Springe nei ynhâld

Peter O'Toole

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 feb 2023 om 17.40 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Peter O'Toole
akteur
Peter O'Toole yn 1968.
Peter O'Toole yn 1968.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Seamus Lorcan O'Toole
nasjonaliteit Britsk
Iersk
berne 2 augustus 1932 (?)
berteplak Connemara (Ierlân) (?)
Leeds (Ingelân) (?)
stoarn 14 desimber 2013
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Iersk
Skotsk
jierren aktyf 19542012
prizen Oscar 2003
BAFTA 1963
4 × Golden Globe
Emmy Award 1999
offisjele webside
Peter O'Toole yn 'e IMDb

Peter O'Toole (folút: Peter Seamus Lorcan O'Toole; Connemara (Ierlân), 2 augustus 1932Londen, 14 desimber 2013), wie in Iersk-Britsk akteur, dy't bekend stie om syn felblauwe eagen. Hy begûn syn karriêre yn it Britske teäter, dêr't er namme makke as Shakespeare-fertolker. By it grutte publyk en bûten it Feriene Keninkryk waard er lykwols ferneamd troch syn wurk as filmakteur. Fral syn titelrol as T.E. Lawrence yn 'e histoaryske film Lawrence of Arabia makke him ta in filmstjer. Yn syn karriêre wûn er fjouwer Golden Globes, in BAFTA, in Emmy en in Oscar, wylst er fierders noch acht oare kearen foar in Oscar nominearre waard. Yn 2012 joech er it aktearjen deroan.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O'Toole waard berne yn 1932. Guon boarnen jouwe as syn berteplak Connemara, yn County Galway, yn Ierlân, wylst oaren úthâlde dat er te wrâld kaam yn it Ingelske Leeds. O'Toole sels wie net wis fan syn berteplak of -datum; yn syn autobiografy skreau er dat er 2 augustus as syn jierdei beskôge, mar dat er sawol in Iersk as in Britsk bertesertifikaat hie, en dat er neffens it Ierske berne wie yn juny 1932. O'Toole wie de soan fan Patrick Joseph O'Toole, byneamd "Spats", in Iersk metaalarbeider, fuotballer en bookmaker op in hurddraversbaan en dy syn frou Constance Jane Eliot Ferguson, in Skotsk ferpleechster.

O'Toole waard grutbrocht as lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en genoat syn leger en middelber ûnderwiis oan roomske skoallen, dêr't er troch de nonnen tirannisearre waard om syn loftshandichheid ôf te learen. Nei't er fan skoalle gien wie, wurke er as sjoernalist yn oplieding en fotograaf foar de krante de Yorkshire Evening Post, oant er oproppen waard foar syn tsjinstplicht en seinder yn 'e Britske Keninklike Marine waard. Nei syn tsjinsttiid folge O'Toole fan 1952 oant 1954 in oplieding oan 'e Royal Academy of Dramatic Art (RADA) te Londen, nei't er ôfwiisd wie troch de toanielskoalle fan it Abbey Theatre yn 'e Ierske haadstêd Dublin om't er de Ierske taal net machtich wie.

O'Toole sette mei syn karriêre as akteur útein op it toaniel. Hy makke namme as Shakespeare-fertolker yn it Bristol Old Vic en as lid fan it toanielselskip de English Stage Company. Yn 1954 makke er syn debút op 'e tillefyzje, en yn 1959 op it wite doek, mei in lyts roltsje yn 'e Britske film The Day They Robbed the Bank of England. Hy briek yn 1962 troch mei syn rol as de Britske legerofsier en aventoersman T.E. Lawrence yn regisseur David Lean syn masterwurk Lawrence of Arabia. Foar dy rol waard er trouwens pas útkeazen doe't bliken die dat Marlon Brando oare ferplichtings hie, en nei't Albert Finney derfoar betanke hie.

Peter O'Toole as T.E. Lawrence, yn Lawrence of Arabia.

Foar syn rol yn Lawrence of Arabia waard O'Toole foar it earst nominearre foar in Oscar, en yn 'e jierren dy't folgen, soed er noch sânris sa'n nominaasje yn 'e wacht slepe, foar rollen yn 'e films Becket (1964), The Lion in Winter (1968), Goodbye, Mr. Chips (1969), The Ruling Class (1972), The Stunt Man (1980), My Favorite Year (1982) en Venus (2006). Eltse kear gie de oerwinning lykwols oan him foarby. Pas yn 2003 krige er in eare-Oscar útrikt foar syn hiele oeuvre. O'Toole is trouwens ien fan mar in pear akteurs dy't foar deselde rol mear as ien kear nominearre binne foar in Oscar: hy spile kening Hindrik II fan Ingelân sawol yn Becket as yn The Lion of Winter.

Yn dy lêste film wurke O'Toole gear mei Katharine Hepburn, en yn 1972 spile er mei Sophia Loren yn 'e film Man of La Mancha], oer de Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes en dy syn fiktive personaazje Don Quichot. Dat er ek komyske rollen oankoe, liet O'Toole sjen yn What's New, Pussycat?, út 1965. Njonken syn karriêre as filmakteur gied er ek troch mei teäter; sa stied er yn 1970 yn it Dublinske Abbey Theatre mei in rol yn Samuel Beckett syn stik Waiting for Godot. Yn 1980 spile er de rol fan 'e Romeinske keizer Tibearius yn 'e kontroversjele (want troch it neakenblêd Penthouse produsearre en foar in diel iepentlik pornografyske) film Caligula. Hy wûn de prestizjeuze Britske Laurence Olivier Award foar syn optreden yn Jeffrey Bernard is Unwell (1989), en in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn rol yn 'e minysearje Joan of Arc (1999).

De lêste tsien jier fan syn wurkpaad spile O'Toole fral lytsere roltsjes, lykas presidint Paul von Hindenburg fan 'e Weimarrepublyk yn Hitler: The Rise of Evil (2003), de Romeinske keizer Augustus yn Imperium: Augustus (2003), de Trojaanske kening Priamos, yn 'e film Troy (2005), de âldere Giacomo Casanova yn 'e BBC-tillefyzjesearje Casanova (2005), en paus Paulus III yn 'e histoaryske dramasearje The Tudors (2008). Op 12 july 2012 makke O'Toole bekend dat er ophold fan aktearjen.

Peter O'Toole as kening Hindrik II fan Ingelân yn The Lion in Winter.

Yn 1959 troude O'Toole mei de Welske aktrise Siân Phillips, mei wa't er twa dochters krige, aktrise Kate O"Toole (1960) en Patricia O'Toole (19??). It houlik rûn yn 1979 út op in skieding. Phillips skreau letter yn twa autobiografyen dat O'Toole har geastlik mishannele hie, wat benammen feroarsake waard troch syn slimme alkoholisme. Teffens hied er oanfallen fan ekstreme jaloerskens doe't se him úteinlik ferliet foar in jongere minner. Neitiid krige O'Toole in relaasje mei it folle jongere model Karen Brown (al trouden hja nea), en krige mei har noch in soan, Lorcan Patrick O'Toole (1983).

Oan 'e ein fan 'e 1970-er jierren makke slimme sykte hast in ein oan O'Toole syn libben, doe't syn maachkanker by fersin oansjoen waard foar in symptoom fan syn oerynname fan alkohol. Yn 1976 waarden by in operaasje syn alfleisklier en in grut diel fan syn mage fuorthelle, wat makke dat er tenei litte oan ynsuline-ôfhinklike sûkersykte. Yn 1978 ferstoar er suver oan in bloedkrupsje. Hy bettere lykwols wer op en kearde werom op 'e planken en foar de kamera.

Wat syn politike opfettings oanbelanget, wie O'Toole yn 'e iere jierren fyftich in fûleindich tsjinstanner fan 'e Koreaanske Oarloch. Yn 'e sechstiger jierren, ûnder de Fjetnamoarloch, wied er fannijs aktyf yn 'e anty-oarlochsbeweging. Nei't der grute wurdt, waard O'Toole yn 1987 in ridderskip oanbean (dat it predikaat sir foar syn namme pleatst hawwe soe), mar sloech er dy ôf fanwegen persoanlike en politike redens. Op religieus mêd omskreau O'Toole himsels yn in fraachpetear ris as in "kristen dy't mei pinsjoen gien is".

Nei't er lang yn 'e minnichte omtoarke hie, ferstoar Peter O'Toole op 14 desimber 2013 yn 'e âlderdom fan 81 jier, yn it Wellington Hospital yn syn wenplak, de Britske haadstêd Londen. Hy liet trije bern en in pakesizzer nei.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1956 The Adventures of the Scarlet Pimpernel earste soldaat gastrol; ôfl. A Tale of Two Pigtails
1961 Rendezvous John weromkearende rol; 3 ôfl.
1968 Present Laughter Garry Essendine tillefyzjefilm
1980 Strumpet City James Larkin minysearje
1981 Masada tribún Cornelius Flavius Silva minysearje
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
1982 Man and Superman Jack Tanner tillefyzjefilm
1983 Pygmalion prof. Henry Higgins tillefyzjefilm
1983 Sherlock Holmes and the Baskerville Curse Sherlock Holmes as stimakteur; tillefyzjefilm
1983 Svengali Anton Bosnyak tillefyzjefilm
1984 Kim Lama tillefyzjefilm
1986 The Ray Bradbury Theater John Hampton gastrol; 1 ôfl.
1987 The Dark Angel omke Silas minysearje
1990 Crossing to Freedom John Sidney Howard tillefyzjefilm
1992 Civvies Barry Newman tillefyzjefilm
1994 Heaven and Hell: North and South, Book III Sam Trump minysearje
1995 Heavy Weather Clarence greve fan Emsworth tillefyzjefilm
1996 Gulliver's Travels keizer fan Lilliput tillefyzjefilm
1998 Coming Home kolonel Carey-Lewis tillefyzjefilm
1999 Joan of Arc biskop Pierre Cauchon nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
1999 Jeffrey Bernard is Unwell Jeffrey Bernard tillefyzjefilm
2002 The Education of Max Bickford Sidney McKnight gastrol; 1 ôfl.
2003 Hitler: The Rise of Evil presidint Paul von Hindenburg tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan akteur yn in minysearje of film
2003 Imperium: Augustus keizer Augustus
2005 Casanova de âldere Giacomo Casanova minysearje
2008 The Tudors paus Paulus III minysearje
2008 Iron Road Lionel Relic minysearje
films
1960 Kidnapped Robin MacGregor
1960 The Savage Innocents earste plysjeman
1960 The Day They Robbed the Bank of England    kaptein Monty Fitch
1962 Lawrence of Arabia T.E. Lawrence BAFTA foar bêste Britske akteur
Golden Globe foar bêste manlike nijynkommeling
nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1964 Becket kening Hindrik II fan Ingelân nom. Oscar foar bêste akteur
nom. BAFTA foar bêste Britske akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1965 Lord Jim Lord Jim
1965 What's New Pussycat? Michael James
1965 The Sandpiper ? as stimakteur, net fermeld op 'e ôftiteling
1966 How to Steal a Million Simon Dermott
1966 The Bible: In the Beginning... de trije ingels
1967 The Night of the Generals generaal Tanz
1967 Casino Royale Skotske doedelsekspiler cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1968 The Lion in Winter kening Hindrik II fan Ingelân nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1968 Great Catherine kaptein Charles Edstaston
1969 Goodbye, Mr. Chips Arthur Chipping nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1970 Country Dance sir Charles Ferguson
1971 Murphy's War Murphy
1972 Under Milk Wood kaptein Tom Cat
1972 The Ruling Class Jack Gurney, 14e greve fan Gurney    nom. Oscar foar bêste akteur
1972 Man of La Mancha Don Quichot
Miguel de Cervantes
Alonso Quijano
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1975 Rosebud Larry Martin
1975 Man Friday Robinson Crusoe
1976 Foxtrot Liviu
1976 Rogue Male sir Robert Thorndyke
1978 Power Play kolonel Zeller
1979 Zulu Dawn Lord Chelmsford
1979 Caligula keizer Tibearius
1980 The Stunt Man Eli Cross nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
1982 My Favorite Year Alan Swann nom. Oscar foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
1983 Sherlock Holmes and the Valley of Fear Sherlock Holmes as stimakteur
1983 Sherlock Holmes and a Study in Scarlet Sherlock Holmes as stimakteur
1983 Sherlock Holmes and the Sign of Four Sherlock Holmes as stimakteur
1984 Supergirl Zaltar
1985 Creator dokter Harry Wolper
1986 Club Paradise gûverneur Anthony Cloyden Hayes
1987 The Last Emperor Reginald Johnston nom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1988 High Spirits Peter Plunkett
1989 As Long as It's Love prof. Yan McShoul
1990 Wings of Fame Cesar Valentin
1990 The Rainbow Thief prins Meleagre
1990 The Nutcracker Prince Pantaloon as stimakteur
1991 King Ralph sir Cedric Charles Willingham
1992 Rebecca's Daughters lord Sarn
1992 Isabelle Eberhardt majoar Lyautey
1993 The Seventh Coin Emil Saber
1997 FairyTale: A True Story Arthur Conan Doyle
1998 Phantoms dokter Timothy Flyte
1999 The Manor Ravenscroft
1999 Molokai: The Story of Father Damien William Williamson
2002 Global Heresy lord Charles Foxley
2002 The Final Curtain J.J. Curtis
2003 Bright Young Things kolonel Blount
2004 Troy kening Priamos fan Troaje
2005 Lassie de hartoch
2005 Mystic India voice-over dokumintêre
2006 Venus Maurice nom. Oscar foar bêste akteur
nom. BAFTA foar bêste akteur
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramafilm
nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm
nom. foar in Screen Actors Guild Award foar bêste akteur
2006 One Night with the King de profeet Samuël
2007 Ratatouille Anton Ego as stimakteur
2007 Stardust kening fan Stormhold
2008 Dean Spanley Fisk Senior
2008 Christmas Cottage Glen Wesman
2012 Eldorado ferteller
2012 Cristiada pastoar Christopher
2014 Decline of an Empire Gallus
2017 Diamond Cartel Tugboat

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.