Yvonne de Ligne

Ut Wikipedy
Yvonne de Ligne
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Yvonne de Ligne
nasjonaliteit Belgysk
bertedatum 18 maaie 1902
berteplak Brussel (Belgje)
stjerdatum 1952
stjerplak ûnbekend
etnisiteit Flaamsk
sportive ynformaasje
sport keunstriden
O.S. Lake Placid 1932
Garmisch-Partenkirchen 1936
debút 1929
karriêre-ein 1936

Yvonne de Ligne (berne as: Yvonne Geurts; Brussel, 18 maaie 1902[1] – ?, 1952) wie in Belgysk keunstrydster fan Flaamsk komôf. Se die twaris mei oan 'e Olympyske Winterspullen en teffens wie se de earste frou dy't de Alvestêdetocht útried. Se waard lykwols bekender trochdat se de moard op har man bewurkmastere, dy't in Belgysk fersetsheld wie. Dêrfoar waard se feroardiele ta in lange finzenisstraf, dy't se net útsiet om't se siik waard en stoar.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sportkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ligne naam as keunstrydster diel oan 'e ûnderdielen frouljus-inkel yn alle grutte wedstrydeveneminten tusken 1929 en 1936, mei dêrûnder Jeropeeske kampioenskippen, wrâldkampioenskippen en Olympyske Winterspullen. Har bêste prestaasjes wiene in sechsde plak op 'e wrâldkampioenskippen fan 1929 en 1932 en de Winterspullen fan Lake Placid, yn 1932, en in fyfde plak op 'e Jeropeeske kampioenskippen fan 1933. Datselde jiers (1933) wie De Ligne de earste bûtenlânske frou dy't (by de fyfde edysje) in Alvestêdetocht útried.[2]

Houlik en moard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ligne wie troud mei de Belgyske hurdrider Charles de Ligne, mar harren houlik wie tige ûngelokkich. Har man, dy't op it mêd fan sport net botte bejeftige wie, rekke ûnder de Twadde Wrâldoarloch behelle yn it Belgysk ferset. Hy spile û.m. in rol by it ferbergjen en nei neutraal gebiet smokkeljen fan delsketten Alliëarde piloaten. Yn dyselde tiid rekke Yvonne de Ligne fereale op 'e yn Antwerpen wenjende Nederlânske keunstrider Jacob Hartog, mei wa't se in oerhuorrige relaasje krige. Doe't se op 'e die trappearre waarden troch Charles de Ligne, wâde dy Hartog it hûs út.

Neitiid sinde Yvonne de Ligne op wraak. Yn novimber 1944 lokke se har man mei nei harren fakânsjehúske op it plattelân, dêr't se opwachte waarden troch in Armand Michiels. Dat wie in lid fan it Belgysk ferset dy't De Ligne wiismakke hie dat har man temûk mei de Dútskers kollaborearre. Michiels skeat Charles de Ligne dea mei in Dútsk wapen, sadat it liek as wied er troch de Gestapo om hals brocht. De moard kaam lykwols út, en yn 1946 waard De Ligne dêrfoar ta fyftjin jier finzenisstraf feroardiele, wylst de bedragene Michiels trije jier krige. Nei seis jier waard Yvonne de Ligne yn 1952 frijlitten om't se litte oan tuberkuloaze, dêr't se koarte tiid letter oan ferstoar. Se wie doe 44 jier âld.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pour d'assises du Brabant - une sportive criminelle, L'acte d'accusation Quatre inculpés, La Libre Belgique, 26 maart 1946.
  2. Dohle, Max, Hoe een Vlaamse IJsliefde Bekoelde, op Historiek.net, 8 febrewaris 2014.