Baarn
Baarn | |
---|---|
Brink fan Baarn, lofts it gemeentehûs | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Mark Röell (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Baarn |
grutste plak | Baarn |
ynwennertal | 24.870 (31 jannewaris 2022) |
befolkingstichtens | 1764 / km² |
oerflak | 33,01 km² |
● wêrfan lân | 32,54 km² |
● wêrfan wetter | 0,47 km² |
tal doarpen | 3 |
ferkearsieren | , , |
skiednis | |
oprjochte | 14e iuw |
oar | |
netnûmer | 035 |
postkoade | 3740-3744 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.baarn.nl |
Baarn is in gemeente en plak yn de provinsje Utert oan de rivier de Iem. De totale gemeente hat 24.870 (2022) ynwenners en in oerflak fan 33,03 km² (wêrfan 0,46 km² wetter). In ynwenner fan Baarn wurdt in Baarnaar neamd, en immen dy't berne en sibbe is yn Baarn wurdt in Barinees neamd.. Sûnt 6 septimber 1948 oant 30 april 1980 wie Baarn in keninklike residinsje trochdat Keninginne Juliana dêr residearde, omdat hja folslein wenne op Paleis Soestdyk dat yn de Gemeente Baarn leit.
Geografy
De gemeente leit yn it noarden fan de provinsje Utert tsjin de grins fan Noard-Hollân oan en oan de rivier de Eem. De gemeente grinzget yn it noarden oan Eemnes, yn it noardeasten oan Bunschoten, yn it easten oan Amersfoart, yn it súdeasten oan Soest, yn it suden oan Seist, yn it súdwesten oan De Bilt, yn it westen oan Hilfertsom (NH) en yn it noardwesten oan Laren (NH).
Wiken en buerten
Kearnen
Wiken
- Sintrum (Baarn)
- Professoarebuert
- Komponistebuert
- Zandvoort
- Reade Doarp
- Easterhei
- Nije Oosterhei
- Iemdal
- Seeheldebuert/Schoonoordpark
- Nij-Baarn
- Pekingpark
- Emmapark
- Amaliapark
- Wilhelminapark
- Prins Hendrikpark
- Blommebuert
- Steatsliedebuert
- Skilderswyk (Baarn)
- Noardskyl
- Túndoarp
- Heech Baarn
Skiednis
Baarn leit yn it midden fan Nederlân oan de grins fan de provinsjes Utert en Noard-Hollân, oan de ienige rivier dy't fan boarne oant mûning op Nederlânsk gebiet leit, de Iem. Al sûnt 8000 - 4500 f.Kr. hat de mins him yn de omkriten fan de rivier ophâlden. It bewiid hjirfoar is levere troch inkele tûzenen stikken fjoerstien dy't by in fjouwertal ûndersiken fûn binne.
De oarsprong fan it doarp Baarn leit yn de 12e iuw. Destiids waarden de besteande doarpen te lyts, mei trochr de krústochten, de hannelsbetrekkingen mei oare regio's en de groei fan de befolking. Trochdat elk doarp yn syn eigen behoeften foarseach, moast it omlizzende gebiet grut genôch wêze foar branje en om it fee weidzje te kinnen. Om de 12e iuw ûntstienen nije delsettings, wêrûnder nei alle gedachten ek Baarn. De earste delsetting, dy't yn de omkriten fan de Leestrjitte lei, sil út heechút in tweintichtal pleatsen bestien hawwe. Pas yn de 14e iuw ferskoot de kearn fan it doarp rjochting de Brink, wêr't yn de earste helte fan dy iuw de Paulustsjerke boud is.
De oarsprong fan de namme 'Baarn' is wat ûnwis. Meast oannimlik is dat in nei in plak ferwiist mei in soad branje. Fergelykje Barneveld: 'in fjild dêr't in soad branje te heljen is'. Klinkermetatesis soarget foar omdraaiing fan de r en de a: brânen wurdt baarnen.
± 1350 ferlient de biskop fan Utert de ynwenners fan Baarn stêdsrjochten, it rjocht fan selsbestjoer oan it doarp. It rjocht fan poarterij haft Baarn nea krigen. Baarn hat dêrom nea in muorre of wâl om it doarp hinne hân.
Om 1500 hie Baarn njoggenhûndert ynwenners. In daling is te sjen yn 1633 doe't der by de telling ûngefear 650 minsken wennen. Dizze daling hie te krijen mei oarloggen. In echte groei ûntstie tusken ein 1780 - 1830. Doe telde Baarn sa'n 1800 ynwenners. Der kamen fabriken en boude der arbeidershuzen by. Sa fêstige him yn 1802, oan de Haadstrjitte, it tapytfabryk fan Scherenberg. Yn 1807 hie it fabryk sa'n trijehûndert wurknimmers yn tsjinst. Ek fêstigen har spinskoallen yn Baarn en Soest. Yn in lettere periade begûn patissery De Ruyter oan de Brinkstrjitte 25-27 mei de fabrikaazje fan stampte mûskes.
