Springe nei ynhâld

Bond girl

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jun 2022 om 00.05 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Effekt op karriêres: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mei de klok mei fan loftboppen ôf: Eva Green (Bond girl yn Casino Royale (2006)); Halle Berry (Bond girl yn Die Another Day); Michelle Yeoh (Bond girl yn Tomorrow Never Dies); en Jane Seymour (Bond girl yn Live and Let Die).

In Bond girl of "Bond-famke" is in tsjep, jong, froulik personaazje út 'e romans en koarte ferhalen fan 'e James Bond-romansearje, de films fan 'e James Bond-filmsearje en de ûnderskate James Bond-fideospultsjes. Sokke personaazjes geane om mei de Britske geheim agint James Bond (faak troch mei him it bêd te dielen), en komme ornaris yn mar ien boek of film foar. Se hawwe soms nammen dêr't in seksuele dûbelsinnichheid yn besletten leit of dy't op oare wize apart binne. Der binne ferskate typen Bond girls: de helpster, de femme fatale en it slachtoffer. De oantsjutting 'Bond girl' kin ek yn it echte libben brûkt wurde foar de aktrises dy't yn in James Bond-film sa'n rol spylje. Foar sokke aktrises jout dy rol faak in tige positive ympuls oan harren karriêre.

De ynspiraasje foar alle oarspronklike Bond girls út 'e romans en koarte ferhalen dy't skreaun waarden troch Ian Fleming, de geastlike heit fan it personaazje James Bond, soe skoan syn freondinne Muriel Wright west hawwe kinne. Hja wie 26 jier en neffens doetiidske beskriuwings "útsûnderlike tsjep" doe't hja yn 1935 mei Fleming yn 'e kunde kaam. Wright wie ek in feardich ruter, skyster en polospylster, en boppedat wie se ryk wurden fan har wurk as model. Sy en Fleming krigen in relaasje wêrby't se him trou bleau nettsjinsteande syn oanhâldende gefallen fan oerhoer. Doe't se ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1944 omkaam by in Dútsk bombardemint wie Fleming der alhiel stikken fan.

De Bond girls út 'e boeken fan Fleming en de films oer James Bond drage soms nammen dy't apart binne, lykas Vesper Lynd (vesper betsjut "jûnsgebed"), May Day (letterlik: "maaiedei", mar it betsjut eins "1 maaie" of "mayday", in helpoprop fan piloaten), Molly Warmflash (warmflash betsjut "waarmflits" en ropt assosjaasjes mei de oergong op), Christmas Jones (christmas betsjut "kryst"), en Fields ("fjilden"), dy't fan foaren Strawberry ("ierdbei") blykt te hjitten. Ferskate kearen komt it ek foar dat Bond girls in namme drage dy't in seksueel suggestive wurdboarterij befettet, lykas Honey Ryder ("hunichrider"), Pussy Galore ("poeske oeral"), Plenty O'Toole ("genôch ark"), Holly Goodhead ("Holly Pijper")* en Xenia Onatopp ("Xenia Boppe-op").
*) Goodhead is eins in besteande Ingelske efternamme dy't in ferbastering is fan it Angelsaksyske wurd foar "godheid", in betsjutting dy't men yn it hjoeddeistige Ingelsk net mear weromken om't it efterheaksel -head, "-heid", net mear bestiet; head, "holle", is lykwols ek in sprektaalterm foar orale seks, en Goodhead kin sadwaande opfet wurde as "goede orale seks" of "goed yn orale seks".

Ferskillende soarten Bond girls

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane gjin regels foar hokker rol in froulik personaazje yn in ferhaal oer James Bond spylje moat om as Bond girl beskôge te wurden. De iennichste betingsten foar dy oantsjutting binne dat se tsjep en jong wêze moat. Faak hawwe Bond girls geandewei it ferhaal seks mei James Bond, mar dat hoecht net. Bond girl Camille Montes yn 'e film Quantum of Solace, bygelyks, dielt nea it bêd mei Bond, hoewol't se yn dy film fierwei it wichtichste jonge, tsjeppe, froulike personaazje is. Los fan 'e fraach oft se no al of net seksuele partners fan Bond binne, besteane der trije soarten Bond girls:

  • de helpster – sy helpt Bond om syn doel te berikken
  • de femme fatale – sy besiket Bond fan syn doel ôf te hâlden, ornaris troch him te ferlieden en dan te besykjen om him te fermoardzjen
  • it slachtoffer – sy komt koart mei Bond yn 'e kunde, rekket faak sûnder wat fan 'e saak ôf te witten by syn aventoeren belutsen en moat dat mei de dea bekeapje

