Springe nei ynhâld

Trolls (film)

Ut Wikipedy
Trolls
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Mike Mitchell
Walt Dohrn (ko-regisseur)
produsint Gina Shay
senario Jonathan Aibel
Glenn Berger
basearre op de Good Luck Trolls
   kreëarre troch Thomas Dam
muzyk Christophe Beck
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Anna Kendrick
Justin Timberlake
byrollen Zooey Deschanel
Christopher Mintz-Plasse
Christine Baranski
Russell Brand
James Corden
Gwen Stefani
Jeffrey Tambor
John Cleese
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 novimber 2016
foarm lange tekenfilmmusical
sjenre fantasykomeedzjebernefilm
taal Ingelsk
spyltiid 93 minuten
budget en resultaten
budget $125 miljoen
opbringst $346,9 miljoen
prizen 1 × Grammy Award
filmsearje
filmsearje Trolls
● folgjend diel Trolls: World Tour

Trolls is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical út 2016 yn 'e foarm fan in fantasykomeedzjebernefilm ûnder rezjy fan Mike Mitchell. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Anna Kendrick en Justin Timberlake, mei Zooey Deschanel, Christopher Mintz-Plasse, Christine Baranski, Russell Brand, James Corden, Gwen Stefani, Jeffrey Tambor en John Cleese yn ûnderstypjende rollen. De titel betsjut "Trollen". De film is in jukeboxmusical, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Trolls-franchise. Film en franchise binne basearre is op it boartersguod Good Luck Trolls fan Thomas Dam. It ferhaal folget prinsesse Poppy, dy't besykje moat har freonen te rêden fan 'e ellindige bergens, meunsterlike wêzens dy't trollen ite om lokkich te wurden. Trolls krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. In ferfolch, Trolls: World Tour, kaam yn 2020 út.

De trollen binne lytse, kleurrike wêzentsjes mei hier dat se nei beleavjen útgroeie en ynlûke kinne. Se ferkeare yn in steat fan hast folsleine en oanhâldende gelokkigens, en de hiele dei dogge se oars net as sjonge, dûnsje, inoar oankrûpe en wille meitsje. Oan harren soargeleaze bestean komt lykwols in ein as se ûntdutsen wurde troch de bergens: grutte, lilke, gemiene wêzens dy't yn in oanhâldende steat fan ellindigens libje. As de bergens foar it ferstân krije dat se inkeld gelokkigens ûnderfine kinne as se in trol opite, meitsje se in koai om 'e trollebeam hinne en bouwe se dêr harren stêd wer om hinne. Ien dei yn it jier, mei Trollstice (in wurdboarterij op Solstice, "sinnekear") fange se in stikmannich trollen om se ta te meitsjen en op te iten, sadat se foar in koart skoftke allegear gelokkich wêze kinne.

Dêr komt in ein oan as de trollen ûnder lieding fan harren kening, Peppy, ûntsnappe troch in lange tunnel dy't se groeven hawwe oant bûten de delsetting fan 'e bergens. Dat liedt ta djip fertriet by prins Gristle, de jonge soan fan Gristle sr., de kening fan 'e bergens, dy't noch nea in trol hân hie en krekt dat jier mei Trollstice de lytse prinsesse Poppy opite soe. Poerrazen oer de ûntsnapping ferballet kening Gristle sr. de Kokkinne út 'e bergen-stêd, mei't sy ferantwurdlik holden wurdt foar it fiasko. De wrokjende Kokkinne swart by harsels dat se de trollen weromfine en dan de monargy fan 'e bergens ûnder fuotten helje sil.

