Springe nei ynhâld

Gnomeo & Juliet

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 jan 2023 om 22.25 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gnomeo & Juliet
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kelly Asbury
produsint Baker Bloodworth
Steve Hamilton Shaw
David Furnish
senario Kelly Asbury
Mark Burton
Andy Riley
Kevin Cecil
Emily Cook
Kathy Greenberg
Steve Hamilton Shaw
basearre op Romeo en Julia fan Shakespeare
muzyk James Newton Howard
Chris Bacon
filmstudio Rocket Pictures
distribúsje Touchstone Pictures
Entertainment One Films (F.K.)
spilers
haadrollen James McAvoy
Emily Blunt
byrollen Michael Caine
Jason Statham
Maggie Smith
Ashley Jensen
Matt Lucas
Jim Cummings
Stephen Merchant
Ozzie Osbourne
Patrick Stewart
Dolly Parton
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 23 jannewaris 2011
foarm lange tekenfilm-musical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 84 minuten
budget en resultaten
budget $36 miljoen
opbringst $194 miljoen
filmsearje
filmsearje Gnomeo & Juliet
● folgjend diel Sherlock Gnomes

Gnomeo & Juliet (útspr.: ['noʊmioʊ ænd 'ʤulijet], likernôch: "noo-mi-joo en dzjû-li-jet") is in Britsk-Amerikaanske romantyske komeedzje út 2011 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre tekenfilm en musical. De film, dy't regissearre waard troch Kelly Asbury, is basearre op it ferneamde toanielstik Romeo en Julia, fan William Shakespeare. De titel is dan ek in wurdboarterij op 'e Ingelske namme fan dat stik, Romeo and Juliet, mei't de film oer libbene túnkabouters (garden gnomes) giet. Gnomeo & Juliet folget yn grutte halen de plot fan Romeo en Julia, mar hat oars as it toanielstik in lichtfuottige toan en in happy end. Akteurs James McAvoy en Emily Blunt lienden harren stimmen oan 'e haadpersoanen. Ek Michael Caine, Jason Statham, Maggie Smith, Ozzie Osbourne, Patrick Stewart, Dolly Parton en Hulk Hogan wurken oan 'e film mei. Gnomeo & Juliet waard makke troch filmstudio Rocket Pictures mei jild dat ynvestearre wie troch Disney. De film waard mei mingde resinsjes ûntfongen, mar waard in grut kommersjeel súkses.

Yn in stille wenwyk fan it Ingelske Stratford-upon-Avon wenje twa lju op jierren njonkeninoar, frou Montague en de hear Capulet, dy't inoar út noch yn net lije meie. Se hawwe allebeide har tunen opsierd mei túnkabouters en oare túnornaminten. By frou Montague hawwe de túnkabouters allegear blauwe klean oan en puntmûtsen op, wylst de túnkabouters fan Capulet yn it read útdost binne. As de beide buorlju út 'e tún weigeane, komme de túnkabouters en oare túnornaminten ta libben. De blaumûtsen fan frou Montague steane ûnder lieding fan Lady Bluebury, wylst de readmûtsen fan Capulet oanfierd wurde troch Lord Redbrick. Krekt as harren eigners kinne de blaumûtsen en readmûtsen inoar net sjen of luchtsje. Lykwols komme se gear yn 'e stege dy't efter de wenten lâns rint om in race mei gersmeaners te hâlden. Dêrby komt Gnomeo, de soan fan Lady Bluebury, út tsjin syn aartsrivaal Tybalt, de foarfjochter fan Lord Redbrick. Troch falskspyljen wint Tybalt de race, en fernielt er boppedat de gersmeaner fan Gnomeo.

Neitiid sint Gnomeo op wraak, dat dy nachts glûpt er mei syn bêste freon Benny ûnder in swarte momkape de 'reade' tún binnen. Se binne fan doel om Tybalt syn gersmeaner mei blauwe ferve te besproeien. De knoffelige Benny besproeit lykwols by fersin de saad fan 'e readmûtsen, wêrmei't er derfoar soarget dat in befeiligingssysteem alaarm slacht. Gnomeo en Benny moatte halje-trawalje flechtsje, en reitsje inoar kwyt. Gnomeo bedarret yn in oare, oangrinzgjende tún, dêr't er Juliet, de dochter fan Lord Redbrick, tsjin it liif rint, dy't ek in momkape draacht. Har doel is om út dy tún in unike orgidee te stellen. Sy en Gnomeo reitsje oan 'e praat en besykje inoar op snoade wize de orgidee te ûntfytmanjen. Ear't se de tún ûntflechtsje moatte, ûntdekke se elk de kleur fan 'e oare. Werom yn 'e 'reade' tún fertelt Juliet oan har bêste freondinne Nanette, in sprinkler yn 'e foarm fan in kikkert, dat se fereale rekke is op in 'blauwenien'. Nanette omskriuwt dy relaasje as doemd om te mislearjen, mar se ûnthjit dat se Juliet har geheim bewarje sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid beävensearje Gnomeo en Juliet in rige geheime moetings yn in deunby leine tún, dy't alhiel oerwoekere is. Dêr komme se yn 'e kunde mei de rôze plestik flamingo Featherstone, dy't harren oantrunet om harren relaasje fuort te setten. Underwilens hat Lord Redbrick besletten dat Juliet mei de readmûts Paris trouwe moat, mar dêr hat Juliet gjin belangstelling foar. Se wit Paris mei súkses ôf te lieden troch him oan Nanette te keppeljen, dy't fereale op him is. It skeel tusken de readmûtsen en de blaumûtsen boazet oan as Tybalt en syn readmûtse trewanten de 'blauwe' tún ynglûpe en dêr in plant ferniele dy't noch plante is troch Gnomeo syn heit silger. Lady Bluebury is der bot oerstjoer oer, en de blaumûtsen wolle wraak nimme. Dejinge dy't dy wraakoefening útfiere moat, is Gnomeo, en sa kriget hy de opdracht om 'e priiswinnende tulpen fan 'e readmûtsen dea te spuitsjen. Hy glûpt op 'e nij de 'reade' tún binnen, mar as Juliet him sjocht, skrillet er tebek en naait er út sûnder wat bedijd te hawwen.

De foljgende kear dat Gnomeo en Juliet inoar moetsje yn 'e oerwoekere tún, krije se rûzje oer it skeel tusken harren clans, en se redendiele deroer oant Featherstone harren it swijen opleit. Hy fertelt dat er syn frou kwytrekke is doe't it troud pear dat yn it hûs fan 'e oerwoekere tún wenne, útinoar gie en alle besittings opdielde. Benny, dy't Gnomeo efternei kommen is, sjocht him en Juliet tegearre en draaft de stege yn, dêr't Tybalt him opwachtet mei syn gersmeaner. Hy besiket Benny te deadzjen, mar wit him úteinlik inkeld de puntmûtse ôf te meanen. Gnomeo, dy't dêr tsjûge fan is, bynt de striid mei Tybalt oan. Hy en Tybalt fjochtsje op 'e ridende gersmeaner oant dy tsjin in muorre op botst, wêrby't Tybalt himsels tepletter fljocht. De readmûtsen, dy't Gnomeo foar in moardner oansjogge, komme dan mei man en macht efter him oan, en Gnomeo is twongen om 'e strjitte op te flechtsjen, tusken it drokke autoferkear troch. In foarbyridende frachtwein dy't blau ierdewurk ferfiert, ferliest krekt op dat stuit in teepot, dy't op 'e strjitte oan gruzeleminten falt.

As de oare túnkabouters de skerven sjogge, tinke se dat Gnomeo dea is. Juliet ferklearret dan iepentlik har leafde foar him en besiket selsmoard te dwaan troch ek de strjitte op te rinnen, mar har heit en de oare readmûtsen oerweldigje har en bringe har werom nei harren tún. Dêr lit Lord Redbrick har fuotten oan 'e fontein fêstlymje, om't er har net kwytreitsje wol sa't er har mem kwytrekke is. Underwilens binne de blaumûtsen yn djippe rou, mar Gnomeo syn húsdier Shroom, in blauwe plestik poddestoel, ûntdekt lykwols dat Gnomeo noch libbet en troch in hûn nei in deunby park ta droegen is. Dêr klimt Gnomeo op 'e skouders fan in stânbyld fan William Shakespeare, oan wa't er syn ferhaal fertelt. Shakespeare merkt op dat Gnomeo syn ferhaal frijwat liket op syn eigen toanielstik Romeo en Julia, en dat it wol kâns hat dat Gnomeo syn ferhaal in drôve ein hawwe sil as er trochgiet mei it folgjen fan deselde plot. Uteinlik bringt Shroom Featherstone by Gnomeo yn it park, dy't him bepraat om wer thús te kommen.

Underwilens hat Benny by frou Montague yn 'e hûs ynbrutsen, dêr't er op har kompjûter by in webshop de superkrêftige Terrafirmanator-gersmeaner besteld hat. Dat apparaat wol er brûke om wraak te nimmen op 'e readmûtsen. As de nije gersmeaner ôflevere wurdt, ferliest er lykwols al rillegau de kontrôle oer it apparaat, dat op 'e rin giet en it grutste part fan 'e beide tunen fernielt foar't it fêst komt te sitten. Underwilens brekt tusken de readmûtsen en de blaumûtsen in iepen oarloch út. Dat is it tafriel dat Gnomeo opwachtet as er mei help fan Shroom en Featherstone wer thúskomt. Op dat stuit rekket de Terrafirmanator los en fljocht op Juliet har fontein ôf. Gnomeo besiket wanhopich om har fuotten los te krijen, mar rêdt dat net op. Dêrop wikselje hy en Juliet in hertstochtlike tút út, krekt foar't de gersmeaner op 'e fontein botst en dêrmei sawol himsels as de fontein folslein ferrinnewearret.

No't se ynsjogge dat harren fete ta de dea fan harren bern laat hat, beslute Lord Redbrick en Lady Bluebury einlings en te'n lêsten harren deilisskip by te lizzen. Neitiid blykt dat Gnomeo en Juliet de ferwuostging fan 'e fontein tsjin alle ferwachting yn dochts ûnskansearre oerlibbe hawwe, in ûntdekking dy't ta feestfieren fan alle túnkabouters liedt. As frou Montague en de hear Capulet dy deis thúskomme treffe se harren tunen totaal fernield oan. Koarte tiid letter lizze de readmûtsen en de blaumûtsen mei-inoar in nije tún oan om harren nijfûne frede te fieren. Lord Redbrick en Lady Bluebury wurde freonen, Paris en Nanette krije in relaasje, en Tybalt blykt noch te libjen nei't al syn skerven wer oaninoar lime binne. Benny brekt jitris yn by frou Montague en fynt op in webside foar twaddehâns guod de frou fan Featherstone werom, dy't er daliks bestelt. Sadwaande wurdt Featherstone in pear dagen letter weriene mei syn oarehelte. De film einiget mei it houlik fan Gnomeo en Juliet op in pearse gersmeaner, in kleur dy't de nije ienheid fan 'e beide túnkabouterclans symbolisearret.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Gnomeo James McAvoy
Juliet Emily Blunt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lord Redbrick Michael Caine
Tybalt Jason Statham
Lady Bluebury Maggie Smith
Nanette Ashley Jensen
Benny Matt Lucas
Featherstone Jim Cummings
Paris Stephen Merchant
Fawn Ozzie Osbourne
(stânbyld fan) William Shakespeare Patrick Stewart
de Terrafirmanator Announcer Hulk Hogan
Ms. Montague Julie Walters
Mr. Capulet Richard Wilson
Dolly Gnome Dolly Parton
de Red Goon Gnomes Kelly Asbury
Stone Fish Julia Braams
Fishing Gnome James Daniel Wilson
Conjoined Gnome Left Tim Bentinck
Conjoined Gnome Right Neil McCaul
Mankini Gnome Julio Bonet
Call Me Doll Maurissa Horwitz
Dancer John Todd

In swijend personaazje is de plestik poddestoel Shroom, Gnomeo syn húsdier, dy't him hâldt en draacht as in hûn. Yn 'e Nederlânsk neisyngronisearre ferzje fan Gnomeo & Juliet waarden de stimmen ynsprutsen troch û.o. Noortje Herlaar en Brigitte Kaandorp.

Gnomeo and Juliet, in komyske musicalferzje mei túnkabouters ynstee fan libbene minsken op basis fan it toanielstik Romeo en Julia fan William Shakespeare, wie oarspronklik it idee fan Rob Sprackling en John R. Smith. Dy ferkochten harren kladskript fia Rocket Pictures oan Disney. De film krige it griene ljocht, en soe earst troch Disney-dochter Miramax Films makke wurdt. Doe't Miramax yn 2010 ferkocht waard, behold Disney de rjochten op it skript fan Sprackling en Smith. Mei't it om in tekenfilm gie dy't net fan in tekenfilmstudio fan Disney sels wie, wist men earst net goed wat men mei Gnomeo en Juliet oan moast. Uteinlik waard besletten om 'e film troch Rocket Pictures meitsje te litten en dan fia Disney-dochter Touchstone Pictures út te bringen.

De Australyske regisseur Adam Elliot, dy't earder foar Disney wurke hie, waard frege as regisseur, mar hy wiisde de film ôf om't er dy net geskikt fûn foar syn styl. Yn 2006 waard de úteinlike regisseur, Kelly Asbury, by it projekt belutsen, dy't der benammen troch oanlutsen waard om't de Ingelske sjonger Elton John ûnderwilens tasein hie it meastepart fan 'e lieten te sjongen. Yn 'e mande mei filmprodusint Steve Hamilton Shaw werskreau Asbury dêrnei it hiele senario. Dêrby wie, neffens Asbury, de grutste útdaging om in passende ein te betinken dy't ôfwykte fan 'e ein fan Romeo en Julia, mei as doel om "dolken en gif en selsmoard derút te hâlden." Op it mêd fan 'e cast krige Asbury de frije leie. Oarspronklik soene Ewan McGregor en Kate Winslet harren stimmen oan 'e beide haadpersoanen liene, mar úteinlik foel de kar op James McAvoy en Emily Blunt.

Gnomeo and Juliet waard produsearre troch Baker Bloodworth, Steve Hamilton Shaw en David Furnish foar Rocket Pictures, en animearre troch Starz Animation. Disney finansierde it projekt mei in budget fan $36 miljoen, en fersoarge neitiid de distribúsje troch syn dochterûndernimming Touchstone Pictures, behalven yn it Feriene Keninkryk en Kanada, dêr't de distribúsje yn 'e hannen wie fan Entertainment One Films. Oan it senario wurken njonken Asbury en Hamilton Shaw ek Mark Burton, Andy Riley, Kevin Cecil, Emily Cook en Kathy Greenberg mei. De filmmuzyk waard fersoarge troch James Newton Howard en Chris Bacon. De soundtrack omfieme dêropta fjirtjin lieten, wêrfan't de measten skreaun wiene troch John Taupin en songen waarden troch Elton John (wêrûnder trije duëtten mei Lady Gaga, Nelly Furtado, resp. Kiki Dee).

Premiêre en oare formats

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De galapremiêre fan Gnomeo and Juliet waard op 23 jannewaris 2011 holden yn it El Capitan Theatre yn Hollywood, wêrnei't de film op 11 febrewaris yn 'e bioskopen iepene. Op 24 maaie 2011 waard de film troch Touchstone Home Entertainment útbrocht op dvd, blu-ray en blu-ray 3D. It soundtrackalbum ferskynde op 8 febrewaris 2011 by Buena Vista Records. Dêr steane fjirtjin nûmers op. It nûmer Hello Hello, dat yn 'e film in duët fan Elton John mei Lady Gaga is, wurdt op it soundtrackalbum inkeld troch Elton John songen.

Gnomeo & Juliet krige oer it algemien mingde kritiken. De webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, joech de film in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 121 resinsjes. Neffens de konsensuskrityk hat Gnomeo & Juliet "mominten fan yspriraasje", mar is de film faak tefolle mei himsels dwaande. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, skoarde Gnomeo & Juliet in goedkarringspersintaazje fan 53%, op basis fan 28 resinsjes.

Nettsjinsteande de lauwe ûntfangst troch de filmkritisy smiet Gnomeo & Juliet yn Noard-Amearika yn 'e bioskopen $100 miljoen op, wylst de film yn oare lannen nochris $94 miljoen yn 't laadsje brocht. Mei in totale opbringst fan $194 miljoen ôfset tsjin in budget fan $36 miljoen waard Gnomeo & Juliet in grut súkses, mei in skjinne winst dy't $158 miljoen bedroech. Gnomeo & Juliet waard yn 2011 nominearre foar de Satellite Award en de Golden Globe foar bêste oarspronklike liet (Hello, Hello). By de Annie Awards wiene der nominaasjes yn 'e kategoryen bêste regisseur, bêste storyboard, bêste stimakteur (Jim Cummings) en bêste filmsenario.

In ferfolch op Gnomeo & Juliet, ûnder de titel Sherlock Gnomes, waard yn maart 2018 útbrocht troch Paramount Pictures en Metro-Goldwyn-Mayer. Dat waard lykwols rûnom as in teloarstelling beskôge (sawol kritysk as kommersjeel) yn ferhâlding ta de oarspronklike film.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.