Berjocht:Portaal:Fryske sport/Side fan de moanne
Jannewaris
Keatsen is in spul wêrby’t in lytse bal mei de hân of fûst (al as net beskerme troch bygelyks in want) sa slein wurde moat, dat de tsjinstanner de bal net (jildich) retoernearje kin. Keatsen is nei alle gedachten ien fan de âldste balspullen fan de wrâld. Op de Olympyske Spullen fan 1928 yn Amsterdam wie it ien fan de net-offisjele demonstraasje sporten. De wichtigste wedstriid yn it keatsen is de jierlikse PC yn Frjentsjer. Lês fierder...
besjen
Febrewaris
Abe Lenstra (It Hearrenfean, 27 novimber 1920 - It Hearrenfean, 2 septimber 1985), ek wol ús Abe, is in Fryske fuotballeginde. Lenstra wurdt wol sjoen as ien fan de bêste Nederlânske fuotballers allertiden. Om syn persoan binne tal fan ferhalen en sêgen ûntstean. Hy is ien fan de meast ferneamde Friezen allertiden en is sadwaande ek opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis. Lês fierder...
besjen
Maart
De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer by de alve stêden fan Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan. Lês fierder...
besjen
April
Riemer van der Velde (Bakkefean, 28 oktober 1940) is in ûndernimmer en sportbestjoerder fan SK It Hearrenfean. Hy wie fan septimber 1983 oant en mei 1 oktober 2006 de foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Ek hat Van der Velde in koart skoftke proffuotbal spile by Be Quick út Grins. Yn syn jonge jierren die Van der Velde ek oan gersbaanrezen. By it fuotbaljen wie er topskoarder by fjirdeklasser Bakkefean.
besjen
Maaie
Fuotbalferiening Harkemase Boys mei as bynamme De Harrekiten, is in fuotbalferiening fan De Harkema. De fuotbalferiening waard stifte op 26 juny 1946 en spilet sûnt 2010 yn de nije sneons Haadklasse C, it twad heechste amateurnivo fan Nederlân. Dêrfoar spile de klup sûnt de ynfier derfan twa jier yn de sneons Topklasse, it hjoeddeiske heechste amateurnivo fan Nederlân. Sûnt 1997, mei útsûndering fan it seizoen 2007/2008, spilen de Harkemase Boys ek al yn de Haadklasse C, wat oant 2010 it heechste amateurnivo fan Nederlân wie. De Harkemase Boys spylje harren thúswedstriden op it Sportpark de Bosk.
Yn 2003 waarden de Harkemase Boys foar it earst kampioen yn de Haadklasse C. It meast súksesfolle seizoen út de klupskiednis wie it seizoen 2008/2009, wêryn de klup kampioen waard fan de Haadklasse C en Distriktsbeker Noard wûn. Dy lêste priis waard ek yn 2006, 2007 en 2011 wûn.Lês fierder...
besjen
Juny
Berjocht:Portaal:Fryske sport/Side fan de moanne/juny
Besjen
July
Berjocht:Portaal:Fryske sport/Side fan de moanne/july
besjen
Augustus
Berjocht:Portaal:Fryske sport/Side fan de moanne/augustus
besjen
Septimber
Fierljeppen is in machtsport dy't fral yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân, in soad dien wurdt. Mei in pols moat sa fier mooglik oer it wetter hinne sprongen wurde. Al op 24 augustus 1767 waard de earste offisjele fierljepwedstriid hâlden. De wedstriid fûn plak yn Baard en waard organiseare troch kastlein Ype Gerbens. Lês fierder...
besjen
Oktober
SK Cambuur Ljouwert is in profesjonele fuotbalklub út Ljouwert, oprjochte op 19 juny 1964. De klup spilet yn it Cambuur stadion dêr't 10.000 minsken yn kinne. It wie de ferfanger fan VV Ljouwert dy’t nei de amateurs werom kearde. Sietse Westra wie de ynisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SK Cambuur, sa't de klub doedestiids noch hjitte. Westra wie sels fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klub. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SK Cambuur yn Cambuur Ljouwert. Lês fierder...
besjen
Novimber
De Slachtemaraton is in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachte, foar it earst organisearre yn it ramt fan Simmer 2000. De tocht gong yn 2000 fan Easterbierrum oer de Slachte nei Raerd. De kuiertocht begûn yn it doarp, en wie 42,6 kilometer lang; de hurdrintocht begûn op 'e ein fan 'e Slachte en wie dan presys in maraton (42.195 km). Lês fierder...
besjen
Desimber
Foekje Dillema (Boerum, 18 septimber 1926 - Kollum, 5 desimber 2007), wie in Fryske atlete, dy't yn 1950 it Nederlânske rekord op de 200 meter hurdrinnen behelle. Foekje Dillema is troch tadwaan fan Jan en Fanny Blankers-Koen, tegearre mei de KNAU (Koninklijke Nederlandse Atletiek Unie), no de Atletiekuny, skorst foar it libben foar it atletykbûn. Lês fierder...
besjen