Tweintich jier letter libbet de no folwoeksen prinsesse Poppy mei de oare trollen yn it wâld, dêr't se harren feilich wane foar de bergens. De hiele dei makket Poppy oan ien wei troch wille mei har frijer Creek, in trol mei in positive persoanlikheid en in zen-eftige wiisheid, en har freonen Biggie, Cooper, Satin en Chenille, Guy Diamond, Harper, Smidge en Fuzzbert. Op in jûn hâldt se it grutste feest út 'e skiednis fan 'e trollen, sûnder har om it leven of de sichtberens fan it fjoerwurk te bekroadzjen. Branch, de iennichste pessimistyske en foarsichtige trol, warskôget har dat se op dy manear de bergens oanlûke sil, mar Poppy-en-dy hawwe de gek mei him. Branch syn warskôgings komme lykwols út as de Kokkinne, dy't noch altyd op 'e siik is nei de trollen, de lûde muzyk heart en it fjoerwurk sjocht. Hja arrivearret as it feest yn folle gong is en grypt Creek en al Poppy har bêste freonen foar't de trollen foar it ferstân hawwe wat der geande is en harren ferskûlje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Poppy wol har freonen rêde, mar har heit Peppy seit dat har freonen ferlern binne. Poppy wegeret dat te akseptearjen, en as gjin inkele oare trol mei har gean wol, beslút se op eigen manneboet op rêdingsmisje te gean. Se bringt alle oare trollen ûnder yn 'e oerlibbingsbunker dy't Branch foar himsels boud hie, wêrmei't se bewissiget dat hysels dêr net mear wêze wol. Poppy wurdt al rillegau finzennommen troch in groepke spinnen, mar as dy har opite sille, wurdt se rêden troch Branch, dy't har tsjin betterwitten yn efternei kommen is. Mei de ûnwinske help fan 'e tige yrritante antropomorfe wolk Cloud Guy witte se fia de âlde ûntsnappingstunnels de oarspronklike trollebeam yn 'e stêd fan 'e bergens te berikken, dêr't se fersteld steane fan 'e ellindigens fan 'e wêzens.

Poppy en Branch kringe it kastiel binnen, dêr't no kening Gristle jr. regearret. Se binne tsjûge fan 'e triomfantlike weromkear fan 'e Kokkinne, dy't Gristle manipulearret om Trollstice wer yn te stellen. Se fiteret him ek oan om Creek op te iten, mei't de jonge kening noch nea in trol hân hat en dêrom ek noch nea gelokkigens field hat. Poppy en Branch kinne net sjen wat der dan bart, mar Branch is derfan oertsjûge dat it dien is mei Creek, hoewol't Poppy hope hâldt op it oerlibjen fan har frijer. Underwilens sykje en fine Poppy en Branch de rest fan 'e finzennommen trollen, dy't troch de Kokkinne yn bewarring jûn binne oan 'e kokenfaam Bridget.

As Bridget harren trappearret, biedt Poppy oan om har te helpen op in ôfspraakje te gean mei kening Gristle jr., op wa't se hopeleas fereale is. Yn ruil dêrfoar moat Bridget har helpe om nei te gean oft Creek noch libbet. De trollen sjonge in ferske om Bridget oer te heljen, mar Branch wegeret om mei te sjongen, wat liedt ta spul mei Poppy. It docht bliken dat Branch as jonkje yn 'e trollebeam yn 'e bergen-stêd op in kear sa opgie yn syn sjongen, dat er net murk dat de Kokkinne him pakke soe om him op te iten. Hy waard rêden troch syn beppe Rosiepuff, dy't doe yn syn plak troch de Kokkinne opiten waard. Om't Branch mient dat syn sjongen de dea fan syn beppe wurden is, hat er sûnt dy dei nea wer songen.

De trollen foarsjogge Bridget fan in momkape troch har op 'e holle sitten te gean en harren hier útgroeie te litten, sadat it krekt liket as hat sy sels lang wielderich hier. As 'frouwe Glittersparkles' hat se dêrnei in ôfspraakje mei kening Gristle jr., wêrby't Poppy en de oare trollen har oanhâldend ynflústerje wat se sizze moat. Gristle is bot fan har ûnder de yndruk, mar as er har freget wat se sa leuk oan him fynt, falt se stil, mei't Poppy en de oare trollen neat goeds betinke kinne om oer it uterlik fan 'e walchlike Gristle te sizzen. Branch nimt dan it wurd oer en flústeret Bridget samar de meast romantyske omskriuwings yn, en Poppy beseft dat er it eins oer harsels hat en dat er temûk fereale op har is. Under it ôfspraakje mei kening Gristle merkt Poppy op dat Creek yndie noch libbet en finzen holden wurdt yn in holle brosje dêr't Gristle syn keningsmantel mei fêstgaspe hat.

Nei ôfrin fan it ôfspraakje kringe de trollen de fertrekken fan Gristle binne en stelle de brosje. Gristle sels merkt neat, mar syn krokkedil-eftige húsdier nammenstemear. It bist set de trollen efternei, dy't mar nauwerneed witte te ûntsnappen. De brosje blykt lykwols leech te wêzen. As de Kokkinne harren oer it mad komt, wurde de trollen op 'e nij finzen nommen, diskear mei Poppy en Branch deropta. Poppy is skokt as se foar it ferstân kriget dat Creek sa bang is om opiten te wurden, dat er it mei de Kokkinne op in akkoartsje goaid hat: hy sil har nei de oare trollen ta liede, en yn ruil dêrfoar mei er libjen bliuwe. Se begrypt dat syn 'positive libbenshâlding' en syn 'zen-wiisheid' altyd mar bedragerij west hawwe, en dat er neat oars is as in leffe ferrieder. Creek giet mei de Kokkinne it wâld yn, dêr't er de trollen út Branch syn bunker lokket troch himsels foar te dwaan as Poppy. Alle trollen wurde dêrnei fongen troch de bergens en by Poppy en Branch en harren freonen yn in reuseftige itensiederspanne smiten, wêrfan't it lid mei klammen fêstset wurdt.

Poppy har hert is brutsen, en se rekket wei yn fertriet en wanhope, sadat se har kleur ferliest en griis wurdt. As se dat sjogge, litte alle oare trollen de moedfearren ek hingje en ferlieze ek har kleur. Branch sjongt dan it ferske True Colors foar Poppy, wêrmei't er syn mear as tweintich jier fan net-sjongen ferbrekt en tagelyk syn leafde foar har opbychtet. Stadichoan kriget Poppy har kleur werom, en se beseft dat se fereale rekke is op Branch. Alle oare trollen krije ek har kleuren werom en itselde jildt foar Branch syn hier, dat nei de dea fan syn beppe griis wurden wie en no wer blau wurdt.

It is Bridget har taak om 'e trollen op te tsjinjen, mar ynstee nimt se de grutte panne mei nei de poarte fan it kastiel en lit se de trollen frij, ek al wit se dat se dêrtroch sels in raar gat yndraaie sil. Poppy kin it net goedkrije om Bridget sa efter te litten, dat mei Branch en har freonen giet se werom it kastiel yn, dêr't se kening Gristle jr. sjen lit dat de kokenfaam Bridget deselde is as frouwe Glittersparkles. Poppy lit him tajaan dat er him op syn ôfspraakje mei frouwe Glittersparkles gelokkich field hat sûnder dat er ea in trol opiten hie. Dat is it bewiis dat bergens ek gelokkich wêze kinne en dat it hielendal net nedich is om dêrfoar trollen te iten. Gelokkigens, sa hâldt Poppy de ynienen hoopfolle bergens foar, sit al yn harren; se moatte it allinne noch sjen te finen.

Hoewol't dat kening Gristle jr. en de oare bergens skoan taliket, wegeret de Kokkinne it te akseptearjen, om't sy al har status ûntlient oan it tameitsjen fan trollen. Se knoffelet lykwols op in optsjinkarke en wurdt troch de trollen tegearre mei de ferrieder Creek by de heuvel fan it kastiel en út 'e stêd fan 'e bergens riden. De trollen en bergens fiere mei-inoar feest en de magy dy't dat opsmyt, bringt nij libben en wat heechnedige fleur en kleur yn 'e grize stêd. Kening Peppy ropt syn dochter Poppy út ta keninginne fan 'e trollen, en Poppy en Branch falle inoar yn 'e earms. Yn in sêne nei de ôftiteling besiket de Kokkinne bûten de stêd om Creek op te iten, mar ear't se dat dwaan kin wurde se allebeide opfretten troch in reuseftich heuvelmeunster.

Anna Kendrick.
Justin Timberlake.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
prinsesse Poppy Anna Kendrick
Branch Justin Timberlake


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bridget Zooey Deschanel
kening Gristle jr. Christopher Mintz-Plasse
de Kokkinne Christine Baranski
Creek Russell Brand
Biggie James Corden
DJ Suki Gwen Stefani
kening Peppy Jeffrey Tambor
kening Gristle sr. John Cleese
Cooper Ron Funches
Satin en Chenille Icona Pop
Guy Diamond Kunal Nayyar
Harper Quvenzhané Wallis
Smidge Walt Dorhn
Fuzzbert Walt Dohrn
Cloud Guy Walt Dohrn
de jonge prinsesse Poppy Iris Dohrn
de jonge Branch Liam Henry
beppe Rosiepuff GloZell (Amerikaanske ferzje)
beppe Rosiepuff Susanna Reid (Britske ferzje)
beppe Rosiepuff Dami Im (Australyske ferzje)
Moxie Dewdrop Meg DeAngelis (Amerikaanske ferzje)
Moxie Dewdrop Connie Glynn (Britske ferzje)
Aspen Heitz Ricky Dillon (Amerikaanske ferzje)
Aspen Heitz Greg James (Britske ferzje)
Mandy Sparkledust Kandee Johnson (Amerikaanske ferzje)
Mandy Sparkledust Abbey Clancy (Britske ferzje)
Mr. Dinkles Walt Dohrn
Cookie Sugarloaf Grace Helbig (Amerikaanske ferzje)
Cookie Sugarloaf Carrie Hope Fletcher (Britske ferzje)
Chad Mike Mitchell
Todd Curtis Stone
Bibbly Rhys Darby

