Springe nei ynhâld

Abraham van der Hart

Ut Wikipedy

Abraham van der Hart (Amsterdam, 1747 - dêre, 1820) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Fan 1777 ôf oant syn dea yn 1820 wie Van der Hart stedsboumaster fan Amsterdam. Hy realisearre yn dy tiid ferskate grutte wurken, lykas it Maagdenhuis en it Nieuwe Werkhuis, beide útfierd yn in klassisistyske styl. Ek waarden ûnder syn lieding yn 1829 twa Amsterdamske tuorren sloop dy't frijwat beskiedend foar it oansjen fan de stêd wiene. Dat wiene de Jan Roodenpoortstoer en de Haringpakkerstoer. Der binne plannen om de Haringpakkerstoer op 'en nij te bouwen. Van der Hart hat fanwege partikulieren in tal steatlike patrysjerswenten ûntwurpen. Dy binne fral te finen yn Amsterdam en Haarlim. Foarbylden yn Haarlim binne it Hûs Hodshon en Hûs Barnaart. Van der Hart waard as stedsboumaster opfolge troch Jan de Greef.

List mei sy wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]