Boneskâns
Boneskâns | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 10' NB, 7° 11' EL |
Boneskâns (Nederlânsk: Booneschans) is in buorskip yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân en leit justjes besuden Bad Nijeskâns oan de Hamdyk, lyk tsjin de Dútske grins oan. Bewesten leit sûnt 1911 it B.L. Tijdenskanaal. Om de buorskip hinne leit sûnt 1998 it Bosk op Houwingaham.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De buorskip leit op in plak dêr't mooglik yn 1589 yn opdracht fan de Fryske kommittearre Alfred Evert Boner (Bonen) de Boneskâns boud waard ta it ferdigenjen fan it gebiet yn de Tachtichjierrige Kriich. Wêr't de namme weikomt is net wis. Dy soe ferwize kinne nei opdrachtjouwer Boner, mar meastentiids waarden skânsen nei plaknammen neamd en soe dus ek ferwize kinne nei it tichteby lizzende Eastfryske doarp Bunde (doetiids ek wol Boen neamd).
De Boneskâns wie in dykskâns, dy't op de Hamdyk lei. Dy dyk wie de earste dyk dy't yn 1545 oanlein waard by de Doalertboezem del en dy't yn Dútslân Altendeich (Aldedyk) neamd wurdt. De skâns leit op it plak dêr't de Lethe troch in syl yn de Doalert rûn. It is ûndúdlik hoe't de skâns der útseach. De Boneskâns hie oarspronklik in foarm fan in redûte (fjildskâns). Nei't de kustline fan de Doalert nei it noarden ferskode troch it yndykjen fan it Bunderneuland (Bundernijlân) yn 1605 en yn 1628 op de Lange Ikkers benoarden de Boneskâns de Lange-ikkerskâns of Nijeskâns oanlein waard, naam dy de ferdigening oan de see oer fan Boneskâns. Yn 1628 wiene der lykwols plannen en meitsje fan de skâns in fêsting, mar dy waarden dochs nea wiermakke. De skâns krige wol in ekstra bastion. By de Munsterske Kriich yn 1672 waard de skâns ferlitten, mar waard in jier letter wer werom oermastere. Yn de santjinde iuw bruts de Hamdyk mooglik op ferskate plakken troch, dêr't der wielen troch ûntstiene benefter de dyk. By ien fan dy trochbraken ûntstie der in wiel dêr't in part fan de súdlike bastion fuortspielde.
Yn de achttjinde iuw waard de Boneskâns as "batterij Boneskâns" part fan de Earste Liny fan de Iems, mar it wie doe al gjin skâns mear. Yn 1851 waard dy liny ek opheft en ferfearen de militêren út Boneskâns wei. Der bleane in stikmannich huzen en pleatsen oer en de wiel. De wiel waard stadichoan lytser en ferdwûn yn de iere tweintichste iuw folslein fan de kaart.
Yn 1999 waard yn it ramt fan it oanlizzen fan it Bosk op Houwingaham de wiel fannijs iepen groeven. Dêr waard ek it plak fan de grêft fa it súdlike bastion werom fûn, dy't in djipte fan 1,6 meter ûnder NAP en in breedte fan 10 oant 15 meter skynde te hawwen. Fan de rêst fan de skâns is fierder neat werom te sjen, útsein in lytse ferbreding en ferheging yn de Hamdyk yn it lân by in bocht yn de dyk en in bûging yn de ryksgrins.
By Boneskâns wurdt by it B.L. Tijdenskanaal del it projekt IJkdijk dien om proeven te dwaan mei dykkonstruksjes.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Plattegrûn Boneskâns (1675)
-
Kaart mei de Bellingwolderskâns en Boneskâns (1674)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |