CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen

Ut Wikipedy

CP-fuotbal, yn it bûtenlân meastal Football 7-a-side neamd, is ien fan de sporten die op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. It wurdt spile troch fuotballers dy’t as gefolch fan in harsenbeskeadiging in motoaryske beheining hawwe. In protte fuotballers hawwe by de berte in harsensferlamming hân of op lettere leeftyd in harsensblieding, harsensynfarkt of harsenstumor krigen. Ek fuotballers dy’t troch in koma in licht motoarysk probleem hawwe, komme yn oanmerking om CP-fuotbal te spyljen.

Regels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regels foar it CP-fuotbal komme yn grutte linen oerien mei it gewoane fuotbal. In oantal regels is mar oars. In team bestiet út sân spilers, wêrûnder de doelman. Trije wiksels binne tidens de wedstriid tastien. In seleksje bestiet út tolve spilers. In wedstriid wurdt stoppe as in team minder as fjouwer fuotballers op it fjild stean hat. It fjild mjit 75 by 55 meter en it doel is lytser, 5 by 2 meter. Wedstriden besteane út twa helten fan in heal oere, mei in kertier pauze tuskentroch. As it nedich is wurdt der in ferlinging spile fan twa kear tsien minuten mei de golden goal regel; wa’t it earst skoart yn de ferlinging, wint de wedstriid.

Wichtischste ôfwikingen fan it reguliere fuotbal:

  • Der is gjin bûtenspulregel.
  • In yngoai mei mei ien hân útfierd wurde.
  • In doelman mei maksimaal fjouwer stappen dwaan mei de bal yn de hân.

Klasifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fuotballers moatte neffens de standert klasifikaasje yn ien fan de ûndersteande klassen yndield wurde:

  • C5: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn it rinnen en draven, mar dy’t gjin beheinings hawwe mei stean as sjitten.
  • C6: fuotballers dy’t beheinings hawwe yn de kontrôle en koördinaasje fan alle fjouwer de lichemsdielen; bygelyks as gefolch fan lykwichtsteurnis as Spastisiteit
  • C7: fuotballers mei hemiplegy, wêrby in lichemshelte beheind is en de oare helte normaal funksjonearret.
  • C8: fuotballers mei in mylde foarm fan boppesteande.

Tidens in wedstriid moat der altyd in C5 of C6 spiler yn it fjild stean. As dat net mooglik is, dan moat it team mei seis fuotballers fierder spylje. Dêrnêst meie der tagelyk maksimaal trije C8 spilers yn it fjild stean.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

CP-fuotbal stiet fan 1984 ôf op it programma fan de Paralympyske Spullen.

Medaljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edysje Goud Sulver Brûns
New York & Stoke Mandeville 1984 Flagge fan Belgje BEL Flagge fan Ierlân IRL Flagge fan Grut-Brittanje GBR
Seoel 1988 Flagge fan Nederlân NED Flagge fan Belgje BEL Flagge fan Ierlân IRL
Barselona 1992 Flagge fan Nederlân NED Flagge fan Portegal POR Flagge fan Ierlân IRL
Atlanta 1996 Flagge fan Nederlân NED Flagge fan Ruslân RUS Flagge fan Spanje ESP
Sydney 2000 Flagge fan Ruslân RUS Flagge fan Oekraïne UKR Flagge fan Brazylje BRA
Atene 2004 Flagge fan Oekraïne UKR Flagge fan Brazylje BRA Flagge fan Ruslân RUS
Peking 2008 Flagge fan Oekraïne UKR Flagge fan Ruslân RUS Flagge fan Iran IRI
Londen 2012 Flagge fan Ruslân RUS Flagge fan Oekraïne UKR Flagge fan Iran IRI
Rio de Janeiro 2016 Flagge fan Oekraïne UKR Flagge fan Iran IRI Flagge fan Brazylje BRA

Yn 1984 waard der ek troch fuotballers yn in rolstoel fuotballe, dit wiene de medaljes.

Edysje Goud Sulver Brûns
New York & Stoke Mandeville 1984 Flagge fan de Feriene Steaten USA Flagge fan Kanada CAN Flagge fan Grut-Brittanje GBR

Dielnimmende lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edysje Lannen
New York & Stoke Mandeville 1984 Belgje Grut-Brittanje Feriene Steaten Ierlân Portegal Kanada
Seoel 1988 Nederlân Belgje Ierlân Súd-Koreä Austraalje
Barselona 1992 Nederlân Grut-Brittanje Brazylje Feriene Steaten Portegal Ierlân Belgje Spanje
Atlanta 1996 Nederlân Spanje Argentynje Portegal Ruslân Feriene Steaten Ierlân Brazylje
Sydney 2000 Oekraïne Portegal Argentynje Nederlân Ruslân Brazylje Spanje Austraalje
Atene 2004 Oekraïne Argentynje Iran Ierlân Brazylje Ruslân Nederlân Feriene Steaten
Peking 2008 Ruslân Brazylje Nederlân Sina Oekraïne Iran Ierlân Grut-Brittanje
Londen 2012 Argentynje Brazylje Grut-Brittanje Iran Nederlân Ruslân Oekraïne Feriene Steaten
Rio de Janeiro 2016 Argentynje Brazylje Feriene Steaten Grut-Brittanje Iran Ierlân Nederlân Oekraïne

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


CP-fuotbal op de Paralympyske Simmerspullen
New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016
wizigje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje