Mariska Hulscher

Ut Wikipedy
Mariska Hulscher yn 1996

Mariska Hulscher, famkesnamme Anna Margaretha (Mariska) van der Klis (Delft, 8 maart 1964) is in Nederlânske presintatrise fan telefyzjeprogramma's. Op it heden is hja ek coach, dy't har taleit op relaasje- en skiedingsbegelieding. Njonken boppeneamd wurk skriuwt Hulscher ek kollums foar in ferskaat oan blêden.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oplieding en wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it heljen fan har vwo-diploma studearre Hulscher rjochten oan de Universiteit Leien (doktoraaleksamen 1989). Dêrnei gie hja oan de gong as manager sales en marketing. Teffens hat hja in skoft haad- en einredakteur fan ferskate konsuminteblêden west.

Fons van Westerloo ûntduts har as mooglik telefyzjetalint. Hulscher presintearre dêrnei programma's foar RTL 4 en RTL 5, gie oer nei Veronica en bedarre 1998 by de NCRV. In 2002 gie hja werom nei RTL 4. Sy presintearre dêr fan 2002 oant 2006 it moadeprogramma 'LookingGood' en yn 2006 'Met Grenzeloze Ambitie' foar RTLZ. Sûnt 2009 is Hulscher ien fan de presintatoaren fan "Bedrijf in Beeld" op RTL 7. Yn 2012 brocht hja "Het Familieportret" op RTL 4. Hulscher is wilens selsstannich relaasjecoach yn Baarn en publisearre yn maaie 2009 har earste coachingsboek "Ja, ik wil!". Sportdûken is in hobby fan har.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hulscher wie fan 1993 oant 2002 troud mei Bert Hulscher.[1][2][3] Sy krigen tegearre twa dochters. Nei in ferhâlding mei in projektûntwikkelder, troude hja 2 juny 2006 op 'en nij. Doe mei regisseur Ary Schouwenaar, mar dat houlik duorre mar twa moannen.[4] De media fûnen it in skande; fral Hulscher waard as skuldige oanwiisd. Yn 2009 ferklearre Hulscher dat hja om de ferkearde redenen mei Schouwenaar boaske wie en dat it har neitiid muoide.

Programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Lijn 5 (1994, RTL 5)
  • Het Staatslot op Locatie (1994, RTL 4)
  • 't Is Me Ook Wat Moois (1995, RTL 5)
  • Mariska (1995-1996, Veronica)
  • De BankGiroLoterijRace (1996-1997, Veronica)
  • Veronica Goes Latin (1996, Veronica)
  • Rechtbank deze Week (1997, RTL 5)
  • Gestrand (1998-1999, NCRV)
  • Police, camera, action (1998, NCRV)
  • Ja, Natuurlijk - Vogelparadijzen (1998, NCRV)
  • Hoera, een Kind!? (1999-2000, NCRV)
  • De Jury (1999-2000, NCRV)
  • Galaprogramma 75 Jaar NCRV (1999, NCRV)
  • Wat zegt de Wet? (2001, NCRV)
  • Stop de tijd (2001, NCRV)
  • De Mooiste Plek van Nederland (2001-2002, NCRV)
  • Looking Good (2002-2006, RTL 4)
  • De Ideale Man (2004, Yorin)
  • Met Grenzeloze Ambitie (2006, RTL 7)
  • Bedrijf in Beeld (2009-heden, RTL 7)
  • Het Familieportret (2012-heden, RTL 4)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Na negen jaar huwelijk en twee kinderen, zou ze toch voor een ander hebben gekozen, VAART! - SOFA, 31 jannewaris 2002
  2. Het nieuwe leven van Mariska Hulscher, De Telegraaf, 22 augustus 2002
  3. Eerste echtgenoot steunt Mariska Hulscher, NU.nl, 1 septimber 2006
  4. Huwelijk Mariska Hulscher na 2 maanden voorbij, NU.nl, 2 augustus 2006