Springe nei ynhâld

Federale Finzenis Alcatraz

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 jul 2023 om 18.14 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) (Alcatraz_Island_photo_D_Ramey_Logan.jpg ferfongen troch Alcatraz_Island_photo_Don_Ramey_Logan.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:c:COM)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Federale Finzenis Alcatraz
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county San Francisco County
plak San Francisco
koördinaten 37°49′37″ N 122°25′21″ W
bysûnderheden
type bouwurk finzenis
subtype ekstra befeilige ynrjochting
boujier 19092012
arsjitekt majoar Reuben Turner
boustyl Spanish revival
monumintale status NRHP (1976)
NHLD (1986)
monumintnûmer 76000209
oare ynformaasje
oerflak 8,9 hektare (eilân)
tal ferdjippings 3
kapasiteit 312 finzenen
kosten $250.000 (yn 1910)
offisjele webside
www.nps.gov/alca
kaart
Federale Finzenis Alcatraz (San Francisco)
Federale Finzenis Alcatraz
Lokaasje by San Francisco.

De Federale Finzenis Alcatraz (Ingelsk: Alcatraz Federal Penitentiary), formeel eins: de "Amerikaanske Finzenis, Alcatraz" (United States Penitentiary, Alcatraz Island), is in eardere finzenis fan 'e Amerikaanske federale oerheid op Alcatraz, in eilantsje yn 'e Baai fan San Francisco yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. De finzenis, dy't bestie fan 1934 oant 1963, wie berucht as ekstra befeilige ynrjochting wêrút ûntsnappen ûnmooglik wie. Sadwaande waarden der de swierste en meast flechtgefaarlike kriminelen pleatst. Nei de sluting fan it tichthûs waard it úteinlik in museum en hjoed oan 'e dei is it ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan San Francisco.

It haadgebou fan 'e Federale Finzenis Alcatraz waard tusken 1909 en 1912 boud as militêr tichthûs, doe't Alcatraz noch in legerbasis fan it Amerikaanske Leger wie. It ûntwerp foar it kompleks waard makke troch in majoar Reuben Turner en de kosten foar de bou bedroegen $250.000 (yn jild fan 2023 soe dat likernôch $7,8 miljoen wêze). It sellekompleks hie in lingte fan 150 m en wie doedestiden it langste betonnen gebou fan 'e wrâld, of alteast dat wie it sizzen.

De haadyngong.

Op 12 oktober 1933 waard it militêr tichthûs troch it Amerikaanske Leger oerdien oan it Federal Bureau of Prisons, it Amerikaanske finzeniswêzen, dat in ôfdieling fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje is. Dêrnei't waard it eilân yn augustus 1934 oanwiisd as federale finzenis. Op 11 augustus fan dat jier gie de Federale Finzenis Alcatraz formeel iepen, doe't de earste groep fan 137 finzenen dêrhinne oerbrocht waard út Leavenworth (Kansas). Troch syn lizzing op in eilân yn 'e Baai fan San Francisco, mei syn sterke streaming en kâlde wettertemperatueren, likernôch 2 km fan it fêstelân fan Kalifornje ôf, wie ûntsnappen út Alcatraz tige dreech (hoewol net hielendal ûnmooglik, sa't de Amerikaanske oerheid it publyk leauwe litte woe). Dêrom waard de Federale Finzenis Alcatraz brûkt as wat tsjintwurdich in ekstra befeilige ynrjochting neamd wurde soe, dêr't de swierste en flechtgefaarlikste kriminelen opburgen waarden, lju foar wa't der gjin hoop op rehabilitaasje bestie.

Under harren wiene:

Sel 281, dêr't maffiabaas Al Capone finzen holden waard.

