Brief oan de Laodikers
Brief oan de Laodikers | ||
De ruïnes fan Laodikéa. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Paulus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend (ferlern gien) |
It Brief oan de Laodikers, ek wol koartwei Laodikers neamd, is in mooglik ferlern gien brief fan 'e apostel Paulus oan 'e kristlike gemeente yn it stedsje Laodikéa (of Laodiséa), yn it súdwesten fan Lyts-Aazje. It bestean fan dit brief wurdt nei ferwiisd yn it nijtestamintyske Brief oan de Kolossers 4:16: "As dit brief by jimme foarlêzen is, moatte jimme derfoar soargje dat it ek yn 'e gemeente fan Laodikéa foarlêzen wurdt. En jimme moatte dat [brief] út Laodikéa lêze."
It is bekend dat der yn 'e Aldheid ferskate teksten bestien hawwe wêrfan't beweard waard dat se it missend brief oan Laodikéa wiene, mar dy binne letter suver allegear ferlern gien, en boppedat, sawol doe as tsjintwurdich waarden se oer it algemien beskôge as ferfalskings wêrmei't men besocht it probleem fan in weiwurden dokumint op te lossen. Allinne it Latynsktalige "Brief oan de Laodikers" is (as ûnderdiel fan 'e Codex Fuldensis) oant hjoed de dei ta bewarre bleaun, mar dat is eins in koarte gearstalling fan fersen út oare brieven fan Paulus, benammentlik út Filippiërs, en wurdt sadwaande beskôge as in wol hiel kneukelhouwerige ferfalsking.
Under hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen besteane ferskillende teoryen oangeande it Brief oan de Laodikers:
- Laodikers wie in autentyk brief fan Paulus, mar it is ferlern gien.
- Laodikers hat nea as sadanich bestien; en
- "dat [brief] út Laodikéa" ferwiist nei ien fan 'e oare brieven fan Paulus, dy't troch de apostel recycle wie.
- "dat [brief] út Laodikéa" ferwiist nei it Brief oan de Efeziërs, dat net spesifyk oan 'e gemeente yn Efeze stjoerd wie, mar oan alle gemeenten oan en deunby de westkust fan Lyts-Aazje, mei dêrûnder ek dy yn Laodikéa. Dit brief krige letter pas de namme fan Efeziërs, om't dat dêrsanne de wichtichste stêd wie.
- It Brief oan de Kolossers is sels gjin autentyk brief fan Paulus, dus dan kin Laodikers oft dat no wol of net bestien hat, ek net autentyk west hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |