Springe nei ynhâld

Fyfde Alvestêdetocht

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 mai 2023 om 22.10 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Toertocht: +)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fyfde Alvestêdetocht
De rûte fan 'e Fyfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
De rûte fan 'e Fyfde Alvestêdetocht (mei de klok mei)
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum 16 desimber 1933
evenemint Alvestêdetocht
edysje 5
bysûnderheden
soarte evenemint reedriderstocht
org. troch Fer. De Fryske Alve Stêden
winner(s) Abe de Vries
Sipke Castelein
winnende tiid 9:05 oeren
tal dielnimmers 173 wedstrydriders
339 toerriders
offisjele webside
www.elfstedentocht.nl

De Fyfde Alvestêdetocht wie de fyfde offisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 16 desimber 1933. Dizze reedriderstocht waard organisearre troch de Feriening De Fryske Alve Stêden en is (anno 2021) de iennichste Alvestêdetocht ea dy't yn desimber ferriden waard. Winners wiene Abe de Vries fan Dronryp en Sipke Castelein fan Warten, dy't tegearre oer de einstreek kamen mei in tiid fan 9 oeren en 5 minuten.

Organisaasje en ynskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei fjouwer iisleaze of frijwol iisleaze winters sûnt de Fjirde Alvestêdetocht yn febrewaris 1929 foel de winter fan 1933 op 1934 yn desimber al ier yn. Al op 10 desimber rette it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden him derop ta dat der mei koarten in Alvestêdetocht holden wurde koe. Op 14 desimber bûnen bestjoerleden Hepkema en Kingma yn Ljouwert de redens ûnder om te sjen hoe't it der mei it iis op 'e rûte foarstie. Nei't se kwealk twa kilometer yn 'e rjochting fan Dokkum riden hiene, kamen se al ta in beslút. Yn in winkeltsje yn Snakkerbuorren waard nei Ljouwert skille mei de tynge dat it oer twa dagen, op 16 desimber, al mei de Alvestêdetocht heve koe. Nea earder wie de tocht sa betiid yn 'e winter of sels mar yn desimber ferriden, noch mei sa'n bytsje tarieding.

Dat soarge lykwols ek wer foar ferskate oare swierrichheden. De Sudergrêft oan 'e Willemskade yn 'e binnenstêd fan Ljouwert, dêr't tradisjoneel de start en de finish fan 'e Alvestêdetocht wie, lei noch iepen. En op in grut diel fan it trajekt tusken Ljouwert en Harns, dat ornaris oer de Harnzer Trekfeart rûn, fearen sa betiid yn 'e winter noch skippen. It bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden besleat dêrom de noardlike rûte te ferlizzen oer lytsere fearten. Om ferdwalen tsjin te gean, waard fierders besletten om 'e tocht mei de klok mei te riden, dus fan Ljouwert nei Snits en sa fierder; foartiid wie altyd tsjin 'e klok yn riden, fan Ljouwert nei Dokkum ensfh. De start waard holden op 'e Boksumerdaam, 5 km bûten Ljouwert, wylst de finish no ferpleatst waard nei de grêft by de Prinsetún. Der skreaune har 173 wedstrydriders en 339 toertochtriders yn.

De Fyfde Alvestêdtocht waard ferriden by ideaal waar. Nei de start bûten Ljouwert wist Arie van Beekum as earste Snits te berikken, hoewol't er op 'e foet folge waard troch Cor Jongert út Ilpendam. Ek yn Drylts lei dat twatal noch foarop, mar foarby dy stêd, ûnderweis nei Sleat, begiene de beide mannen, en ferskaten fan harren efterfolgers, in grutte flater troch in ferkearde ôfslach te nimmen. Se wisten úteinlik de juste rûte wol wer te berikken, mar se makken dêrtroch in kilometerslange omwei en rûnen bot tiidferlies op. Twa riders dy't ridlik foaroan leine en wol goed rieden, Sikke Dijkstra fan Koarnjum en Durk van der Duim fan Wergea, namen sadwaande de kopposysje oer.

Sekuer om 7.00 oere kamen dy beiden troch yn Sleat, dêr't Jongert in efterstân fan in kertier oprûn hie. Nettsjinsteande dat wist er dy by de oertocht oer de Fryske marren en de trochstek troch Gaasterlân foar in grut part goed te meitsjen, sadat er Dijkstra en Van der Duim by de trochkomst yn Starum hast al wer byhelle hie. In stikje foar Hylpen stode Ype Smid ynienen nei foarren, ien fan 'e beide winners fan 'e ûnoffisjele Tolhúster Alvestêdetocht fan 1929, dy't út Hylpen ôfkomstich wie. It slagge him dêrtroch en kom mei in foarsprong fan fiif minuten op 'e rest fan it fjild yn syn wenplak troch. De konkurrinsje rûn syn foarsprong yn oant der yn Warkum noch mar ien minút fan oer wie, mar neitiid wist Smid wer út te rinnen oant trije minuten yn Boalsert, fiif minuten yn Harns en tsien minuten yn Frjentsjer.

Tsjin dy tiid wiene Sipke Castelein fan Warten en Abe de Vries fan Dronryp de wichtichste efterfolgers fan Smid wurden. Dy beiden wiene eins dielnimmers oan 'e toertocht, mar se rieden sa hurd dat se tusken de wedstrydriders bedarre wiene. Doe't se úteinlik oare kant Frjentsjer, yn 'e 'Hel fan it Noarden', de ynein rekke Smid ynhellen, beseften se ta ferheardens fan harsels en alle waarnimmers dat se foarop yn 'e wedstryd leine. Op 'e Feinsumerfeart praten se ôf om tegearre oer de finish te gean. Doe't se op 'e grêft by de Prinsetún oan 'e foet fan 'e Aldehou oankamen, fûn der dan ek gjin einsprint plak, mar rieden se kalm de tocht út.

De einstreek waard dêr oanjûn troch in suver ûnsichtber kraske yn it iis. Hoewol't Castelein en De Vries útholden dat se tagelyk oer de finish kommen wiene, wiisde it bestjoer fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden De Vries as winner oan. Nei oerlis waard besletten foar diskear kûlânse te toanen, dat ek Castelein krige in gouden medalje. Neffens foarsitter Mindert Hepkema wie dat om't it ferskil tusken de beiden mannen by de einstreek amper waarnimber wie. De Vries en Castelein hiene de Alvestêdetocht útriden yn in rekôrtiid fan 9 oeren en 5 minuten. Ype Smid kaam njoggen minuten letter as trêde binnen. Fan 'e 173 wedstrydriders rieden 160 de tocht út.

In filmke fan 'e Fyfde Alvestêdetocht.
posysje dielnimmer wenplak tiid
1 Abe de Vries Dronryp 9:05
1 Sipke Castelein Warten 9:05
3 Ype Smid Hylpen 9:14
4 Cor Jongert Ilpendam 9:16
5 Sikke Dijkstra Koarnjum 9:16
6 Durk van der Duim Wergea 9:32
7 D. Groenendal Ulrum 9:33
8 J. Dijkveld Stol Liens 9:33
9 S. Kooistra Wergea 9:34
10 S. Koen De Knipe 9:36

Fan 'e 339 toertochtriders dy't yn 1933 oan 'e Fyfde Alvestêdetocht meidiene, hellen 321 de einstreek. Under harren wiene alle alve froulju dy't meidiene. Foar it earst wie der ek in bûtenlanner dy't de toertocht útried, de Amerikaan fan Dútsk komôf Süssdorf, dy't by de Fjirde Alvestêdetocht yn 1929 noch opjaan moatten hie. Der wie ek foar it earst in bûtenlânske frou dy't in Alvestêdetocht útried, te witten de Belgyske keunstrydster Yvonne de Ligne.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dohle, Max, Hoe een Vlaamse IJsliefde Bekoelde, op Historiek.net, 8 febrewaris 2014.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Alvestêdetocht
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht