Springe nei ynhâld

Despicable Me 3

Ut Wikipedy
Despicable Me 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Pierre Coffin
Kyle Balda
produsint Chris Meledandri
Janet Healy
senario Cinco Paul
Ken Daurio
muzyk Heitor Pereira
Pharell Williams
filmstudio Illumination
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Steve Carell
Kristen Wiig
byrollen Trey Parker
Miranda Cosgrove
Dana Gaier
Nev Scharrel
Pierre Coffin
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 juny 2017
foarm lange tekenfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $1.034,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Despicable Me
● foarich diel Despicable Me 2

Despicable Me 3, yn Nederlân yn Nederlânsk neisyngronisearre foarm útbrocht as Verschrikkelijke Ikke 3, is in Amerikaanske kompjûteranimearre lange tekenfilm út 2017 yn 'e foarm fan in komeedzje foar bern en folwoeksenen. De film waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda, en de haadrollen waarden ynsprutsen troch Steve Carrell en Kristen Wiig. De film is it trêde diel fan 'e Despicable Me-filmsearje, en folget as sadanich op Despicable Me 2, út 2013. It ferhaal folget de eardere supersmjunt Gru as er ûntslach kriget as geheim agint, om koart dêrnei te ûntdekken dat er in twillingbroer hat, dy't Dru hjit. Dyselde wol dat er him leart om in supersmjunt te wurden, mar Gru wjerstiet de ferlieding om werom te fallen yn âlde gewoanten. Underwilens wurdt Hollywood bedrige troch in wrokjende eardere berne-akteur, wylst de trewantsjes op eigen manneboet de wrâld yn tsjogge. Despicable Me 3 krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar woeks yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar in Saturn Award, trije Annie Awards en ferskate oare wichtige prizen. Anno 2022 is in fjirde diel yn deselde rige yn produksje.

Eks-supersmjunt Gru en syn frou Lucy Wilde wurkje no tegearre as geheim aginten foar de Anty-Smjunteliga en wurde útstjoerd om Balthazar Bratt tsjin te kearen. Bratt is in eardere berne-akteur út 'e 1980-er jierren dy't der noch altyd oer wrokket dat syn tillefyzjesearje, Evil Bratt, stopset waard doe't er de puberteit berikte en net mear 'skattich' wie. Hy identifisearret him sa mei syn personaazje út 'e searje, in jonge supersmjunt, dat er no yn it wiere libben ek in supersmjunt wurden is. Syn jongste smjuntestreek is it oerfallen fan in skip dat de Dumontdiamant ferfiert, de grutste diamant fan 'e wrâld. Dêrby fynt er lykwols Gru en Lucy op syn paad. Gru wit, sij it op in foar him fernederjende manear, de Dumontdiamant yn 'e hannen te krijen, mar Bratt ûntsnapt. Werom yn it haadkertier fan 'e Anty-Smjunteliga kundiget direkteur Silas Ramsbottom syn opfolging oan troch Valerie da Vinci. Dat blykt in aaklike fekke te wêzen wa har earste die as de nije direktrise is om Gru te ûntslaan om't er Bratt ûntkomme litten hat. As Lucy beswier makket tsjin dy gong fan saken, ferliest sy ek har baan.

By thúskomst fertelle Gru en Lucy oan harren oannommen dochters Margo, Edith en Agnes dat se no wurkleas binne, mar se bewissigje de bern derfan dat se mei gauwens nij wurk fine sille. Gru syn trewantsjes (minions) fiere lykwols feest, om't se ferwachtsje dat Gru no wer in supersmjunt wurde sil. As er dat wegeret, en mei't syn assistint dr. Nefario himsels by fersin yn karbonyt* beferzen hat, beslute de measte trewantsjes ûnder lieding fan Mel en sykje in oare wurkjouwer. Inkeld Dave en Jerry bliuwe Gru trou, benammen om't se pas op 'e gearkomste arrivearje as de oare trewantsjes al ôfset binne.
*) "karbonyt" (carbonite) is in fiktive substânsje wêryn't Han Solo yn 'e Star Wars-film The Empire Strikes Back (1980) beferzen waard om him finzen te hâlden.

De oare deis nimt in frjemd kontakt op mei Gru, dy't seit dat er Fritz is, de butler fan syn twillingbroer Dru. Dyselde nûget him en syn gesin út foar in besyk. Earst wol Gru dêr neat fan leauwe, om't er by syn witten gjin twillingbroer hat, mar Fritz komt mei fotografysk bewiismateriaal, en as Gru dêr syn mem mei konfrontearret, jout dy ta dat it wier is. Gru en Dru binne koart nei de berte útinoar helle om't harren âlden skieden. Harren heit en mem holden elts ien fan 'e bern om grut te bringen. Dru is sadwaande opgroeid yn it (fiktive) Eastjeropeeske lân Frijdoanje, dêr't Gru en Lucy mei harren trije dochters hinne reizgje ûnder begelieding fan Fritz. Gru-en-dy besauwe har oer de ûnbidige rykdom fan Dru en de lúkse fan syn filla, dy't suver in paleis allyk is. Neffens Fritz komt al it jild fan 'e reuseftige bargefokkerij dy't Dru fan syn heit urven hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Frijdoanje komme Gru en Dru mei-inoar yn 'e kunde, wylst Lucy en de bern de haadstêd ferkenne. As Margo op oantrún fan Lucy in goede die ferrjochtet, bringt har dat yn 'e problemen, dêr't se Lucy de skuld fan jout. Lucy wint lykwols har hert troch Margo te ferdigenjen tsjin in lulk Frijdoanysk frommes. Underwilens nimt de lytse Agnes, dy't obsedearre is troch ienhoarnen, de ferhalen fan in kroechbaas oer de wylde ienhoarnen dy't yn Frijdoanje yn 'e bosken libje, foar sûkerswiet oan. As se de oare deis mei Edith de bosken yn tsjocht om in ienhoarn te fangen, komt der op 't langelêst in geitsje mei mar ien hoarn (om't de oare ôfbrutsen is) op har lokies ôf. Agnes is derfan oertsjûge dat se in echte ienhoarn fongen hat, en Edith lit it oan Gru oer om har út 'e dream te helpen. As har úteinlik oan it ferstân brocht wurdt dat har 'ienhoarn' in geit is, beslút se dat se dêr net minder bliid mei is, om't it de leafste en braafste geit fan 'e hiele wrâld is.

De syktocht fan Mel en de trewantsjes nei oar wurk giet ûnderwilens muoisum. As hja úteinlik úthongere efter in pizzabesoarger oan geane, kringe se sûnder erch it terrein fan 'e filmstudio Mondial (in bedutsen ferwizing nei Universal) binnen. Se wurde efterfolge troch befeiligingslju en sykje beskûl yn in tillefyzjestudio dêr't de opnamen foar in talintejachtprogramma yn folle gong binne. De trewantsjes ymprovisearje in muzikaal nûmer dêr't sawol de sjuery as it publyk lôgjende entûsjast oer is, mar lykwols wurde se troch de befeiling yn 'e boeiens slein en ôffierd nei de finzenis.

Wilens kringt Bratt it Frânske museum binnen dêr't de Dumontdiamant tentoansteld wurdt en stelt de oergrutte fûnkelstien op 'e nij. Hy hat nammentlik ferlet fan it ding om as enerzjyboarne te tsjinjen foar in reuseftige robot yn syn eigen likenis, wêrmei't er Hollywood ferneatigje wol út wraak foar it stopsetten fan syn searje Evil Bratt. Yn Frijdoanje lit Dru oan Gru witte dat harren (no ferstoarne) heit eins in supersmjunt wie, waans misdieden en technologyske útfinings de wiere boarne fan syn rykdom binne. Dru wol dat Gru him leart hoe't er in supersmjunt wêze moat, mar ta syn teloarstelling wegeret Gru om wer werom te fallen yn syn âlde gewoanten. As se fan it nijs gewaarwurde dat Bratt de Dumontdiamant stellen hat, besiket Dru om Gru safier te krijen om 'e diamant fan Bratt te stellen, mei't stellen fan in dief ommers gjin echte misdie is. Gru lit him beprate, mar is temûk fan doel om 'e Dumontdiamant yn te leverjen by de Anty-Smjunteliga, sadat hy en Lucy harren âlde banen weromkrije kinne. Hy lit Dru lykwols leauwe dat se de diamant sels hâlde sille.

