Wahpekûte
De Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute, útspr.: ['wɑpe:ku:t]; Dakota: Waȟpékhute, útspr.: [waχ'pe:kʰute]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e Sû-Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei trije fan 'e oare seis stammen, te witten de Mdewakanton, de Sisseton, en de Wahpeton, foarmje se Eastlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.
De Wahpekûte, wa har namme oft "Bôgesjitters mank de Beammen" betsjut, binne it naust besibbe oan 'e Mdewakanton ("Doarp oan 'e Geastemar") mei wa't hja de Noardlike Ried fan 'e Eastlike Dakota foarmje. Histoarysk sjoen makken de Wahpekûte diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Eastlike Dakota der fjouwer hiene, de Westlike Dakota twa en de Lakota mar ien.