Opsomming fan Bond girls

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn literêre wurken fan Ian Fleming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
titel (jier fan publ.) Bond girl
Casino Royale (1953) Vesper Lynd
Live and Let Die (1954) Simone "Solitaire" Latrelle
Moonraker (1955) Gala Brand
Diamonds Are Forever (1956) Tiffany Case
From Russia, with Love (1957) korporaal Tatjana Romanova
Dr. No (1958) Honeychile Rider
Goldfinger (1959) Pussy Galore
Jill Masterton
Tilly Masterton
From a View to a Kill (1960) Mary Ann Russell
For Your Eyes Only (1960) Judy Havelock
Quantum of Solace (1960) n.f.t.
Risico (1960) Lisl Baum
The Hildebrand Rarity (1960) Liz Krest
Thunderball (1961) Domino Vitali
Patricia Fearing
The Spy Who Loved Me (1962) Vivienne Michel
On Her Majesty's Secret Service (1963) Teresa di Vicenzo (Tracy Bond)
Ruby Windsor
You Only Live Twice (1964) Kissy Suzuki
Mariko Ichiban
famke sûnder namme
The Man with the Golden Gun (1965) Mary Goodnight
The Living Daylights (1966) Trigger
The Property of a Lady (1966) Maria Freudenstein
Octopussy (1966) n.f.t.
007 in New York (1966) Solange

Yn literêre wurken fan oare skriuwers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
titel (jier fan publ.) skriuwer Bond girl
Colonel Sun (1968) Kingsley Amis
(pseudonym Robert Markham)
Ariadne Alexandrou
Licence Renewed (1981) John Gardner Lavender Peacock
For Special Services (1982) John Gardner Cedar Leiter
Nena Bismaquer
Icebreaker (1983) John Gardner Paula Vacker
Rivke Ingber
Role of Honour (1984) John Gardner Persephone "Percy" Proud
Nobody Lives for Ever (1986) John Gardner Sukie Tempesta
No Deals, Mr. Bond (1987) John Gardner Ebbie Heritage
Scorpius (1988) John Gardner Harriett Horner
Win, Lose or Die (1989) John Gardner Clover Pennington
Beatrice Maria da Ricci
Brokenclaw (1990) John Gardner Sue Chi-Ho
The Man from Barbarossa (1991) John Gardner Stephanie Adoré
Nina Bibikova
Death is Forever (1992) John Gardner Elizabeth "Easy" St. John
Never Send Flowers (1993) John Gardner Fredericka "Flicka" von Grüsse
SeaFire (1994) John Gardner Fredericka "Flicka" von Grüsse
Cold (1996) John Gardner Sukie Tempesta
Beatrice Maria da Ricci
Blast From the Past (1997) Raymond Benson n.f.t.
Zero Minus Ten (1997) Raymond Benson Sunni Pei
The Facts of Death (1998) Raymond Benson Niki Mirakos
Hera Volopoulos
Midsummer Night's Doom (1999) Raymond Benson Lisa Dergan
High Time to Kill (1999) Raymond Benson Helena Marksbury
Hope Kendal
Live at Five (1999) Raymond Benson Janet Davies
DoubleShot (2000) Raymond Benson Kimberly Feare
Heidi Taunt
Hedi Taunt
Never Dream of Dying (2001) Raymond Benson Tylyn Mignonne
The Man with the Red Tattoo (2002) Raymond Benson Reiko Tamura
Mayumi McMahon
Devil May Care (2008) Sebastian Faulks Scarlett Papava
Carte Blanche (2011) Jeffery Deaver Felicity Willing
Ophelia "Philly" Maidenstone
Solo (2013) William Boyd Bryce Fitzjohn
Efua Blessing Ogilvy-Grant
Trigger Mortis (2015) Anthony Horowitz Jeopardy Lane
Logan Fairfax
Pussy Galore
Forever and a Day (2018) Anthony Horowitz Joanne "Sixtine" Brochet

Yn films fan Eon Productions

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e films fan Eon Productions wurdt aktrise Ursula Andress yn har rol as Honey Ryder yn Dr. No (1962) rûnom beskôge as de earste Bond girl. It wie lykwols pas de film Goldfinger (1964) dy't de Bond girl ta in fêst ûnderdiel fan 'e James Bond-films makke.

film bêdpartner helpster femme fatale slachtoffer
Dr. No Sylvia Trench (Eunice Gayson)
Miss Taro (Zena Marshall)
Honey Ryder (Ursula Andress)
Honey Ryder Miss Taro n.f.t.
From Russia with Love Sylvia Trench (Eunice Gayson)
Vida (Aliza Gur)
Zora (Martine Beswick)
Tatjana Romanova (Daniela Bianchi)
Tatjana Romanova Rosa Klebb (Lotte Lenya) n.f.t.
Goldfinger Jill Masterson (Shirley Eaton)
Pussy Galore (Honor Blackman)
Pussy Galore Bonita (Nadja Regin) Jill Masterson
Tilly Masterson (Tania Mallet)
Thunderball Patricia "Pat" Fearing (Molly Peters)
Fiona Volpe (Luciana Paluzzi)
Domino Derval (Claudine Auger)
Domino Derval Fiona Volpe Paula Caplan (Martine Beswick)
You Only Live Twice Aki (Akiko Wakabayashi)
Helga Brandt (Karin Dor)
Kissy Suzuki (Mie Hama)
Kissy Suzuki Helga Brandt Aki
On Her Majesty's Secret Service Teresa di Vicenzo (Diana Rigg)
Ruby Bartlett (Angela Scoular)
Nancy (Catherine Schell)
Teresa di Vicenzo Irma Bunt (Ilse Steppat) Teresa di Vicenzo
Diamonds Are Forever Tiffany Case (Jill St. John) Tiffany Case Bambi (Lola Larson)
Thumper (Trina Parks)
Plenty O'Toole (Lana Wood)
Live and Let Die Miss Caruso (Madeline Smith)
Rosie Carver (Gloria Hendry)
Solitaire (Jane Seymour)
Solitaire n.f.t. Rosie Carver
The Man with the Golden Gun Andrea Anders (Maud Adams)
Mary Goodnight (Britt Ekland)
Mary Goodnight n.f.t. Andrea Anders
The Spy Who Loved Me fanke yn blokhutte (Sue Vanner)
fanke yn haremtinte (Dawn Rodrigues)
majoar Anja Amasova (Barbara Bach)
Anja Amasova Naomi (Caroline Munro) Felicca (Olga Bisera)
Moonraker Corinne Dufour (Corinne Cléry)
Manuela (Emily Bolton)
Holly Goodhead (Lois Chiles)
Holly Goodhead stewardess yn priveefleantúch (Leila Shenna)
blondine (Irka Bochenko)
Corinne Dufour
For Your Eyes Only grevinne Lisl von Schlaf (Cassandra Harris)
Melina Havelock (Carole Bouquet)
Melina Havelock n.f.t. grevinne Lisl von Schlaf
Octopussy Magda (Kristina Wayborn)
Octopussy (Maud Adams)
Octopussy n.f.t. n.f.t.
A View to a Kill Kimberley Jones (Mary Stävin)
May Day (Grace Jones)
Pola Ivanova (Fiona Fullerton)
Stacey Sutton (Tanya Roberts)
Stacey Sutton May Day
Jenny Flex (Alison Doody)
Pan Ho (Papillon Soo Soo)
May Day
The Living Daylights Linda (Kell Tyler)
Kara Milovy (Maryam d'Abo)
Kara Milovy n.f.t. n.f.t.
Licence to Kill Pam Bouvier (Carey Lowell)
Lupe Lamora (Talisa Soto)
Pam Bouvier n.f.t. Della Churchill (Priscilla Barnes)
GoldenEye Caroline (Serena Gordon)
Natalja Simonova (Izabella Scorupco)
Natalja Simonova Xenia Onatopp (Famke Janssen) n.f.t.
Tomorrow Never Dies prof. Inga Bergstrøm (Cecilie Thomsen)
Paris Carver (Teri Hatcher)
Lin Wai (Michelle Yeoh)
Lin Wai n.f.t. Paris Carver
The World Is Not Enough dr. Molly Warmflash (Serena Scott Thomas)
Elektra King (Sophie Marceau)
dr. Christmas Jones (Denise Richards)
dr. Christmas Jones Giulietta da Vinci (Maria Grazia Cucinotta)
Elektra King
n.f.t.
Die Another Day Jinx Johnson (Halle Berry)
Miranda Frost (Rosamund Pike)
Jinx Johnson Miranda Frost n.f.t.
Casino Royale (2006) Vesper Lynd (Eva Green) Vesper Lynd Valenka (Ivana Miličević) Solange Dimitrios (Caterina Murino)
Quantum of Solace Strawberry Fields (Gemma Arterton) Camille Montes (Olga Kurylenko) n.f.t. Strawberry Fields
Skyfall minneresse fan Bond (Tonia Sotiropoulou)
Sévérine (Bérénice Marlohe)
Miss Moneypenny (Naomie Harris) n.f.t. Sévérine
Spectre Lucia Sciarra (Monica Bellucci)
dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux)
dr. Madeleine Swann n.f.t. n.f.t.
No Time to Die dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux) dr. Madeleine Swann
Paloma (Ana de Armas)
Nomi (Lashana Lynch)
n.f.t. n.f.t.

