The Walt Disney Studios (difyzje)
The Walt Disney Studios | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | films, muzyk, toaniel | |
haadkertier | Burbank (Kalifornje) | |
oprjochte | 1923 | |
oprjochter | Walt Disney Roy O. Disney | |
mem | The Walt Disney Company | |
dochters | sjoch tekst | |
sifers | ||
omset | $8,4 miljard (2017) | |
winst | $2,4 miljard (2017) | |
aktyf yn | de hiele wrâld | |
offisjele webside | ||
waltdisneystudios.com |
The Walt Disney Studios foarmje de difyzje fan The Walt Disney Company wêrby't de eigentlik filmstudio's fan Disney ûnderbrocht binne. Dit ûnselsstannige bedriuw is fêstige yn Burbank (Kalifornje), yn it fysike studiokompleks dat ek The Walt Disney Studios hjit, en dêr't it net mei betize wurde moat. The Walt Disney Studios wiene foarhinne yndield by it gruttere bedriuwssegmint Walt Disney Studio Entertainment, mar by in reorganisaasje yn maart 2018 binne The Walt Disney Studios as iennichste ûnderdiel fan dat bedriuwssegmint oerbleaun. Sadwaande kinne Walt Disney Studio Entertainment en The Walt Disney Studios no lykslein wurde, hoewol't se formeel noch apart faninoar besteane. The Walt Disney Studios binne lid fan 'e Motion Picture Association of America (MPAA).
Underdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta The Walt Disney Studios hearre de folgjende dochterûndernimmings:
- 20th Century Fox (produksje fan live-actionfilms)
- 20th Century Fox Animation (produksje fan tekenfilms)
- Disney Music Group (produksje fan muzyk)
- Disney Theatrical Group (produksje fan toanielfoarstellings)
- Disneynature (produksje fan natoerdokumintêres)
- Fox 2000 Pictures (produksje fan live-actionfilms)
- Fox Searchlight Pictures (produksje fan live-actionfilms)
- Lucasfilm (produksje fan live-actionfilms)
- Marvel Studios (produksje fan live-actionfilms)
- Pixar Animation Studios (produksje fan tekenfilms)
- Walt Disney Animation Studios (produksje fan tekenfilms)
- Walt Disney Pictures (produksje fan live-actionfilms)
- Walt Disney Studio Operations (logistyk fan filmproduksje; foarhinne Disney Studio Services)
- Walt Disney Studios Marketing (marketing fan films)
- Walt Disney Studios Motion Pictures (distribúsje fan films; foarhinne bekend as Buena Vista Pictures Distribution)
- Walt Disney Studios Special Events (organisaasje fan spesjale eveneminten)
Sifers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 behellen The Walt Disney Studios in omset fan $8.379.000.000, mei de produksje fan films, muzykopnamen en toanielfoarstellings. Dêrmei waard in winst fan $2.355.000.000 makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |