Brief fan Pseudo-Titus
Brief fan Pseudo-Titus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
It Brief fan Pseudo-Titus is in algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e apostel Titus, in meiwurker fan Paulus, wêryn't de eins anonime skriuwer him rjochtet oan in ûnbekende asketyske mienskip fan kristlike manlju en froulju dy't yn sûnde ferfallen binne troch ûnderling seksuële omgong te hawwen.
It brief is inkeld oerlevere is yn 'e Codex Burchardi, in Latynsktalich manuskript út 'e achtste iuw, dat yn 1896 ûndutsen waard mank in samling preken fan 'e sechsde-iuwske biskop Sesarius fan Arles. It brief befellet in libben fan keinens oan en feroardielet eltse seksueel omgong tusken manlju en froulju, sels binnen it houlik. De oarsprong fan 'e tekst is noch altyd ûndúdlik, mar soe te krijen hawwe kinne mei de prissillianistyske beweging yn it fyfde-iuwske Spanje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |