Springe nei ynhâld

Touchstone Pictures

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Touchstone Home Entertainment)
Touchstone Pictures
algemien
hist. namme Touchstone Films
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor distribúsje fan films
filmstudio (1984-2011)
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1984
oprjochter Ron W. Miller
eigner The Walt Disney Company
mem Walt Disney Studios Motion
   Pictures
offisjele webside
www.touchstonepictures.com

Touchstone Pictures is in Amerikaansk filmdistribúsjebedriuw dat eigendom is fan The Walt Disney Company. It is binnen it Disney-concern ûnderbrocht by Walt Disney Studios Motion Pictures, in ûnderdiel fan The Walt Disney Studios, dy't wer hearre ta de difyzje Walt Disney Studio Entertainment. It bedriuw waard yn 1984 oprjochte troch de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, Ron W. Miller, ûnder de namme Touchstone Films. Touchstone fersoarget de distribúsje fan films produsearre troch Walt Disney Pictures dy't mear op folwoeksenen rjochte binne as op bern. Fan 1984 oant 2011 wie Touchstone ek aktyf as in filmstudio en produsearre it eigen films.

Walt Disney Pictures hie tsjin 'e 1980-er jierren it imago krigen in filmstudio te wêzen dy't inkeld bernefilms en famyljefilms produsearre. Sadwaande diene Disney-films dy't rjochte wiene op in folwoeksen publyk it yn 'e bioskopen minder goed as ferwachte: in oansjenlik diel fan 'e doelgroep skreau sokke films ôf poer om't de merknamme Disney deroan ferbûn wie. Films dy't dêrûnder te lijen hiene, wiene bgl. de science fictionfilms The Black Hole (1979) en Tron (1982), de horrorfilm The Watcher in the Woods (1982) en de skriller Night Crossing (1982). Troch ôffallend bioskoopbesyk litte Disney yn 1982 allinne al in ferlies fan mear as $27 miljoen, wylst yn 't foar ynskatten wie dat benammen Tron in súkses wurde koe fan mooglik itselde nivo as Star Wars.

Ein 1982 kundige Disney oan dat de studio fan doel wie om mear films foar in folwoeksen publyk út te bringen, mar dan ûnder in nije merknamme. Op 15 febrewaris 1984 waard dêrta troch Ron W. Miller, de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, Touchstone Films oprjochte as filmstudio en dochterûndernimming fan Disney. It wie fan it begjin ôf oan in bedriuw dat folslein eigendom fan Disney wie, en dat inkeld yn namme fan 'e rest fan it concern ferskilde. De earste film dy't troch Touchstone útbrocht waard, wie Splash, dy't mei in opbringst fan $68 miljoen yn 'e Amerikaanske bioskopen in ûnbidich grut súkses wie. De mûklist mei de oare namme die dus fertuten. Oare grutte súksessen út 'e earste jierren fan Touchstone wiene Down and Out in Beverly Hills (1986), Ruthless People (1986) en Tin Men (1987).

Yn 1986 waard Touchstone Films omneamd ta Touchstone Pictures. Om't ferskate filmstudio's om dy tiid hinne opholden mei filmproduksje of hielendal opdoekten, rjochte Disney yn 1988 in twadde filmstudio foar de produksje fan films foar in folwoeksen publyk op, Hollywood Pictures, om 'e leechte op te foljen. Touchstone dielde mei Hollywood Pictures inkeld de marketing- en distribúsjefasiliteiten. Yn 'e 1990-er jierren makke Touchstone grutte films as Pretty Woman (1990), Sister Act (1992), Ransom (1996), Con Air (1997), en Armageddon (1998). Films dy't yn 'e 1980-er en 1990-er jierren troch Touchstone produsearre waarden, wurde tsjintwurdich nei de bioskopen ta distribuëarre fia Walt Disney Studios Motion Pictures, wylst se op dvd úbrocht wurde troch Walt Disney Studios Home Entertainment (foarhinne ûnder de merknamme Touchstone Home Entertainment).

Nei it grutte súkses fan it ûnder de namme fan Disney útbrochte Pirates of the Caribbean: The Curse of the Black Pearl, yn 2003, en oare soksoarte films dy't yn 1980-er en 1990-er jierren troch Touchstone publisearre wêze soene, besleat men de produksje fan sokke films mear werom te heljen nei Walt Disney Pictures. Dêrtroch rekke Touchstone geandewei de 2000-er jierren almar mear yn ûnbrûk, hoewol't it bedriuw net opdoekt waard. Yn 2006 waard de produksje fan films fan Touchstone werombrocht ta twa of trije yn 't jier. Dat Disney yn 2007 in oare merknamme, Buena Vista, hielendal ôfskafte, wie foar Touchstone in faai teken.

