Berjocht:Portaal:Fryske sport/Side fan de moanne/april

Ut Wikipedy

Riemer van der Velde (Bakkefean, 28 oktober 1940) is in ûndernimmer en sportbestjoerder fan SK It Hearrenfean. Hy wie fan septimber 1983 oant en mei 1 oktober 2006 de foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Ek hat Van der Velde in koart skoftke proffuotbal spile by Be Quick út Grins. Yn syn jonge jierren die Van der Velde ek oan gersbaanrezen. By it fuotbaljen wie er topskoarder by fjirdeklasser Bakkefean.