Stadspolder
Stadspolder is in polder en in earder wetterskip yn de gemeente Aldamt yn it easten fan de provinsje Grinslân.
De polder waard yn 1740 oanlein en leit benoarden Drieborg. De polder wurdt omjûn troch de Stadspolderdijk yn it noarden en easten, dêr't er by de Westerwâldske Aa del rint, de Middendijk yn it suden en de Vleugeldijk yn it westen. De mûne fan de polder stie yn de noardeastlike hoeke, likernôch ien kilometer besuden Nieuwe Statenzijl, en dy pompte it wetter yn de Westerwâldske Aa. De polder wurdt hjoed-de-dei beheard troch wetterskip Hunze en Aa's.
De Stadspolder is ien fan de Doalertpolders. De boaiem bestiet út seeklaai en de grûn is tige gaadlik foar ikkerbou.
Reiderwolderpolder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1874 waard benoarden de Stadspolder it twadde part fan de Reiderwolderpolder oanlein. Ek dy wie alhiel yn eigendom fan de stêd Grins, en bestjoerlik foel it der net ûnder, dochs waard it al as in part fan de Stadspolder sjoen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme ferwiist nei de stêd Grins, dy't yn 1740 úteinsette mei it yndykjen fan de polder. Yn 1874 folge in twadde ynpoldering.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |