Paralympyske Simmerspullen 1984

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
VIIe Paralympyske Simmerspullen
Flagge fan de Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Hâlden yn New York, Feriene Steaten
Jier 1984
Dielnimmende atleten 1800
Eveneminten ~300 yn 15 sporten
Iepeningsseremoanje 16 juny
Slutingsseremoanje 30 juny
Temaside  Sport
VIIe Paralympyske Simmerspullen
Flagge fan de Grut Britanje
Flagge fan de Grut Britanje
Hâlden yn Stoke Mandeville, Grut-Brittanje
Jier 1984
Dielnimmende atleten 1100
Eveneminten ~300 yn 10 sporten
Iepeningsseremoanje 23 july
Slutingsseremoanje 1 augustus
Edysjes
Foarige edysje 1980 Arnhim
Folgjende edysje 1988 Seoul
Temaside  Sport

De VIIe Paralympyske Simmerspullen waarden yn 1984 hâlden yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) en New York, (Feriene Steaten).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Paralympyske Simmerspullen fan 1984 waarden yn twa ferskillende lannen organisearre. Dit wie foaral te witen oan de Amerikaanske handikaptensport Organisaasjes en de wize fan Fûnsenwinnen. Mei namme de Amerikaanske Rolstoelsport Organisaasje woe sa’n soad ynfloed ha en sporters op de Spullen, dat it foar de oare Organisaasjes (Blinnen, Spastysksi en Amputearden) net te akseptearjen wie. Dy trije nasjonale organisaasjes besletten dêrop de mei ynstimming fan de 3 ynternasjonale Organisaasjes: IBSA (Blinnen), CP-ISRA (Spastysksi) en ISOD (Amputearden) om de Paralympyske Spullen yn New York, de Feriene Steaten te hâlden fan 16 juny oant 30 juny 1984, sûnder de rolstoelsporters.

Troch dy beslissing kamen de Spullen foar de rolstoelsporters op de tocht te stean. In poging om de Spullen foar rolstuollers dochs yn de Feriene Steaten te organisearjen, yn de steat Illinois en de stêd Champaign, fan 19 juny 1984 oant 4 july 1984, bleken al gau Finansjeel net helber, om’t de Amerikaanske Regearing al finansjele tasizzings dien hie oan de Spullen yn New York. Troch al it geharrewar trokken in protte grutte Sponsoren har ek werom. Under grutte ynternasjonale druk wie it Bestjoer fan Ynternasjonale Organisaasje foar de rolstoelsporten, ree te ûndersykjen as de Spullen ek yn Stoke Mandeville (Grut-Brittanje) organisearre wurde koene. Op dy lokaasje waarden ek altyd de jierlikse "Stoke Mandeville Spullen" hâlden. Spittigernôch blykte ek dêr, troch de koarte tiid dy’t noch beskikber wie, dat it jild dêr ek de Stroffelstien wurde soe.

De Nederlanner Pieter Joon, lid fan it bestjoer fan de ISMGF en fan it Nasjonaal Fûns Sport Gehandicapten (NFSG) yn Nederlân, en ek fisefoarsitter fan de Nederlanske ynfaliden Sportbûn (NIS) hat in wichtige finansjele subsydzje fan it NFSG krije kinnen foar de Spullen yn Grut Brittanje. Allinne troch dy finansjele stipe út Nederlân koene de Spullen fan 23 july 1984 oant 1 augustus 1984 in Stoke Mandeville organisearre wurde.

Medaljespegel[bewurkje seksje | edit source]

 Plak  Lân NPK Goud Sulver Brûns Totaal
1. Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 101 91 84 276
2. Grut-Brittanje Flagge fan Grut-Brittanje GBR 75 80 85 240
3. Sweden Flagge fan Sweden SWE 51 30 22 103
4. Kanada Flagge fan Kanada CAN 48 52 49 149
5. West-Dútslân Flagge fan West-Dútslân FRG 44 42 29 115
6. Nederlân Flagge fan Nederlân NED 44 40 17 101
7. Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 37 39 23 99
8. Austraalje Flagge fan Austraalje AUS 29 38 26 93
9. Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 22 24 20 66
10. Denemark Flagge fan Denemark DEN 22 6 11 39

Sporten[bewurkje seksje | edit source]

Dit jier stiene der 18 sporten op it programma, wêrfan Wrakseljen foar it lêst, en de Hynstesport foar it earst.


Dielnimmende Lannen[bewurkje seksje | edit source]

Yn totaal diene der sa'n 45 lannen mei oan de Spullen fan 1984.



Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]


Paralympyske Spullen
Simmerspullen | Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York & Stoke Mandeville 1984 | Seoul 1988 | Barselona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 |
Winterspullen | Örnsköldsvik 1976 | Geilo 1980 | Innsbrück 1984 | Innsbrück 1988 | Tignes-Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Fankoever 2010 | Sotsjy 2014 | Pyeongchang 2018 |
wizig


IPC logo (2004).svg
Paralympyske Simmerspullen 1984
Flag of the United States.svg
Flag of the United Kingdom.svg
Atletyk | Bankdrukke | Basketbal | Boccia | Bôgesjitte | CP-fuotbal | Follybal | Gewichtheffe | Goalball | Hurdfytse | Hynstesport | Koersbal | Skermje | Snooker | Sjitsport | Swimme | Tafeltennis | Wrakselje |
wizig