Tegearre kringe Gru en Dru en it haadkertier fan Bratt binnen, wêrby't Gru oan ien wei troch de knoffelige Dru helpe moat. Tanksij klearebare lok, Gru syn fluch tinkwurk en in tidige rêding troch Lucy, dy't harren efternei kommen is, witte Gru en Dru nauwerneed mei de diamant te ûntsnappen. As dan lykwols oan it ljocht komt dat Gru fan doel is en jou de diamant op, binne Dru syn gefoelens kwetst. It komt ta in konfrontaasje tusken de beide twillingbruorren wêrby't se inoar yn net mis te fersteane bewurdings it mannewaar opsizze. Dru wiist Gru de doar en Gru beslút fuortendaliks mei Lucy en de bern werom te reizgjen nei hûs. Lucy giet Gru mei de diamant en de bern foar nei it fleantúch. As Gru letter ek fuort sil, heart er leven yn in kleankast. It blykt Lucy te wêzen, dy't troch Bratt oermastere is. De 'Lucy' dy't Gru foargien is nei it fleantúch, wie Bratt yn in momkape. As Gru foar it ferstân kriget dat Bratt net inkeld de diamant wer weromstellen hat, mar boppedat Margo, Edith en Agnes ûntfierd hat, lizze hy en Dru harren skeel by. Yn 'e mande mei Lucy sette de bruorren de efterfolging yn.

Underwilens betinkt Mel yn 'e finzenis hoe goed oft hy de oare trewantsjes it eins hiene by Gru en hoe goed oft hy harren behannele. Hy kriget spyt fan syn beslissing om in oare master te sykjen, en beslút werom te gean. De oare trewantsjes binne it dêr roerend mei iens. As se foar it ferstân krije dat de traaljes fan harren sellen eins sa fier útinoar sitte dat se der gewoan tuskentroch rinne kinne, bouwe de trewantsjes út alderhanne guod dat se yn 'e finzenis fine in grutte helikoptereftige fleanmasine, dêr't se mei útbrekke. As se in deimannich ûnderweis nei hûs binne, komme se Gru, Dru en Lucy tsjin, dy't Bratt efterfolgje nei Hollywood. De trewantsjes geane derefteroan.

Mei de Dumontdiamant as enerzjyboarne set Bratt syn reuzerobot yn om Hollywood te ferneatigjen. Hy oerdekt de wyk mei superkrêftich selsopblazend kaugom en brûkt de laser fan 'e robot om Hollywood los te snijen fan 'e Ierde, mei as doel om 'e hiele brot de romte yn sweve te litten. De famkes set er op in smelle râne heech op in wolkekliuwer, sadat se alles goed besjen kinne. As Gru-en-dy arrivearje, rêdt Lucy de famkes út harren benearjende sitewaasje, wylst Gru en Dru de reuzerobot oanfalle. Harren fleanmasine wurdt lykwols delsketten, wêrby't Gru bewusteleas rekket. Bratt besiket him mei de laser midstwa te snijen, mar Dru kringt it liif fan 'e reuzerobot binnen en skuort de betriedding los oant it ding útskeakele rekket, hoewol't er dêrby sels op in hier nei omkomt. Gru, dy't wer bykommen is, giet Bratt te liif en daget him út ta in dance-off, wêrby't er Bratt úeinlik syn ta wapen makke keytar (synthesizergitaar) ûntfytmannet en him dêrmei ferslacht. De trewantsjes arrivearje krekt op 'e tiid om 'e kaugombûlen boppe de gebouwen fan Hollywood mei flink wat dynamyt lek te blazen, sadat de wyk op syn plak lizzen bliuwt. Neitiid fermoedsoenje se har mei Gru.

