Wiarda (De Súdlannen)
Appearance
Wiarda is in buorskip en wyk yn it suden fan de stêd Ljouwert. De wyk is sels gjin doarp, mar is in wenwyk dy't yn de foarm fan in doarp boud waard, en leit besúdeasten it doarp Goutum. De wyk is part fan de gruttere wyk De Súdlannen.
Mei de bou fan Wiarda waard yn 2015/2016 úteinset, en wie dêrmei de tredde buorskip fan De Súdlannen. It is in wetterryk wykdoarp. Wiarda waard neamd nei de Wiarda State, dy't oant de 19e iuw ien fan de grutste steatlike huzen yn Fryslân wie, en dy't doe ûnder Goutum foel.