Mei troch de ferneamde finzenen dy't der fêst sieten, it strange finzenisrezjym en de status as in plak wêrút ûntsnappings ûnmooglik wiene, waard de Federale Finzenis Alcatraz meitiid berucht. It tichthûs ferovere in eigen plak yn 'e Amerikaanske folkloare as in soarte fan foarportaal fan 'e hel dat wol "Hellcatraz" neamd waard. Yn it echt skine de libbensomstannichheden der lykwols better west te hawwen as yn in protte oare Amerikaanske finzenissen, yn 't bysûnder wat it iten oangie dat de finzenen optsjinne waard. Dêrom melden in protte lju dy't dochs gjin kâns makken om ea noch frij te kommen, har frijwillich oan om nei Alcatraz oerpleatst te wurden. Wol wie it sa ûnder it bewâld fan James A. Johnston, dy't fan 1934 oant 1948 finzenisdirekteur wie, dat yn 'e finzenis de strange neilibbing ôftwongen waard fan in 'koade fan stilte'. Dat woe sizze dat de finzenen op gjin inkeld momint prate mochten. Guon finzenen koene dêr net oer en giene der psychysk oan ûndertroch. Under Johnston syn opfolger Edwin B. Swope waard dy regel daliks ôfskaft. Fan likernôch 1950 ôf waarden ek oare regels wat fersêfte. Sa waard it foar finzenen mooglik om muzykynstruminten te bespyljen en te skilderjen, en waarden yn 'e wykeinen films fertoand.

Dat it ûnmooglik wie om út Alcatraz te ûntsnappen, wie likemin wier. Mei wat lok koe in sûn en fit persoan wol deeglik fan it eilân ûntkomme en nei it fêstelân te swimme. Dat waard yn 1962 bewiist doe't finzene John Paul Scott ûntsnapte en swimmend it fêstelân wist te berikken. Dêr oankommen, wied er lykwols sa troch útputting en ûnderkuolling befongen, dat de plysje him bewusteleas weromfûn. Yn totaal besochten yn it 29-jierrich bestean fan 'e finzenis 39 finzenen by 14 gelegenheden te ûntsnappen. Twa fan dy mannen besochten it twaris. Fan harren waarden 23 wer ynrekkene foar't se it wetter berikke koene; 6 waarden op 'e flecht troch de sipiers deasketten; 2 ferdronken yn 'e Baai fan San Francisco; en 5 steane te boek as "fermist en nei't men oannimme mei ferdronken".

In stikmannich sipiers fan 'e Federale Finzenis Alcatraz.

De gewelddiedichste episoade út 'e skiednis fan it tichthûs foel foar op 2 maaie 1946. Dy deis prebearren seis finzenen, Bernard Coy, Joseph Cretzer, Sam Shockley, Clarence Carnes, Marvin Hubbard en Miran Thompson, om út te brekken. Se oermasteren de tsjinstdwaande sipiers, krongen de wapenkeamer binne en bewapenen har mei de gewearen fan 'e sipiers, wêrnei't se de macht yn it sellekompleks oernamen. Troch de fernimstigens fan ien sipier, dy't oan it seistal ûnder bedriging mei fjoerwapens alle kaaien joech útsein de kaai fan 'e bûtendoar, dêr't se it meast ferlet fan hiene, koene de finzenen net út it sellekompleks wei. Dat late ta in ympasse dy't twa dagen duorre en bekend kaam te stean as de Slach om Alcatraz. Uteinlik lâne der in ôfdieling fan it Amerikaanske Marinierskorps op it eilân, dy't fluch regaad makke. By de Slach om Alcatraz kamen twa sipiers (William Miller en Harold Stiles) en trije finzenen (Coy, Cretzer en Hubbard) om. Shockley en Thompson krigen letter de deastraf foar harren belutsenens by de rebûlje, wylst Carnes, dy't noch mar 19 jier wie, in twadde libbenslange finzenisstraf oplein krige.

D-Block, dêr't de isolaasjesellen wiene.