Der binne trije James Bond-films dy't net troch Eon Productions makke waarden. Yn dy films binne de ûnderskate rollen fan 'e Bond girls folle dreger te kategorisearjen.

film Bond girl
Casino Royale (1954) Valerie Mathis (Linda Christian)
Casino Royale (1967) Vesper Lynd (Ursula Andress)
Miss Goodthighs (Jacqueline Bisset)
Miss Moneypenny (Barbara Bouchet
aginte Mimi/Lady Fiona McTarry (Deborah Kerr)
The Detainer (Daliah Lavi)
Mata Bond (Joanna Pettet)
Buttercup (Angela Scoular)
Never Say Never Again Domino Petachi (Kim Basinger)
Fatima Blush (Barbara Carrera)
Patricia Fearing (Prunella Gee)
dame yn 'e Bahama's (Valerie Leon)
Nicole (Saskia Cohen Tanugi)

Yn fideospultsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
fideospultsje Bond girl aktrise
007: Agent Under Fire Zoe Nightshade
Adrian Malprave
dr. Natalja Damescu
Caron Pascoe (stim)
Eve Karpf (stim)
Beatie Edney (stim)
James Bond 007: Nightfire Dominique Paradis
Zoe Nightshade
Alura McCall
Makiko Hayashi
Lena Reno (stim)
Jeanne Mori (stim)
Kimberley Davies (stim)
Tamlyn Tomita (stim)
James Bond 007: Everything or Nothing Serena St. Germaine
dr. Katja Nadanova
Miss Nagai
Mya Starling
Shannon Elizabeth
Heidi Klum
Misaki Ito
Mýa
GoldenEye: Rogue Agent Pussy Galore
Xenia Onatopp
Jeannie Elias (stim)
Jenya Lano (stim)
007: From Russia with Love Tatjana Romanova
Eva Adara
Elizabeth Stark
Daniela Bianchi (likenis), Kari Wahlgren (stim)
Maria Menounos
Natasha Bedingfield
James Bond 007: Blood Stone Nicole Hunter Joss Stone
GoldenEye 007 Xenia Onatopp
Natalja Simonova
Kate Magowan
Kirsty Mitchell
007 Legends Holly Goodhead
Tracy Draco
Pam Bouvier
Jinx Johnson
Pussy Galore
Jane Perry
Diana Rigg (likenis), Nicola Walker (stim)
Carey Lowell
Gabriela Montaraz (likenis), Madalena Alberto (stim)
Honor Blackman (likenis), Natasha Little (stim)

Effekt op karriêres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan Bond girl is ornaris in tige opfallende rol foar in aktrise, mei't James Bond-films in protte oandacht krije. Sadwaande kin sa'n rol foar aktrises dy't noch net botte bekend binne in wichtige ympuls oan harren karriêre jaan. It is lykwols ek ferskate kearen foarkommen dat der in aktrise as Bond girl cast waard, dy't op dat stuit al bekend wie. Diana Rigg en Honor Blackman, bygelyks, waarden beiden cast as Bond girls nei't se yn it Feriene Keninkryk al stjerren wurden wiene mei de tige populêre tillefyzjesearje The Avengers (yn Nederlân doedestiden útstjoerd as De Wrekers). En Halle Berry wûn de Oscar foar bêste aktrise yn itselde jier (2002) dat Die Another Day útkaam, de film wêryn't sy in rol as Bond girl hie.

Ek Teri Hatcher wie al bekend fan har rol as Lois Lane yn 'e tillefyzjesearje Lois & Clark: The New Adventures of Superman, foar't se yn Tomorrow Never Dies as Bond girl cast waard. Jane Seymour, oan 'e oare kant, wie folslein ûnbekend doe't se yn 1973 de Bond girl spile njonken Roger Moore's fertolking fan James Bond yn Live and Let Die. (Yn 'e begjintitels fan dy film stiet sels Introducing Jane Seymour.) Neitiid wûn se in Emmy Award foar har rol as operasjongster Maria Callas yn in tillefyzjefilm en úteinlik waard se oer de hiele wrâld húsriem mei de langrinnende tillefyzjesearje Dr. Quinn, Medicine Woman. It grutste súkses nei in rol as Bond girl hie wierskynlik Kim Basinger, dy't nei har trochbraak njonken Sean Connery yn Never Say Never Again in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood opboude dy't ta in hichtepunt kaam mei har Oscar foar bêste aktrise foar har rol yn L.A. Confidential.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.