Springe nei ynhâld

11stêdeswimtocht (2019)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 des 2021 om 01.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
11stêdeswimtocht
11stedenzwemtocht
plak en tiid
lân Nederlânsk
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
holden yn iepen wetter
datum 21 o/m 24 juny 2019
edysje 2
bysûnderheden
oanlieding ynsammeling foar goed doel
gelegenheid Alvestêdetocht
soarte evenemint sportevenemint (swimmen)
inisjatyf fan Maarten van der Weijden
offisjele webside
www.11stedenzwemtocht.nl

De 11stêdeswimtocht (Nederlânsk en offisjeel: 11stedenzwemtocht) wie in evenemint dat fan 21 oant en mei 24 juny 2019 foar it twadde jier op rige holden waard yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân.[1] Dêrby besocht swimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden op 'e nij om yn ien lange maratontocht troch iepen wetter by alle Fryske alve stêden lâns te swimmen, nei't er sa'n selde besykjen it foargeande jier ôfbrekke moatten hie.[1] Krekt as yn 2018 liet Van der Weijden him sponsorje en besocht er sa jild yn te sammeljen foar it goede doel KWF Kankerbestriding, mei't er yn it ferline sels kanker hân hie.[2] Diskear slagge it Van der Weijden om 'e hiele Alvestêderûte swimmend ôf te lizzen.

Van der Weijden en syn organisaasje hiene leard fan 'e flaters fan 'e swimtocht fan 2018. Yn it foarste plak hiene se de tocht ynstee fan heal augustus no om 21 juny hinne pland, sadat de nachten sa koart mooglik wiene.[3] Ek fûn de start no let op 'e middei plak ynstee fan moarns ier, sadat Van der Weijden syn passaazje fan it swierste part fan 'e tocht, de saneamde 'Hel fan it Noarden' tusken Frjentsjer en Dokkum, no by dei foel ynstee fan midden yn 'e nacht.[3] Oare ferbetterings giene syn itenspatroan oan, it soarte iten, en in ritssluting yn syn wetsuit by de stuten, sadat er syn trochgong rinne litte koe as dat nedich wie. Noch wer in oare lytse feroaring wie bygelyks it drinkreau, dat in smellere hals hie as it foargeande jier, doe't in gewoane beker brûkt waard. Dêr klotske doe bytiden oerflaktewetter yn it floeiber iten, en it soe skoan kinne dat dat meispile hat by it minder wurden fan 'e fysike kondysje fan Van der Weijden, sadat er úteinlik syn tocht opjaan moast.[4]

De goede doelen dêr't Van der Weijden yn 2019 foar swom, wiene:[2]

Maarten van der Weijden mei syn Olympyske gouden medalje yn 2008.

Foarôfgeande oan 'e 11stêdeswimtocht fan 2019 ûntstie der wat trelit doe't in anonime, mar "goed ynfierde boarne yn finansiering fan kankerûndersyk"[5] berjochte dat foar teminsten acht fan 'e boppesteande alve projekten al jild reservearre wie. Mei oare wurden: hoefier't Van der Weijden ek swom, dêr gie gjin euro ekstra hinne.[5] Deselde boarne neamde de praktyk fan KWF Kankerbestriding yn dizze kwestje "mislieding".[5] De Nederlânske Federaasje fan Kankerpasjintorganisaasjes (NFK), dy't op fersyk fan Van der Weijden de alve projekten útkeazen hie,[2] begriep de krityk, mar fûn net dat der sprake wie fan mislieding.[2] Krekt as KWF Kankerbestriding riddenearre de NFK dat it goed wie om oan in aksje as dy fan Van der Weijden konkrete ûndersiken te ferbinen. It jild dat dêr al foar beskikber wie, koe dan trochskowe nei nije ûndersiken.[2]

Oars as yn 2018, doe't meiswimmers it troch de drûchte fersmoarge rekke oerflaktewetter net yn mochten, koe der yn 2019 wol mei Van der Weijden meiswommen wurde.[1] It meiswimmen gie by eltse stêd oer in ôfstân fan 2 km.[1] Foarôfgeande oan 'e 11stêdeswimtocht wiene der twa testswimdagen, wêrby't meiswimmers oan 'e organisaasje sjen litte moasten dat se sa'n ein yndie swimme koene. Foar de eigentlike tocht waarden se by elts fan 'e alve meiswimeveneminten opdield yn fiif waves (pelotons) fan swimmers, ôfhinklik fan harren swimfaasje. Efter de lêste wave folge in 'faachboat', dy't de yndividuële swimmers út it wetter pikte dy't efterop rekke wiene.[1]

Foarôf hie men rekkene op 3.000 meiswimmers, mar letter waard dat oantal al nei ûnderen ta bysteld ta 1.500. Uteinlik blieken der sa'n 500 te wêzen. Dêrby ynbegrepen wiene 80 meiswimmers dy't Van der Weijden de hiele rûte bylâns efternei reizgen en by eltse stêd de 2 km meiswommen.[1] Under de meiswimmers wiene û.m. de bruorren Remco en Anne Peter Keizer, de soannen fan 'e yn 2008 oan kanker ferstoarne Fryske deputearre Anita Andriesen,[6] en ek Kay van der Kooi, de widner fan 'e begjin 2019 oan kanker ferstoarne hurdrydster Paulien van Deutekom, dy't Van der Weijden fan Kimswert nei Harns 6 km lang beselskippe.[7]

Van der Weijden gie om 17.30 oere yn 'e middei op freed 21 juny 2019 yn 'e Swettehaven yn Ljouwert fan start foar syn 11stêdeswimtocht.[1] Hy waard om 22.15 oere dy jûns yn Snits ferwachte en om midsnacht hinne yn Drylts.[1] Tsjin 'e tiid dat er yn Snits arrivearre, rûn er likernôch in healoere efter op skema,[8] en dat bleau sa by de trochkomst yn Drylts en yn Sleat, om likernôch 5.30 oere op 'e iere moarn fan sneon 22 juny. Tusken Sleat en Starum en tusken Starum en Hylpen (dêr't trouwens troch it grutte tal taskôgers in wier ferkearsynfarkt ûntstie)[9] helle er lykwols in protte tiid yn, en doe't er om ûngefear 20.00 oere dy jûns troch Warkum swom, lei er rom foàr op syn skema. Dat bleau sa yn Boalsert, dêr't er koart nei midsnacht op snein 23 juny trochkaam, en yn Harns, dêr't er healwei de moarn arrivearre.[1]

It stânbyld fan Maarten van der Weijden yn Burdaard, makke troch Hans Jouta.

Frjentsjer, dêr't er neffens it offisjele skema pas om 13.40 oere sneintemiddeis ferwachte wurde koe,[1] berikte er al om 'e middeisoere hinne.[3] Hy waard dêr opwachte en oanmoedige troch in see fan minsken, ûnder wa kommissaris fan 'e keninginne Arno Brok en boargemaster fan De Waadhoeke Marga Waanders.[3] Dêrnei folge de lange tocht troch de saneamde 'Hel fan it Noarden',[3] dêr't Van der Weijden by doarpen as Doanjum, Boer, Rie en Berltsum en ek op plakken dêrtuskenyn fan 'e kant ôf tajubele waard troch entûsjaste bewûnderders.[4] By Wier waard er yn in túch, makke foar dolfinen, mei in teleskoopkraan oer de slûs takele.[4] Op It Bilt waard er súdlik fan Sint-Anne en by Froubuorstermole en Alde Leie op 'e nij opwachte troch in protte publyk. Ek by Feinsum en Bartlehiem wie it allegear folk, krekt as by Burdaard, dêr't Van der Weijden in jier earder syn earste besykjen opjaan moatten hie, en dêr't sûnt koarten by de haven in stânbyld fan him stie.[10]

Op moandei 24 juny gie Van der Weijden dêr't er noch nea gien wie, doe't er koart nei 10.00 oere moarns Dokkum berikte, dêr't de skoalbern 'jûchheifrij' krigen hiene en men oan It Lytsdjip wol oer de koppen rinne koe.[11] Haijo Apotheker, de boargemaster fan Noardeast-Fryslân joech Van der Weijden syn tsiende stimpel, en brocht him dêrby tebinnen dat er him in jier earder, yn Frjentsjer, doe't er noch boargemaster fan De Waadhoeke wie, syn lêste stimpel jûn hie.[11] Tsjin dy tiid gie de swimslach fan Van der Weijden merkber stadiger, mar hy fielde him noch goed.[12] Werom gie it, de Dokkumer Ie wer op, foar de twadde kear by Burdaard en Tergrêft lâns, wylst er oeral fan 'e kant ôf oanmoedige waard.[12] By Bartlehiem sloech er loftsôf yn 'e Aldtsjerkster Feart, dy't er tusken 16.00 en 17.00 oere mei in bocht troch Aldtsjerk hinne folge, dat smoarfol stie mei oanfiterjend publyk.[9] De pleatslike brêge, dy't koartby troch in frachtwein skansearre wie, koe net iepen, mei as gefolch dat de folchboaten fan Van der Weijden der net lâns koene. Dêrom waard de brêge in oere foar de ferwachte trochkomst fan 'e swimmer mei in boukraan fan it plak tild.[9]

Fan Aldtsjerk ôf gie it oer De Moark ûnder de Kanterlânsbrêge troch nei de Grutte Wielen, oan 'e eastkant fan Ljouwert, dêr't yn 1963 ek Reinier Paping oankommen wie nei de swiere Tolfde Alvestêdetocht.[13] De organisaasje fan 'e 11stêdeswimtocht ferwiisde nei dat yllustere barren, mar heakke dêr oan ta dat se gjin fergunning foar in oare lokaasje krije kinnen hiene, wêrby't suggerearre waard dat se de oankomst eins leaver yn 'e Prinsetún hâlde wollen hiene.[13] Van der Weijden kaam yn 'e Grutte Wielen nei 195 km[13] frijwol persiis op skema oan,[1] om 19.29 oere op moandeitejûn,[13] en swom tusken in earehaach fan syn meiswimmers troch nei de finish, dêr't er ûnthelle waard troch syn frou Daisy, syn dochters en leden fan syn organisaasje, en tuten krige fan NOS-ferslachjouster Dionne Stax.[13] By de finish waard ek bekendmakke dat der doe mei de 11stêdeswimtocht al €3.910.763,11 ynsammele wie.[13] Sels sei Van der Weijden, doe't er wat bekommen wie, dat er syn earste tocht, yn 2018, ûnderfûn hie as in lijenswei, mar dat er der dizze twadde kear fan genoaten hie.[13] Letter yn 'e wike waard bekendmakke dat Van de Weijden mei syn 11stêdeswimtocht yn totaal €6.125.967,25 byinoar brocht hie.[14]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 Fierant, Tim, Over buddy's en badmutslampjes, yn: de Ljouwerter Krante, 21 juny 2019, s. 3.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Bies, Goos, "Gulle gevers op het verkeerde been gezet", yn: de Ljouwerter Krante, 20 juny 2019, s. 3.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 ——, Applaus zonder eind voor Maarten in Franeker, yn: de Frjentsjerter Krante, 26 juny 2019, s. 1.
  4. 4,0 4,1 4,2 Elverdink, Wieberen, Als zelfs de rietkragen juichen, yn: de Ljouwerter Krante, 24 juny 2019, s. 2-3.
  5. 5,0 5,1 5,2 Bies, Goos, Donaties zwemtocht Maarten op grote hoop, yn: de Ljouwerter Krante, 20 juny 2019, s. 1.
  6. Fierant, Tim, Van Vrouwbuurststermolen naar de sluis van Alde Leije, yn: de Ljouwerter Krante, 21 juny 2019, s. 3.
  7. Bil, Chris, Weduwnaar van Paulien van Deutekom zwemt urenlang mee, yn: de Ljouwerter Krante, 24 juny 2019, s. 2/
  8. Boers, Erwin en Hulsing, José, Groot publiek volgt Maarten op zijn tocht door Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2019, s. 2.
  9. 9,0 9,1 9,2 Grosso, Maria del, Aldtsjerk wacht, Workum kijkt terug op groot feest, yn: de Ljouwerter Krante, 24 juny 2019, s. 1.
  10. Boers, Erwin, Van der Weijden op handen gedragen, yn: de Ljouwerter Krante, 17 juny 2019, s. 2.
  11. 11,0 11,1 Fierant, Tim, Bomvol Dokkum geeft Maarten zetje richting Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 25 juny 2019, s. 3.
  12. 12,0 12,1 Jonker, Ines, "Moet Maarten niet even slapen?", yn: de Ljouwerter Krante, 25 juny 2019, s. 3.
  13. 13,0 13,1 13,2 13,3 13,4 13,5 13,6 Jonker, Ines en Haar, Patrick van 't, "Vorig jaar was het lijden, nu heb ik genoten", yn: de Ljouwerter Krante, 25 juny 2019, s. 1.
  14. ——, Maarten zwom al 6,1 miljoen euro bijeen, yn: de Ljouwerter Krante, 29 juny 2019, s. 6.