Mar yn 2009 sleat Disney in kontrakt mei DreamWorks Pictures foar de distribúsje fan tritich films fan dy studio ferdield oer in perioade fan fiif jier. Om dy oerienkomst út te fieren, waard it sieltôgjende Touchstone nij libben ynblaasd. Yn 2011 waard lykwols besletten dat Touchstone sels gjin films mear meitsje soe. Sûnt dy tiid leit it bedriuw him poer ta op 'e distribúsje fan films dy't troch oare studio's makke binne. Behalven films fan DreamWorks binne dat ek animaasjefilms fan oare studio's dy't net ta it Disney-concern hearre, lykas Gnomeo & Juliet, The Wind Rises en Strange Magic. Yn 2013 besleat Disney om syn langjierrige gearwurking mei Jerry Bruckheimer Films net te ferlingjen om't filmprodusint Jerry Bruckheimer dêrfoar de eask stelde dat Touchstone wer in filmstudio wurde moast. Dêr hie Disney lykwols gjin belangstelling foar.

Tsjin 'e ein fan de oerienkomst tusken Disney en DreamWorks hie Disney fjirtjin fan 'e ôfsprutsen tritich DreamWorks-film distribuëarre, wêrfan trettjin fia Touchstone. De oerienkomst einige yn augustus 2016, mei as lêste film The Light Between Oceans. Neitiid sleat Disney in selde soarte oerienkomst mei Universal Pictures, sadat Touchstone trochgean koe as filmdistribúsjebedriuw.

Súksesfolste films fan Touchstone

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
súksesfolste films yn Noard-Amearika
rang titel jier opbringst yn
de bioskopen
1 Signs 2002 $227.966.634
2 Armageddon 1998 $201.578.182
3 Pearl Harbor 2001 $198.542.554
4 Lincoln 2012 $182.207.973
5 Pretty Woman 1990 $178.406.268
6 The Help 2011 $169.708.112
7 Wild Hogs 2007 $168.273.550
8 Three Men and a Baby 1987 $167.780.960
9 The Proposal 2009 $163.958.031
10 The Waterboy 1998 $161.491.646
11 Who Framed Roger Rabbit 1988 $156.452.370
12 Sister Act 1992 $139.605.150
13 Ransom 1996 $136.492.681
14 Bringing Down the House 2003 $132.716.677
15 Sweet Home Alabama 2003 $127.223.418
16 Good Morning, Vietnam 1987 $123.922.370
17 The Village 2004 $114.197.520
18 Enemy of the State 1998 $111.549.836
19 Phenomenon 1996 $104.636.382
20 Dick Tracy 1990 $103.738.726
21 Gone in 60 Seconds 2000 $101.648.571
22 Con Air 1997 $101.117.573
23 Gnomeo & Juliet 2011 $99.967.670
24 Dead Poets Society 1989 $95.860.116
25 Unbreakable 2000 $95.011.339
súksesfolste films wrâldwiid
rang titel jier opbringst yn
de bioskopen
1 Armageddon 1998 $553.709.788
2 Pretty Woman 1990 $463.406.268
3 Pearl Harbor 2001 $449.220.945
4 Signs 2002 $408.247.917
5 Who Framed Roger Rabbit 1988 $329.803.958
6 The Proposal 2009 $317.375.031
7 Ransom 1996 $309.492.681
8 Real Steel 2011 $299.268.508
9 Lincoln 2012 $275.293.450
10 The Village 2004 $256.697.520
11 Wild Hogs 2007 $253.625.427
12 Enemy of the State 1998 $250.649.836
13 Unbreakable 2000 $248.118.121
14 Gone in 60 Seconds 2000 $237.202.299
15 Dead Poets Society 1989 $235.860.116
16 Sister Act 1992 $231.605.150
17 Con Air 1997 $224.012.234
18 Flightplan 2005 $223.387.299
19 The Help 2011 $216.639.112
20 King Arthur 2004 $203.567.857
21 Need for Speed 2014 $203.277.636
22 Gnomeo & Juliet 2011 $193.967.670
23 The Waterboy 1998 $185.991.646
24 Sweet Home Alabama 2002 $180.622.424
25 War Horse 2011 $177.584.879

Besibbe bedriuwsûnderdielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Touchstone Television Productions

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne omfieme The Disney Company ek in tillefyzjedifyzje dy't net de Disney-namme droech, mar Touchstone Television Productions hiet of koartwei Touchstone Television (earder Touchstone Films Television Division, Touchstone Films Television, Touchstone Pictures Television en Touchstone Pictures and Television). Dat wie de produsint fan bekende tillefyzjesearjes as The Golden Girls, Blossom, Home Improvement, Boy Meets World, Desperate Housewives, Lost, Grey's Anatomy en Scrubs.

Yn febrewaris 2007 kundige Disney oan dat Touchstone Television omneamd wurde soe ta ABC Television Studio, sadat de tillefyzjestudio nauwer ferbûn reitsje soe mei tillefyzjenetwurk ABC, it oare grutte bedriuw binnen de Disney-ABC Television Group. Yn maaie fan datselde jier waard de studio op 'e nij omneamd en kaam doe ABC Studios te hjitten.

Touchstone Games

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 2007 begûn de dochterûndernimming fan Disney dy't him talei op 'e produksje fan fideospultsjes, Buena Vista Games, eigen materiaal te produsearjen ûnder de merknamme Touchstone Games. Dat wie lykwols nea in apart bedriuw, mar inkeld in ymprint. De fideospultsjes dy't ûnder de namme fan Touchstone útbrocht waarden, wiene produsearre troch de Disney Interactive Studios.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.