Springe nei ynhâld

Paulustsjerke (Baarn)

Ut Wikipedy
Paulustsjerke, rjochts it gemeentehûs

De Paulustsjerke is in fan oarsprong romaansk tsjerkegebou mei letter tafoege goatyske eleminten yn Baarn.

De tsjerke waard om 1395 boud en wie oant 1580 in roomsk-katolike tsjerke. Hy stiet op it heechste punt fan de buorren oan de Brink. Der kinne yn 2008 600 minsken yn de tsjerke dy't op de monumintelist fan Baarn stiet as it âldste monumint. It achthoekige doopfont, fersierd mei fjouwer koppen, is nei alle gedachten it symboal fan de fjouwer streamen fan it paradys: Tigris, Eufraat, Nijl en Ganges.

Paulustsjerke efter de muzyktinte
Tsjerkedoar oan de foarkant
Efterkant Paulustsjerke

Oant 1580 wie it in roomske tsjerke en foel ûnder de Utertske Paulusabdij, krektas de tsjerke fan Soest. Yn de krystnacht fan 1580 waard it oernomd troch de herfoarmen, yn opdracht fan de Steaten fan Utert. De roomske parochy wie wijd oan de hillige Nikolaas, de herfoarme gemeente hie Paulus as patroan. Yn de 15e iuw is it prysterkoar fergrutte mei in trijesidige oanbou. Tagelyk waard doe it skip oant neist de toer trochlutsen en de toer waard ferhege oant it hjoeddeiske part mei de galmgatten. Letter, yn de 16e iuw, ferriisde njonken it koar in konsistoarje. Yn 1638 kaam der in twadde beuk neist de tsjerke en krige de toer de hichte dy't er no hat. Nei stoarmskea binne der yn de 18e iuw reparaasjewurksumheden dien.

Oant 1 jannewaris 1829 waarden alle Baarnse ferstoarnen om de Herfoarme tsjerke begroeven, ek de roomsken. De riken woenen leafst yn de tsjerke of sa ticht mooglik by de tsjerke begroeven wurde. Dit hie as gefolch dat it frijwat rûke koe (rike stjonkerts). Der kamen skuorren yn de flierren dy't dêrnei fersakken. Fanwegen de ûntbiningslucht fan de deade lichems waard it begraven yn de tsjerke ferbean. De herfoarmen en de roomsken krigen dêrnei in eigen tsjerkhôf. Hjoed de dei binne noch dielen fan de grêfmonuminten yn de tsjerke te sjen. Fan it tsjerkhôf bûten de tsjerke is neat mear oer. Mei't it begraafplak bûten de tsjerke wie, miste it hjirtroch ynkomsten. Men betelle no net mear de tsjerke, mar de gemeente. Dêrom kaam der in oerienkomst tusken de tsjerke en de gemeente. De gemeente moast de tsjerke jierliks ƒ 21,40 betelje. Op 30 jannewaris 1914 waard dy oerienkomst ôfkocht mei ƒ 250,00. Trochdat it begraafplak te fol waard kocht de tsjerke yn 1919 grûn fan keningin-regintesse Emma om in nij algemien begraafplak te meitsjen. Dat kaam oan de Torenlaan.

Yn de 17e iuw kaam der in hoftsjerkebank, spesjaal foar steedhâlder Willem III dy't yn Soestdyk wenne. Prinses Juliana wie de lêste dy't yn de bank sitten hat as keninklik lid. Allinnich as it drok is meie der leauwigen yn de bank sitte, oars wurdt de bank frijhâlden foar in lid fan it keninklik hûs dat eventueel yn de tsjerke komt.

Resinte restauraasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1995 krige it oargel, yn 1959 boud troch D.A. Flentrop Zaandam, grut ûnderhâld en weryntonaasje. Yn 2008 en 2009 wurdt de yntonaasje oanpast en wurde inkele disposysjewizigings trochfierd, wêrby't bewust gjin rekken hâlden is mei it oant dan goed bewarre klankbyld. Yn 2005 waarden yn opdracht fan de gemeente de wizerplaten fan de fjouwer oerwurken op de toer restaurearre. Hjirby waard de roast fan de platen helle, de kleuren ophelle en it blêdgoud ferfongen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: