Wahpeton Dakota Naasje
Wahpeton Dakota Naasje | ||
Ingelsk | Wahpeton Dakota Nation | |
lânseigen | Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
haadkertier | Prince Albert (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 430 (2006) | |
oprjochting | 1878 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Wahpeton Dakota Reservaat | |
lokaasje | sintraal Saskatchewan | |
oerflak | 151/2 km² | |
ynwennertal | 270 (2006) | |
offisjele webside | ||
www.wahpetondakotadev.com | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Saskatchewan.
|
De Wahpeton Dakota Naasje (Ingelsk: Wahpeton Dakota Nation; Eastlik Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ Dakhóta Oyáte, útspr.: [waχ'pe:tʰũwã da'kʰo:ta o'ja:te]) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. De stamme wurdt ek wol de Wahpeton Dakota Earste Naasje (Wahpeton Dakota First Nation) neamd, en hiet oarspronklik de Round Plains Earste Naasje (Round Plains First Nation). ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De Wahpeton Dakota Naasje waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1878, en hie neffens gegegevens út 2006 428 leden. It haadkertier is fêstige yn Prince Albert, yn Saskatchewan. De leden fan 'e Wahpeton Dakota Naasje besteane út etnyske Sû (Sioux), nammentlik Eastlike Dakota fan 'e Wahpeton-stamme, al hat der yn 'e tweintichste iuw in protte ferminging west mei de oanbuorjende Kry (Cree).
Reservaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wahpeton Dakota Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Wahpeton Dakota Reservaat (Wahpeton Dakota Reserve), dat foarhinne it Round Plains Reservaat (Round Plains Reserve) hiet. It hat in oerflak fan 15½ km², en fan 'e krapoan 430 stamleden wennen der yn 2006 270. De wichtichste delsetting yn it reservaat is sitewearre op 53°26′09″ noarderbreedte by 105°88′01″ westerlingte. De lju fan 'e Wahpeton Dakota Naasje beskreppe harren bestean oer it algemien as lânbouwers, feehâlders en deihierarbeiders, mar steane ek bekend as knaphandige houtfikers.
De stamme hat û.m. syn eigen brânwacht en in eigen legere skoalle (de Wahpeton Elementary School), dêr't de Dakota-taal, -muzyk, -sang en -dûns in yntegraal ûnderdiel fan 'e learstof foarmje. Fierders is de organisaasje foar in diel eigner fan 'e Prince Albert Development Corporation (in ûntwikkelingsmaatskippij), de Prince Albert Inn (in herberge), de South Hill Health Clinic (in klinyk) en it Northern Lights Casino (in kasino). Mei de Meadow Lake Stammeried en de Peter Ballantyne Kry Naasje hawwe se ek trije Super 8-motels yn besit. Simmerdeis hâldt de stamme in wiid ferneamde powwow (folksgearkomste), dêr't ynternasjonaal bekende sjongers en dûnsers optrede. De Wahpeton Dakota Naasje heart ta de Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wahpeton Dakota Naasje is ien fan acht lytse Sû-stammen yn súdlik Saskatchewan en Manitoba, dy't dêr oan 'e ein fan 'e Dakota-Oarloch fan 1862 fêstige binne troch almeast Eastlike Dakota, nei harren flecht út 'e Amerikaanske steat Minnesota wei. It Kanadeeske regear erkent dizze "earste naasjes" en hat oan harren reservaten tawiisd, mar hâldt út dat se eins Amerikaanske flechtlingen binne, dy't inkeld yn Kanada tahâlde om't de Kroan sa freonlik is om dat ta te stean. Neffens dy riddenearring kinne de Sû yn Kanada dus gjin lânrjochten jilde litte. De Sû-stammen, oan 'e oare kant, hawwe lânkaarten en offisjele dokuminten fan foàr de kolonisaasje fan súdlik Saskatchewan en Manitoba, dêr't út blike soe dat dy krite doe wol deeglik ta harren wengebiet hearde. Dit is in juridysk toulûken dat al geande is sûnt de 1870-er jierren en dêr't mei koarten grif ek gjin ein oan komme sil.
De Wahpeton Dakota Naasje krige yn 1878 yn Kanada formele erkenning as in "earste naasje". Fanwegen de help dy't de foarâlden fan 'e troep de Britten bean hiene yn 'e Oarloch fan 1812, tsjin 'e Amerikanen, waard harren troch kening George III in saneamde Ferdrachsmedalje (Treaty Medal) takend, dy't tsjintwurdich yn brûklien is by it Histoarysk Museum fan Prince Albert, en inkeld foar spesjale gelegenheden nei it reservaat ta brocht wurdt. De Wahpeton Dakota Naasje waard yn 1918 swier troffen troch de Spaanske gryp: fan 'e likernôch 300 stamleden oerlibben mar in stik as 30 de epidemy. Neitiid waard der mei de nei-oan wenjende Kry-stammen in protte yninoar omtroud, en hoewol't de Wahpeton Dakota Naasje noch altyd in sterke Dakota-identiteit beholden hat, binne in protte fan 'e leden eins foar de helte of noch mear fan Kry-ôfstamming.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Wahpeton Dakota Developments, de sakedifyzje fan 'e Wahpeton Dakota Nation
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |