Springe nei ynhâld

Mayday (radiosinjaal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mayday)

Mayday is yn de radiotelefony it gebrûklike needsinjaal. It is it ekwifalint fan it SOS yn de radiotelegrafy. De term is in ferbastering fan it Frânske m'aidez ('help my').

Om misbrûk foar te kommen en de help sa fluch en effisjint at kin op it plak te krijen is it gebrûk fan 'Mayday' oan protokollen en regels bûn. De term 'Mayday' kaam yn de jierren tweintich fan de 20e iuw yn 'e swang.

Yn de boargerloftfeart is de ynternasjonale needfrekwinsje 121,500 MHz. De militêre loftfeart brûkt 243,000 MHz as needfrekwinsje. Njonken dat hat Nederlân de sekundêre needfrekwinsje 120,875 MHz foar de boargerloftfeart, offisjeel Netherlands Discrete Emergency Frequency neamd.

Yn de skipfeart wurdt it Mayday-signaal ek brûkt foar in needsituaasje foar skip as (in lid fan de) bemanning. De needkanalen foar de skipfeart op see binne VHF-kanaal 16, en de Middenweach 2182 kHz of op it binnenwetter VHF-kanaal 10 of it blokkanaal dat op'n stuit oanwiisd is.

Oare needsinjalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar urginte gefallen dêr't it libben net faai stiet wurdt it sinjaal "Pan-pan" brûkt; "Securité" wurdt brûkt foar warskôgings yn it generaal.