Marlayne Sahupala

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marlayne Sahupala
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Marlayne Sahupala.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marleen Sahupala-Van den Broek
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 1 july 1971
berteplak Baarn (Utert)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, nijslêzeresse,
sjongster
medium tillefyzje
wurksum by SBS
bekend fan Hart van Nederland
Shownieuws
jierren aktyf 2003 – no
offisjele webside
www.marlayne.nl

Marlayne Sahupala (berne as: Marleen van den Broek; Baarn, 1 july 1971) is in Nederlânsk presintatrise en nijslêzeresse, dy't har karriêre yn 'e njoggentiger jierren úteinsette as sjongster. Yn 1999 fertsjintwurdige se Nederlân op it Eurofyzjesongfestival ûnder de artystenamme Marlayne. Fanôf 2002 wurket se benammen as presintatrise, wêrby't se fral bekend wurden is as nijslêzeresse fan Hart van Nederland en Shownieuws, beide op SBS6. Dernjonken hat Marlayne ek ferskate realitytillefyzjeprogramma's presintearre.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marlayne waard yn 1971 berne yn Baarn, as de dochter fan Rein van den Broek, in bekend trompettist dy't û.m. diel útmakke hat fan 'e groep Ekseption. Marlayne folge in konservatoariumoplieding sang en lichte muzyk, wêrfoar't se cum laude slagge is.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al ier begûn Marlayne oan in karriêre as sjongster, wêrby't se yn 't earstoan fral yn eftergrûnkoarkes song, lykas de Frogettes, dy't sjonger René Froger begelaten. Letter begûn hja ûnder de artystenamme Marlayne (in Ingelske stavering fan har eigentlike namme Marleen) oan in solokarriêre. Yn 1994 song hja de iepeningsmeldij fan it programma Koffietijd! yn, en yn 1999 briek se troch doe't se mei it nûmer One Good Reason it Nasjonaal Songfestival wûn. Letter dat jiers fertsjintwurdige se Nederlân op it Eurofyzjesongfestival yn Jeruzalim, dêr't se in dield achtste plak behelle.

Neitiid naam Marlayne in nije cd op, mei as titel Meant to Be, dy't yn 2001 útkaam. Datselde jiers trede se mei Hans Vermeulen en de groep City to City op yn it muzykprogramma De Vrienden van Amstel LIVE, dêr't se mei Vermeulen û.m. it nûmer The Alternative Way song. Ek naam se yn 2001 noch in nûmer op mei Gordon, dat in beskieden hit waard.

Tillefyzjekarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanôf 2002 ferlei Marlayne har karriêre grutdiels nei de tillefyzje, en waard se presintatrise by de stjoerder SBS6. Dêr waard hja fral in bekend gesicht troch har wurk as nijslêzeresse fan it programma Hart van Nederland. Fan 2003 oant 2012 presintearre se dêrnjonken ek de lette edysje fan Shownieuws. Fierders presintearre se noch ferskate oare SBS6-realityprogramma's, wêrûnder yn 2005 Rommel of Rijkdom, yn 2006 it ferfolch dêrop, Rommel of Rijkdom: Van Rommelzolder tot Droomhuis, yn 2007 De Afvallers met Sterren, yn 2010 Huizenjacht en yn 2011 Afvallers XXL.

Njonken har wurk foar SBS presintearret Marlayne ek programma's foar de regionale stjoerder Radio Utrecht. Boppedat toerde hja yn 2005 mei Hans Vermeulen, Rocq-e Harrell en Robert Walker mei in troch har man Danny Sahupala regisearre muzikaal teäterprogramma by de Nederlânske skouboargen lâns.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marlayne troude op 26 juny 1998 yn har berteplak Baarn mei de drummer Danny Sahupala, dy't fan Moluksk komôf is. Yn 2009 krigen hja in dochter.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.