Túndoarp Baarn
Appearance
Túndoarp is in nijbouwyk fan Baarn. It leit tusken de Iem en de wyk Iemdal VI. De wyk is yn ien kear boud en waard yn 1999 offisjeel iepene. De wyk wurdt yn de folksmûle ek wol Ikeadoarp neamd. De huzen binne ûnder arsjitektuer boud en hawwwe blauwe kezinen en giel stiennen muorren mei brune lagen deryn, lykas yn spekkoeke. It túndoarp is symmetrysk opsetten om in heale fiver hinne. De strjitnammen binne Regenboog, Horizon en Kim.