Springe nei ynhâld

Nille fan Waterloo

Ut Wikipedy
Nille fan Waterloo
Keningsleane

De Nille fan Waterloo is in monumint út 1815 yn Baarn by Soestdyk, ûntwurpen troch de arsjitekt Abraham van der Hart. De obelisk fan 37 meter heech stiet oan de wei tusken Soest en Baarn en oan de ein fan de Keningsleane oan de râne fan de Baarnske Bosk. Prins Willem III liet dizze leane oanlizze om 1674 hinne. Ut paleis Soestdyk wei koe er sa de nille stean sjen. It monumint wurdt de 'Baarnse Naald' neamd en is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst). Earder stienen der ek twa kanonnen by de obelisk opsteld.

De Nille fan Waterloo waard oprjochte ta eare fan Willem Freark, prins fan Oranje, de lettere kening Willem II. Hy sloech yn 1815 as earste de oanfal fan de Frânsen by Brussel (Quatre Bras) ôf, en hâlde sa lang stân dat de alliearden ûnder lieding fan de Ingelske oerbefelhawwer Wellington op tiid kamen om de Frânske keizer Napoleon yn de Slach by Waterloo te ferslaan.

Oan de iene kant fan it monumint stiet 1815 yn Arabyske sifers, oan de oare kant stiet it yn Romeinske sifers. As tekst stiet der yn it Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Latyn te lêzen: Ter ere van Willem Frederik George Lodewijk, Prins van Oranje, 16 juni 1815, die de aanval wederstond van de Frânsen bij Quatre Bras en zo de overwinning voorbereidde bij Waterloo, waardoor Neerlands onafhankelijkheid bleef bestaan. Het dankbare Vaderland.