Slachte
Slachte | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Easterbierrum Raerd | |
oare ynformaasje | ||
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Slachtedyk of Slachte is in hast 42 kilometer lange slieperdyk troch Westergoa, en rint fan Easterbierrum oant Raerd.
Skiednis
De dyk is net as gehiel oanlein, mar ûntstien út keppeling en útwreiding fan polderdiken. It ûntstean wurdt ûngefear yn de tsiende oant 13e iuw pleatst (mar hjiroer is strideraasje). De earste offisjele melding fan de dyk is makke yn 1506. By de wettersneed fan 1825 hat de dyk foar it lêst as seewarring tsjinne. Sûnt 1995 hat de dyk gjin funksje mear as twadde wetterkearing. It Fryske Gea hat de Slachtedyk as kultuerhistoarysk monumint en natoergebiet yn behear. Yn de dyk sieten in tsiental saneamde kearslûzen (silen). De noardliks lizzende slûs wie Getswerdersyl, de ienige slûs dy't mei doarren ôfsluten wurde koe.[1]
Slachtemaraton
Yn it ramt fan it projekt Simmer 2000 is foar it earst de Slachtemaraton holden, in maraton oer de hiele lingte fan de dyk, foar hurddravers en kuierders. Dêrfoar waard súdwest fan Wommels de Nije Kromme boud, in brêge (of eins in fiadukt) foar fytsers en fuotgongers oer de provinsjale wei N359, dy't op dat punt yn 'e 1970-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. Benoarden Frjentsjer waard fierders de Slachtetille boud, in brêge om 'e kuierders oer de A31 te lieden. Sûnt 2000 wurdt de slachtemarataon om de fjouwer jier holden.
Fierder lêze
- U. Hosper, P. Karstkarel, S. van der Woude- De Slachte: de oude dijk, de geschiedenis, de landschappen, de dorpen, de marathon. Friese Pers Boekerij, Ljouwert (2008)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Dyk yn Fryslân
- Natoergebiet yn Fryslân
- Bouwurk út de 13e iuw
- Geografy fan Barradiel
- Geografy fan Frjentsjerteradiel (oant 1984)
- Geografy fan Frjentsjer (gemeente)
- Geografy fan Frjentsjerteradiel
- Geografy fan Hinnaarderadiel
- Geografy fan Baarderadiel
- Geografy fan Littenseradiel
- Geografy fan Súdwest-Fryslân
- Geografy fan Raerderhim
- Geografy fan Boarnsterhim