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 2010 waard troch filmstudio DreamWorks Animation in lange tekenfilm oankundige dy't basearre wêze soe op 'e troch Thomas Dam ûntwikkele boartersguodrige Good Luck Trolls. Yn 2012 waard Chloë Grace Moretz yn 'e haadrol cast. Tsjin april 2013 wist de studio de filmrjochten te keapjen fan Dam Things. Uteinlik ferfong Anna Kendrick Moretz as de haadrolspylster. De film waard regissearre troch Mike Mitchell, dy't Walt Dohrn as ko-regisseur hie. It senario waard skreaun troch Jonathan Aibel en Glenn Berger. As filmprodusinte wie Gina Shay belutsen by it projekt, dêr't in budget fan $125 miljoen foar beskikber wie.

Regisseur Mike Mitchell en mei-regisseur Walt Dohrn yn 2016 by de presintaasje fan 'e film op 'e San Diego Comic-Con.

De filmmuzyk foar Trolls waard fersoarge troch Christophe Beck. Trolls is in saneamde jukeboxmusical, wat sizze wol dat der gâns âldere ferskes yn songen wurde. Dêrûnder binne The Sound of Silence fan Simon & Garfunkel, Hello fan Lionel Richie, I'm Coming Out fan Diana Ross, True Colors fan Cyndi Lauper en It's a Sunshine Day fan The Brady Bunch. It orizjinele liet Can't Stop the Feeling! waard in reuseftige hit, dy't yn 17 ûnderskate lannen it earste plak yn 'e hitlisten berikte, wêrûnder de Feriene Steaten en Kanada. It soundtrackalbum Trolls, dat op 23 septimber 2016 ferskynde by platemaatskippij RCA Records, waard sertifisearre as platina yn 'e Feriene Steaten en Austraalje.

De distribúsje fan Trolls waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film waard foar it earst fertoand op 8 oktober 2016 yn it ramt fan 'e feestlike iepening fan it BFI Filmfestival fan Londen. Trolls gie op 4 novimber 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 24 jannewaris 2017 kaam de film beskikber as digitale download, en op 7 febrewaris fan dat jier waard er útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Trolls mingde resinsjes. Lindsey Bahr fan it parseburo Associated Press skreau: "Uteinlik is de "wurd-mar-gelokkich"-moraal fan it ferhaal, hoewol ôfkôge yn ferhâlding mei in film as Inside Out, foldwaande farsk foar de doelgroep." Alonso Duralde fan TheWrap skreau lykwols dat de film "de amper oanwêzige karakterisaasje en yrritante skattichheid fan The Smurfs kombinearret mei it fuoililke personaazje-ûntwerp en de ôfgryslike popstyl fan Strange Magic.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Trolls in frij heech goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 162 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt syn fuortendaliks werkenbere personaazjes op it grutte skerm yn in kleurryk aventoer, dat, ek al is it benammen rjochte op it jongere publyk, de âldelju net alhiel ferjit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Trolls in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 32 resinsjes.

Trolls brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $153,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $193,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $346,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 miljoen betsjut dat in winst fan $221,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It tydskrift Deadline Hollywood rûsde dat dy $105 miljoen bedroegen, wat in skjinne winst opleverje soe fan krapoan $117 miljoen.

Trolls waard nominearre foar in grut tal prizen, wêrûnder sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste orizjinele liet (Can't Stop the Feeling! fan Max Martin, Shellback en Justin Timberlake), en fierders 4 Annie Awards, in American Music Award, in Billboard Music Award, 2 Critics' Choice Awards, 4 Nickelodeon Kids' Choice Awards, 2 Satellite Awards, in Saturn Award en 2 Teen Choice Awards. De film wûn de Grammy Award foar bêste liet skreaun foar fisuele media (Can't Stop the Feeling!).

Troch syn grutte súkses stie Trolls oan it begjin fan in mediafranchise, dy't ek fan Trolls hjit. Der binne twa tekenfilmsearjes en in tillefyzjespecial fan makke, en yn 2020 kaam der in ferfolchfilm yn 'e bioskopen, mar as titel Trolls: World Tour.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Trolls (filmsearje)
lange films
Trolls (2016) • Trolls: World Tour (2020) • Trolls Band Together (2023)
koarte films
Trolls: Holiday (2017) • Trolls: Holiday in Harmony (2021)