Gru en Lucy krije harren âlde banen werom by de Anty-Smjunteliga. De hiele famylje fiert feest by Gru thús. Lucy is ûnderwilens in echte mem foar de famkes wurden. Sadree't Gru en Lucy lykwols út 'e wei gien binne, naaie Dru en de trewantsjes mei Gru syn fleanmasine út om misdieden te begean. Gru is sa nidich as in spin, mar as Lucy him freget oft se der net efteroan moatte, antwurdet er: "Wêr hast it oer, dat is ommers myn broer." Om dêr dan oan ta te heakjen: "Dêrom kriget er fiif minuten foarsprong."

Steve Carell.
Kristen Wiig.
Trey Parker.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Gru Steve Carell Jon van Eerd
Lucy Wilde Kristen Wiig Kim van Kooten
Dru Steve Carell Jon van Eerd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Balthazar Bratt Trey Parker Carlo Boszhard
Margo Miranda Cosgrove Pip Pellens
Edith Dana Gaier Madelief van Aken
Agnes Nev Scharrel Kee Derwig
Mel Pierre Coffin ?
Kevin Pierre Coffin ?
Stuart Pierre Coffin ?
Bob Pierre Coffin ?
oare trewantsjes Pierre Coffin ?
Fritz de butler Steve Coogan Beau van Erven Dorens
museumdirekteur Pierre Coffin ?
Silas Ramsbottom Steve Coogan Beau van Erven Dorens
Valerie da Vinci Jenny Slate Elise Schaap
Gru en Dru harren mem Julie Andrews Patricia Paay
Clive de robot Andy Nyman Enzo Knol
Niko Andrian Ciscato ?

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Despicable Me 3 waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar de filmstudio's Illumination en Universal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $80 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira en Pharell Williams.

De distribúsje fan Despicable Me 3 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 14 juny 2017 op it Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Annecy yn Frankryk. Despicable Me 3 gie dêrnei op 30 juny 2017 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 juny 2017 by platemaatskippijen I Am Other en Columbia Records. Despicable Me 3 kaam op 21 novimber 2017 beskikber as digitale download en waard yn desimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Regisseur en stimakteur Pierre Coffin yn 2017 op it Ynternasjonaal Tekenfilm-festival fan Annecy.

Fan 'e filmkritisy krige Despicable Me 3 mingde resinsjes. Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers de film 3 fan 4 stjerren. Peter Debruge fan Variety skreau: "Despicable Me 3 is bombidich, mar wurket foar it meastepart […]." Fan Alex Welch fan IGN krige de film in 6 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Folle is it net, mar Despicable Me 3 is teminsten genôch foar de jongere fans fan 'e franchise."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Despicable Me 3 in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 195 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] soe fans fan 'e franchise oan ien wei troch fermeitsje moatte mei in nije omgong fan kleurrike animaasje en healwize – sij it wat rjochtingsleaze – humor." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Despicable Me 3 in goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 37 resinsjes.

Despicable Me 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $264,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $770,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.034,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $954,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Despicable Me 3 de op trije nei meast opbringende film fan 2017, nei Star Wars Episode VIII: The Last Jedi, Beauty and the Beast en The Fate of the Furious, en de op trije nei meast opbringende tekenfilm aller tiden, nei Frozen, Minions en Toy Story 3. It blêd Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e produksje op $366,2 miljoen.

Despicable Me 3 waard nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste animaasjefilm en foar trije Annie Awards, foar bêste lange animaasjefilm, bêste animearre effekten yn in animaasjeproduksje en bêste personaazje-ûntwerp yn in lange animaasjeproduksje. De film waard ek nominearre foar de Critics' Choice Movie Award foar bêste animaasjefilm en de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Despicable Me (filmsearje)
lange films
Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022)
koarte films
Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019)