Yn de Gouden Iuw, fan 1600 - 1672, stie Amsterdam sintraal yn de ûntwikkeling fan Baarn. Baarn wie fegelike mei it grutte Amsterdam mar in doarp, mar wol in oantreklik doarp foar haadstêdlike keaplju en patrysjers. Se lieten oant fier yn de achttjinde iuw wylderige simmerferbliuwen en jachthuzen bouwe op grutte stikken lân yn Baaarn. Lykas it lustslot 'Soestdyk', tusken 1674 en 1678 boud troch de Amsterdamske boargemaster Cornelis de Graeff, de bûtepleats Groeneveld en ek hofstee 'De Eult', omtrint 1640 boud troch de Amsterdamske boargemaster Johan Bicker op in stik grûn oan de dyk nei Soest. It neamen wurdich is ek de bûtenpleats Pijnenburg, in ûntwerp fan arsjitekt Philips Vingboons, boud yn 1647 foar de rike widdo Sara de Wael.
De pleatslike middenstân wreide tige út middels winkellju, meubelmakkers, blommisten, klean- en skuonmakkers. Se eatlearden harren produkten en sa ûntstie in nij ferskynsel: de winkelstrjitte. Alde wenstrjitten as de Laanstrjitte, Brinkstrjitte, Nijstrjitte en Nij Baarnstrjitte krigen in winkelfunksje. De Laanstrjitte is yn 1876 neamd nei de earste boargemaster fan Baarn, mr. J.C.G.C. Laan.
Nei de oanlis fan it spoar Amsterdam-Amersfoart (Goailine) yn 1874, krige Baarn in spoarstasjon, it Stasjon Baarn, en dêrtroch naam de hannel en yndustry ta en waard Baarn fan in agrarysk doarp in filladoarp. In soad begoedige minsken, meast út Amsterdanm wei, kamen hjir simmerdeis of it hiele jier troch wenjenb en lieten grutte huzen op grutte kavels sette, krektas yn oare plakken fan It Goai. In soad famyljes dy't yn it bûtenlân (Ynje) ryk wurden wienen, keazen Baarn as harren lêste ierdske wenoarde. Hjir koenen se yn alle rêst, midden tusken de greiden en heidefjilden, genietsje fan harren lêste libbensjierren. Dat joech Baarn de makabere bynamme “it griene grêf”. Baarn krige sels in drok besocht badhotel, dat troch de ferneamde arsjitekt Berlage yn 1887 boud waard (útsein it yn 1984 wer sloppte tuorke).
Nei 1945: Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen foar in oantal filla's, flats en bungalows yn it plak. Mar noch altyd is, wanneljend troch de doarpskearn en de leanen fan 'Heech Baarn' te sjen dat Baarn in soad fan syn alde sjarmes bewarre hat en minsken der graach wenje.
It gemeentewapen fan Baarn is yn heraldyske termen: 'in gouden biskop op in fjild fan azuer (giel op blau)'. It is in foarstelling fan Sint Nikolaas, de patroan fan de midsiuwske leauwensmienskip, it kerspel of parochy. De skiednis fan dit wapen giet werom oant de 14e iuw, doe't Baarn stêdsrjochten krige. Men fynt it wapen op de âldste stedssegels. It wapen waard yn 1818 by Keninklik beslút offisjeel fêststeld.
It oarspronklike wapen wie mear as hûndert jier ferfongen troch in oar wapen, dat in man mei in stegerjend hynder oan de leie foarstelde. Dit wapen waard yn 1867 oannomd, by de gearfoeging fan Baarn en de Vuursche ta ien gemeente. It duorre oant 1969 foar't it Baarnse gemeentebestjoer besleat it âlde wapen yn eare te werstellen, wat dêrnei offisjeel fêststeld waad troch de Hege Ried fan Adel, dy't oer ditsoarte saken beslist.
It besjen wurdich
- Paleis Soestdyk
- Kastiel Groeneveld
- It Amaliapark
- De Brink
- Paulustsjerke
- Hillige Nikolaastsjerke
- Gemeentehûs fan Baarn
- Treinstasjon mei Keninklike wachtkeamer
- Cantonspark
- Hartekamp yn it Boskje fan IJzendijke
- Lage Vuursche en kastiel Drakestein
- Nille fan Waterloo
- Heech Baarn om de soad moaie filla's dy't Baarn ryk is
- De Pekingtún
- It âlde gemeentehûs
- Wettertoer
Bekende ynwenners
Berne
- Henriëtte de Beaufort (13 oktober 1890 - 26 maart 1982), skriuwster
- Plien van Bennekom (20 maart 1971), kabaretiêre
- Fanny Blankers-Koen (26 april 1918 - 25 jannewaris 2004), atlete en Olympysk winnares
- Piet Esser (9 maart 1914 - 19 novimber 2004), byldhouwer
- Bob Fosko, alias Geert Timmers (4 oktober 1955), muzikant, tekstskriuwer, akteur, resensint, producer, presintator, stim en programmamakker
- Hans Gispen (11 augustus 1905 - 16 juny 1968), politikus (ARP, minister), amtner en topfunksjonaris (Organon)
- Maria Kraakman (5 augustus 1975), aktrise
- Fred Lammers (1937), royaltykenner
- Irene van Lippe-Biesterfeld (5 augustus 1939), prinsesse
- Vincent Moes (17 maaie 1973), akteur
- Albert Muis (1914-1988), keunstner
- Dustley Mulder (27 jannewaris 1985), fuotballer
- Beatrix fan Nederlân (31 jannewaris 1938), keninginne fan Nederlân sûnt 1980
- Christina fan de Nederlannen (18 febrewaris 1947), prinsesse
- Tineke de Nooij (27 april 1941), presintatrise
- Martin van Rhee (2 july 1976), Nederlânsk kampioen Masters biljert artistyk (keunststjitten) eareklasse 2009
- Marlayne Sahupala, eigentlik Marleen van den Broek (1 july 1971), sjongster en presintatrise SBS 6
- Adri Schipper (10 juny 1951), hurdfytser
- Petra Sijpesteijn (2 febrewaris 1971), heechlearaar Arabyske taal en kultuer oan de Universiteit Leien
- Marian Visser van Klaarwater (19 oktober 1952), auteur en ûndersykssjoernalist
- Yorick van Wageningen (24 juny 1964), akteur
- Diederik van Weel (28 septimber 1973), hockeyinternational
- Michiel Wijsmuller (15 maaie 1950), foarsitter Amsterdamske haven
Ferstoarn
- Augusta de Wit (25 novimber 1864 - 9 febrewaris 1939), romanskriuwster
- Bauke Roolvink (1912 - 1979), Nederlânsk politikus.
Wenjend
- Annette Barlo (1974), aktrice en presintatrise
- Fred Butter (1957), musicalsjonger en akteur
- Ben Cramer (1947), libbenslietsjonger en musicalsjonger
- Joop van den Ende (1942), telefyzje- en teäterprodusint
- Marijke Helwegen (1948), presintatrise en entertainster
- Mariska Hulscher (1964), presintatrise en coach
- Jeroen van Koningsbrugge (1973), akteur, presintator, kabaretier en sjonger
- Peter Lusse (1959), akteur en kabaretier
- Victor Muller (1959), ûndernimmer
- Marlayne Sahupala (1971), sjongster en presintatrise (ek berne)
- Tineke Verburg (1956), omropster en presintatrise
- Pia Douwes(1964), musicalsjongster
Earder wenjend
- Ferdinand Folef d'Aulnis de Bourouill (1850-1925), boargemaster fan Baarn fan 1897 - 1916
- Lodewijk van Deyssel, skûlnamme fan Karel Joan Lodewijk Alberdingk Thijm (1864-1952), skriuwer
- Maurits Cornelis Escher (1898-1972), wrâldferneamd grafikus (wenjend fan 1941 - 1970)
- Johan Hendrik Willem Leliman (1878-1921), arsjitekt fan û.o. filla's yn It Goai (wenjend fan 1917 - 1921)
Keninklik hûs:
- Kroanprinsesse Beatrix (1938) mei har húshâlding, wenjend op kastiel Drakensteyn yn Lage Vuursche
- Eardere keninginne Juliana (1909-2004) en frou fan prins Bernhard (1911-2004), wenjend op Paleis Soestdyk yn Soestdijk oant harren ferstjerren.
-
Meander-Baarn sikehûs
-
Meander-Baarn sikehûs
-
byldsje gemeentehûs
-
Amaliapark
Keppeling om utens
Baarn | ||
---|---|---|
Stêden: Baarn • Eembrugge | ||
Doarpen: Lage Vuursche • De Vuursche | ||
Buorskippen: Hooge Vuursche • Soestdyk | ||
· · |
Utert | |
---|---|
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden | |
· · |