De meast ferneamde ûntsnapping wie dy troch Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin yn 'e nacht fan 11 juny 1962. Hja wisten ûngemurken it wetter te berikken, mei't harren ôfwêzigens yn 'e sellen pas de oare moarns opmurken waard. Neffens in offisjeel ûndersyk troch de FBI soene se yn 'e Baai fan San Francisco ferdronken wêze, mar nij bewiismateriaal út 'e 2010-er jierren liket derop te wizen dat harren ûntsnapping slagge. Hoe't de ûntsnapping echt beteard is, bliuwt noch altyd in mystearje.

Dy finzenisútbraak die de reputaasje fan Alcatraz gjin goed. Mar in grutter probleem wie dat it rottekrûddjoer wie om in tichthûs op sa'n isolearre plak draaiende te hâlden. Neffens in rapport út 1959 koste de Federale Finzenis Alcatraz $10 deis foar eltse finzene, yn ferhâlding ta $3 deis per finzene foar de Federale Finzenis Atlanta. Dêrnjonken begûnen de gebouwen útinoar te fallen nei in heale iuw bleatsteld te wêzen oan 'e sâlte seelucht en mist. Der wie dus in mânske ynvestearring nedich om it tichthûs te rêden. Dat wie foar de Amerikaanske oerheid in brêge te fier. Sadwaande waard de Federale Finzenis Alcatraz op 21 maart 1963 sletten.

In sel mei in útbeitele fentilaasjekanaal, wat de wize wie dy't Frank Morris en de bruorren John en Clarence Anglin brûkten om te ûntsnappen yn juny 1962.

Neitiid kaam de finzenis leech te stean en rekke it gebouwekompleks fertutearze. Yn 'e 1960-er jierren waard it twaris beset troch Yndiaanske aktivisten dy't strieden foar minskerjochten foar harren folken. De earste besetting wie in koart barren op 8 maart 1964 troch Lakota-aktiviste Belva Cottier en 34 oaren. De folle bekendere, twadde Besetting fan Alcatraz, troch aktivisten fan 'e United Indians of All Tribes (UIAT), begûn op 20 novimber 1969 en duorre hast twa jier, oant 11 juny 1971.

Yn 1972 waard Alcatraz, it finzeniskompleks ynbegrepen, troch it Amerikaanske Ministearje fan Justysje oerdroegen oan 'e Nasjonale Parketsjinst (NPS), dy't it eilân opnaam yn it nije Nasjonaal Rekreaasjegebiet Golden Gate. Dêrnei waard de finzenis in museum dêr't parkwachters fan 'e NPS rûnliedings fersoargje. It is sûnt útgroeid ta ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan San Francisco. Yn 1976 waarden eilân en finzenis as monumint opnommen yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NHRP). Yn 1986 krigen se ek de status fan nasjonaal histoarysk distrikt.

It Haadsellekompleks.

Haadgebou mei de sellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De finzenis fan Alcatraz wurdt dominearre troch it 150 m lange, trije ferdjippings tellende haadsellekomplek (Main Prison), dat op it heechste punt fan it eilân boud waard op it fûnemint fan 'e âlde Sitadel fan Alcatraz út 'e 1850-er jierren. De 'grûnferdjipping' fan 'e Sitadel, dy't eins ûnder de grûn lei, waard yn it nije gebou opnommen as de kelderferdjipping. (Wat oanlieding joech ta de taaie geroften oer ûndergrûnske 'tsjerkers' yn it finzeniskompleks.) Oars as yn oare Amerikaanske tichthuzen foartiid en neitiid wizânsje wie, krige yn Alcatraz elts finzene in eigen sel, dy't er mei nimmen oars hoegde te dielen. It haadgebou beskikte oer 312 sellen, en dat wie dus ek mei-iens de kapasiteit fan 'e finzenis. De gongen fan it Haadsellekompleks dy't tusken de sellen troch rûnen, krigen nammen fan bekende strjitten yn 'e Feriene Steaten, lykas Broadway (yn New York) en Michigan Avenue (yn Chicago).

