzen fan grut belang, en fynt benammen plak troch har snorhierren.
Yn it wyld kin de kleur fariëarje fan ljocht- oant dûnkerbrún, al fertoane nuete mûzen, troch selektyf fokken, in grutte kleurferskaat. Har hier is koart en beskate ûndersoarten hawwe ljochter hier op 'e búk as op 'e rêch. Hoewol't it mar lytse bistkes binne, kinne se ferrassend heech springe, oant wol 45 sm. Harren lûd is in heechtoanich piipjen, al die yn 2005 út in ûndersyk troch wittenskippers fan 'e Universiteit fan Washington bliken dat mantsjes dêrnjonken ek in ultrasoan (foar minsken ûnhearber) sjongen of fluitsjen fuortbringe dat wol wat wei hat fan muzyk, en dêr't se wyfkes mei lokje en ferliede.
Men kin by de jongen de mantsjes fan 'e wyfkes skiftsje troch goed nei it bunt te sjen, mei't de anogenitale ôfstân by de mantsjes likernôch dûbel sa grut is as by de wyfkes. Fierders hawwe wyfkes fanôf 10 dagen fiif pear oeren, wylst de mantsjes hielendal gjin spiennen hawwe. Yn geslachtsripe mûzen is it dúdlikste ûnderskie de testikels by de mantsjes, dy't grut binne foar sa'n lyts bistke, en dy't weromlutsen wurde kinne yn it lichem.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It foarkommen fan hûsmûzen is almeast assosjearre mei minsklike bewenning, en se libje dan ek it meast yn of om wenten, skuorren, winkels, pak- en kuolhuzen en pleatsen. Dêrnjonken komme se ek wol los fan 'e minske foar, yn bosk mei in protte ûndergroei, nôt- en reidfjilden en oerwoekere tunen, benammen as oare mûzesoarten dêr ûntbrekke of mar krap foarkomme. Yn berchtmen is de hûsmûs oant op 2.700 m oantroffen. De grutte fan in mûzeterritoarium rint útinoar fan 5 m² yn 'e hûs oant 400 m² yn it iepen fjild. Yn West-Jeropa migrearje bûtendoar libjende mûzen trouwens hjerstmis oer it algemien nei minsklike bewenning ta om dêr te oerwinterjen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hûsmûzen rinne, drave en steane almeast op fjouwer poatsjes, útsein as se ite, fjochtsje, wat heechs ûndersykje of om har hinne sjogge; dan ferheffe se har op 'e efterpoatsjes, wêrby't se har dan ûnderstypje mei har sturt. It binne goede klimmers, springers en swimmers. Oer it generaal besykje se safolle mooglik kontakt te hâlden mei fertikale oerflakken (in mûs sil dus mar komselden in keamer skean oerstekke, mar hast altyd de muorren folgje).
De hûsmûs is benammen nachts aktyf, mei aktiviteitspiken yn 'e beide skimerperioaden. Se binne twer fan grille ljochten. Ut ûndersyk is nei foarren kommen dat se likernôch 12½ oere deis fersliepe. Hûsmûzen hâlde har beskûl yn alderhanne lytse gatsjes en herntsjes, en witte yn minsklike wenten faak troch te kringen yn loaze romten tusken muorren of plafons, dêr't se op feilige plakken nêsten oanlizze deunby itensboarnen. Se binne territoriaal, en ien dominant mantsje libbet yn 'e regel gear mei ferskate wyfkes mei jongen. De mantsjes respektearje oer it algemien inoars territoaria.
Hûsmûzen plantsje har ûnder gaadlike omstannichheden it hiele jier rûn fuort. "Gaadlike omstannichheden" hat mear te krijen mei de foarriedigens fan fretten as mei geunstige libbensomstannichheden, want sels troch temperatueren fan ûnder it friespunt, yn kuolhuzen, litte se har net fan har fuortplantingssyklus ôfbringe. De draachtiid duorret sa'n 20 dagen, wêrnei't 5-10 kear jiers 4-9 jongen smiten wurde. By it ferlitten fan it nêst weagje dy noch mar 5½ g, mar nei twa moanne binne se geslachtryp. By hege populaasjetichtheden diele ferskate wyfkes soms ien nêst; sa binne der alris 58 ûnderskate jongen yn in nêst oantroffen. De populaasjetichtheid is trouwens sterk ôfhinklik fan 'e beskikberens fan fretten. Yn 'e hûs is 5 mûzen de m² frij normaal, yn in heaberch 15 mûzen de m³ en yn it iepen fjild 50 mûzen de ha.
Yn it wyld hawwe hûsmûzen in libbensferwachting fan minder as in jier, hoewol't nuete mûzen yn finzenskip wol trije jier wurde kinne. Wyfkes wurde meastal âlder as mantsjes. Harren natuerlike fijannen binne ûlen (benammen de goudûle), oare rôffûgels, de foks, de hûskat en martereftigen as de wezeling en de harmeling. Yn 'e hûs moatte se fral oppasse foar de kat (dêr't se op sprekwurdlike wize mei yn ûnmin libje) en foar de bestridingspraktiken fan 'e minske. Fierders binne mûzen benaud fan rotten, dy't har ek faak deadogge en opfrette, in ferskynsel dat muriside neamd wurdt. Kavia's, dy't blykber krekt as rotten rûke, hawwe hûsmûzen ek in hekel oan, en om 'e rook fan katten of kavia's yn 'e hûs te heljen, kin in ôfskrikwekjende wurking hawwe, al litte guon mûzen har nearne wat oan gelegen lizze.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hûsmûzen binne echte omnivoaren. Se hawwe in foarkar foar nôt, sied, nuten, ynsekten, larven en wjirms, mar meie ek graach oer minsklik iten gear, lykas fleis, tsiis en ûnderskate soarten fruchten. As se neat oars fan har gading fine kinne, frette se ek wol sjippe, kjersen, papier of sels lym. It leafst hawwe se fet- en aaiwytryk foer, wylst se koalhydraatryk guod as fruchten en griene planten leaver stean litte. In nôtkerl pakke se tusken de beide foarpoatsjes en gnabbelje se foar twatrêde part op foar't se in oaren pakke. Se ite deis mar sa'n 3½ g, wat net sa'n soad is, mar ûnder pleachkondysjes kin dat mei-inoar raar oprinne, en boppedat bedjerre se mei har kjitte en miich folle mear nôt as dat se eins opfrette. Dêrnjonken ferniele se alderhanne ûnytbere dingen, lykas ferpakkingsmateriaal en snoeren, troch deroan te gnaujen. It tinken is dat de hûsmûs mei sok hâlden en dragen spesifyk de oarspronklike reden wie foar it domestisearjen fan 'e hûskat.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hûsmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er rûnom foarkomt. Yn Nederlân is it ien fan 'e iennichste mûzesoarten dy't frij bestriidber is, mei't er him ta in pleachdier ûntjaan kin. Troch har flugge fuortplanting kin in populaasje fan in pear mûzen him yn in jier tiid ta hûnderten eksimplaren ûntwikkelje. Fierders kinne mûzen fia har kjitte sykten ferspriede, wêrûnder salmonella, de sykte fan Weil en, yn teory, de bûdepest.
Yn kontreien dêr't se net lânseigen binne, yn 't bysûnder yn Nij-Seelân en op 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee, ferkringe hûsmûzen faak lânseigen fûgelsoarten om't se itselde frette, wylst se troch predaasje in negatyf effekt hawwe op 'e populaasjes lânseigen ynsekten en hagedissen. Sadwaande wurde hûsmûzen, krekt as brune en swarte rotten, dy kusten út faak te fjoer en te swurd bestriden.
Op it ûnbewenne eilân Gough, yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, dat ta it Britske territoarium fan Sint-Helena, Ascencion en Tristan da Cunha heart, kamen gjin sûchdieren foar ear't de hûsmûs dêr yn 'e njoggentjinde iuw mei Jeropeeske walfiskfarders arrivearre. It eilân is in briedplak fan 'e tristanalbatros en de schlegelmok. De mûzen op Gough hawwe har ûntjûn ta in ûngewoane grutte, en falle no yn groepen albatrosjongen oan, dy't hast 1 m lang wêze kinne, mar gjin ferwar tsjin sa'n oanfal hawwe; de mûzen gnauwe de piken oan oant se deabliede.
Yn 'e nôtgurle fan súdwestlik Austraalje plantet de yntrodusearre westlike hûsmûs him sa súksesfol fuort dat der eltse trije jier in mûzepleach ûntstiet, mei populaasjetichtheden fan wol 1.000 eksimplaren de ha. Behalven de finansjele ferliezen fan Au$36 miljoen jiers feroarsaket dat ek in ûnbidige fersteuring fan it libben yn 'e troffen lânboumienskippen.