De sellen mjitte 9 foet (2.70 m) lang, by 5 foet (1.50 m) breed, by 7 foet (2.10 m) heech. Se waarden sa boud dat net ien in bûtenmuorre fan 'e finzenis rekket. De foarsjennings yn 'e sellen wiene primityf, mei in metalen ledikant mei in tin matras, bêdrêding en in tekken, in lyts skriuwtaffeltsje en oan 'e efterwand in lytse waskbak mei in kraan dêr't kâld wetter út kaam en in húske. Yn 'e efterwand sit ek in fentilaasjeroaster dat 6 inches (15 sm) by 9 inches (23 sm) mjit en útkomt op 'e ûnderhâldsgong dy't tusken de efterwanden fan twa rigen sellen troch rint. De finzenen hiene alhiel gjin privacy as se op it húske sieten, en de húskes lieten in frijwat sterke stank frij om't se trochspield waarden mei sâlt seewetter. Hjitwetterkranen waarden pas oan it begjin fan 'e 1960-er jierren yn 'e sellen ynstallearre, koart foar't de finzenis tichtgie.

In plattegrûn fan it Haadsellekompleks.

De sellen binne ferdield oer fjouwer selleblokken, dy't oantsjut waarden as A-Block, B-Block, C-Block en D-Block. Yn 'e Federale Finzenis Alcatraz hearske segregaasje: by it tawizen fan 'e sellen waarden de Afro-Amerikaanske finzenen apart holden fan 'e oare finzenen y.f.m. it rasistyske oerheidsbelied fan dy tiid. Yn D-Block waarden de minst oanpaste finzenen byinoar húsfêste, en seis sellen oan 'e ein fan dat blok diene tsjinst as isolaasjesellen. Dy stiene bekend as The Hole ("It Gat"), dêr't finzenen mei gedrachsproblemen (d.w.s. dy't net diene wat harren sein waard, opsprieken tsjin 'e sipiers of fochten mei oare finzenen) yn folslein tsjuster opsletten waarden foar langere perioaden fan faak brute bestraffing.

Oan 'e oare útein fan D-Block siet de finzenisbibleteek, dêr't finzenen lykwols net komme mochten. Ynstee krigen se yn harren sel in katalogus fan beskikbere boeken en tydskriften, wêrnei't se in bestelling pleatse koene dy't troch in pear finzenen dy't as bibletekaris wurken, besoarge waarden. Der koe in maksimum fan trije boeken tagelyk liend wurde, mei dêropta maksimaal tolve learboeken, in Bibel en in wurdboek. De finzenen mochten har abonnearje op tydskriften, mar alles dat mei misdie te krijen hie waard dêr útskuord, en kranten mei aktueel nijs wiene ferbean. Ek yn boeken waarden seks, misdie en geweld sinsurearre. Trochinoar lies in finzene yn Alcatraz 75 oant 100 boeken yn it jier. Se mochten ek in muzykynstrumint yn 'e sel hawwe, en eltse jûn waard in oere oant 75 minuten reservearre foar it oefenjen op 'e ynstruminten.

It ôffrede binnenplak, dêr't de finzenen luchte waarden.

Bestjoersgebou en Ytseal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e súdeastkant sit oan it Haadsellekompleks it Bestjoersgebou (Administration Building) fêst, dêr't foarhinne de administrative kant fan it finzenisbestjoer ôfhannele waard. Dêr sieten bgl. it kantoar fan 'e finzenisdirekteur en syn plakferfanger(s) en teffens de argiven dêr't de dossiers fan 'e finzenen bewarre waarden. Oan 'e foaroerlizzende, noardwestlike kant giet it Haadsellekompleks oer yn 'e Ytseal (Dining Hall), dêr't de finzenen mei-inoar ieten en dronken, en dêr't ek de kokens sieten. Op 'e ferdjipping boppe de Ytseal wie it Hospitaal fan Alcatraz húsfêste, de sikeboech fan 'e finzenis. Oan 'e Ytseal fêst sit in mânsk, mei hege muorren omjûn binnenplak, dêr't de finzenen luchte waarden.

De Direkteurswente (Warden's House) is in frijsteand hûs foar de finzenisdirekteur en syn húshâlding, dat oan 'e súdeastkant fan it Bestjoersgebou stiet en yn 1921 boud waard. Hoewol't der no inkeld in ruïne fan oer is, wie it foarhinne in filla fan trije ferdjippings mei fyftjin keamers (guon boarnen wolle hawwe santjin of achttjin). De Direkteurswente baarnde út op 1 juny 1970, ûnder de Besetting fan Alcatraz troch Yndiaanske aktivisten, en is net wer opboud. Fuort njonken de Direkteurswente stiet de noch altyd funksjonele 26 m hege Fjoertoer fan Alcatraz (Alcatraz Island Lighthouse).

De fjoertoer fan Alcatraz en de ruïne fan 'e Direkteurswente.

Rjocht beëasten it Haadsellekompleks, mar op in leger nivo fan it eilân, stiet Gebou 64 (Building 64). Dat is it âldste gebou op Alcatraz, dat yn 1905 boud waard as barak foar de húsfêsting fan 'e ofsieren fan it garnizoen en harren húshâldings fan wat doe noch in legerbasis wie. In stik mear nei it noardwesten ta, rjocht benoarden de Ytseal, stiet op itselde nivo fan it eilân de Sosjalisearringsseal (Social Hall), dy't ek wol de Sipiersklub (Officer's Club) neamd wurdt. Dêr kamen eltse jûn, nei't se de finzenen foar de nacht yn har sellen opsletten hiene, de sipiers byinoar om har te ûntspannen. It gebou baarnde yn 1970 ûnder de Besetting fan Alcatraz ôf en is no in ruïne.

It meast noardlike gebou op Alcatraz is de âlde Enerzjysintrale (Power House), dêr't elektrisiteit opwekke waard foar it hiele finzeniskompleks. Dat waard yn 1939 boud foar $186.000. It is sûnt de sluting fan 'e finzenis yn 1963 net mear funksjoneel. Tsjintwurdich betrekt it finzeniskompleks syn stroom fan it enerzjynet fan San Francisco, fia stroomkeabels dy't yn 1978 oer de boaiem fan 'e Baai fan San Francisco oanlein waarden foar de opnamen fan 'e film Escape from Alcatraz. De âlde Wettertoer (Water Tower) fan Alcatraz stiet noardlik fan it binnenplak op it heechste nivo fan it eilân en waard yn 1940-1941 boud as ûnderdiel fan deselde modernisearring dêr't ek de Enerzjysintrale in resultaat fan wie.

Blommen bloeie yn 'e ruïne fan 'e Sosjalisearringsseal, dy't troch brân ferwoastge waard ûnder de Yndiaanske Besetting fan Alcatraz.

It Modelniverheidsgebou (Model Industries Building) is in grut gebou fan trije en foar in diel fjouwer ferdjippings dat op 'e uterste noardwestpunt fan Alcatraz stiet. It waard oarspronklik boud as waskerette foar it garnizoen doe't it eilân noch in legerbasis wie. Nei de oprjochting fan 'e Federale Finzenis Alcatraz waarden yn it gebou de wurkplakken húsfêste dêr't de finzenen oan it wurk set waarden. Op 10 jannewaris 1935 soarge in swiere stoarm foar in ierdferskowing dy't de râne fan it klif op in ôfstân fan 76 sm fan 'e bûtenmuorren fan it Modelniverheidsgebou brocht. Mei dêrom waard yn 1939 mear nei it súdeasten it Nije Niverheidsgebou (New Industries Building) set, dat grutter wie en fierder fan 'e râne fan it eilân stie. Dêr waard ek de waskerette fan 'e finzenis hinne ferpleatst.

De Federale Finzenis Alcatraz is brûkt as setting foar in protte films, wêrûnder Birdman of Alcatraz (1962), Point Blank (1967), The Enforcer (1976), Escape from Alcatraz (1979), Murder in the First (1995), The Rock (1996), Catch Me If You Can (2002), X-Men: The Last Stand (2006) en The Book of Eli (2010).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.