Opsomming fan ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op grûn fan genetysk ûndersyk wurde der binnen de hûsmûs fiif ferskillende groepen ûnderskaat, dy't almeast as ûndersoarten beskôge wurde (mar inkeld ek wol as aparte soarten):
- de Aziatyske hûsmûs (Mus musculus castaneus), yn Sintraal- en East-Aazje fan Afganistan oant Taiwan, yn it suden fan it Yndiaaske subkontinint, yn Súdeast-Aazje en as eksoat yn 'e Yndyske Arsjipel en op Nij-Guineä en de Marianen
- de Baktryske hûsmûs (Mus musculus bactrianus), yn súdlik Afganistan, Pakistan en noardlik Yndia
- de Jemenityske hûsmûs (Mus musculus gentilulus), yn Jemen en as eksoat op Madagaskar
- de noardlike hûsmûs (Mus musculus musculus), yn Skandinaavje, East-Jeropa, de noardlike Balkan, West-Sibearje en Sintraal-Aazje oant yn noardlik Sina en as eksoat yn Iislân
- de westlike hûsmûs (Mus musculus domesticus), yn Noardwest-Jeropa, de Britske Eilannen, Súd-Jeropa, de súdlike Balkan, Lyts-Aazje, it Midden-Easten oant yn Iraan, Noard-Afrika en as eksoat yn Noard- en Súd-Amearika, it grutste part fan Oseaanje en súdlik Afrika
De hûsmûzen fan Japan binne mooglik in krusing tusken de noardlike en Aziatyske ûndersoarten. Oare (frij nau besibbe) soarten echte mûzen yn Jeropa, lykas de Masedoanyske hûsmûs (Mus macedonicus), de steppemûs (Mus spicilegus) en de Algerynske mûs (Mus spretus), wurde yn 'e folksmûle ek wol fan "hûsmûs" neamd. De skiesturtmûs (Mus fragilicauda), út Tailân, is nei gedachten it naust oan 'e hûsmûs besibbe.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de hûsmûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e hûsmûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|
- Mûs
- Sûchdieresoarte
- Echte mûs
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Eksoat yn de Azoaren
- Eksoat yn Brûnei
- Eksoat yn de Fêreu-eilannen
- Eksoat yn de Filipinen
- Eksoat yn East-Timor
- Eksoat yn Yndoneezje
- Eksoat yn Yslân
- Eksoat yn de Kanaryske Eilannen
- Eksoat yn Madeara
- Eksoat yn de Maldiven
- Eksoat yn Taiwan
- Eksoat yn Alaska
- Eksoat yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Eksoat yn Anguilla
- Eksoat yn Antigûa en Barbûda
- Eksoat yn Arûba
- Eksoat yn de Bahama's
- Eksoat yn Barbados
- Eksoat yn Bermuda
- Eksoat yn Bonêre
- Eksoat yn de Britske Famme-eilannen
- Eksoat yn Dominika
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Frânsk-Sint-Marten
- Eksoat yn Grenada
- Eksoat yn Grienlân
- Eksoat yn Gûadelûp
- Eksoat yn Kanada
- Eksoat yn Kosta Rika
- Eksoat yn Kurasau
- Eksoat yn Martinyk
- Eksoat yn Meksiko
- Eksoat yn Montserrat
- Eksoat yn Panama
- Eksoat yn Porto Riko
- Eksoat yn Saba
- Eksoat yn Sint-Bartelemy
- Eksoat yn Sint-Eustasius
- Eksoat yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Eksoat yn Sint-Kits en Nevis
- Eksoat yn Sint-Lusia
- Eksoat yn Sint-Marten
- Eksoat yn Sint-Pierre en Miquelon
- Eksoat yn Trinidad en Tobago
- Eksoat yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Eksoat yn Argentynje
- Eksoat yn Bolivia
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn Ekwador
- Eksoat yn de Falklâneilannen
- Eksoat yn Fenezuëla
- Eksoat yn Frânsk-Guyana
- Eksoat yn de Galapagoseilannen
- Eksoat yn Guyana
- Eksoat yn Kolombia
- Eksoat yn Oerûguay
- Eksoat yn Paraguay
- Eksoat yn Perû
- Eksoat yn Sily
- Eksoat yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
- Eksoat yn Suriname
- Eksoat yn Ascension
- Eksoat yn Botswana
- Eksoat yn Kaapverdje
- Eksoat yn Lesoto
- Eksoat yn Malawy
- Eksoat yn Mozambyk
- Eksoat yn Namybje
- Eksoat yn Simbabwe
- Eksoat yn Sint-Helena
- Eksoat yn Súd-Afrika
- Eksoat yn Swazylân
- Eksoat yn Tanzania
- Eksoat yn Tristan da Cunha
- Eksoat yn Amerikaansk-Samoä
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn de Chathameilannen
- Eksoat yn de Cookeilannen
- Eksoat yn Fanûatû
- Eksoat yn Fidzjy
- Eksoat yn Frânsk-Polyneezje
- Eksoat yn Gûam
- Eksoat yn Hawaï
- Eksoat yn Kiribaty
- Eksoat yn de Kokoseilannen
- Eksoat yn Krysteilân
- Eksoat yn de Marshalleilannen
- Eksoat yn Mikroneezje (lân)
- Eksoat yn Naurû
- Eksoat yn Nij-Kaledoanje
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Niûé
- Eksoat yn de Noardlike Marianen
- Eksoat yn Norfolk (eilân)
- Eksoat yn Palau
- Eksoat yn Papoea Nij-Guineä
- Eksoat yn Peaske-eilân
- Eksoat yn de Pitcairneilannen
- Eksoat yn de Salomonseilannen
- Eksoat yn Samoä
- Eksoat yn Tokelau
- Eksoat yn Tonga
- Eksoat yn Tûvalû
- Eksoat yn Wallis en Fûtûna