Trolls: Holiday in Harmony

Ut Wikipedy
Trolls: Holiday in Harmony
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sean Charmatz
Tim Heitz
útfierend
   produsint
Walt Dohrn
Gina Shay
senario Sean Charmatz
Tim Heitz
muzyk Joseph Shirley
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje NBCUniversal TV Distribution
spilers
haadrollen Anna Kendrick
Justin Timberlake
byrollen Kenan Thompson
Rachel Bloom
Jenny Mermelstein
Kunal Nayyar
Ron Funches
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 novimber 2021
foarm koarte tekenfilm, tillefyzjespecial,
jukeboxmusical
sjenre fantasyfilm, bernefilm, krystfilm
taal Ingelsk
spyltiid 26 minuten
filmsearje
filmsearje Trolls
● foarich diel Trolls: World Tour

Trolls: Holiday in Harmony is in Amerikaanske tillefyzjespecial en jukeboxmusical yn it ramt fan 'e kryst en yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre koarte tekenfilm. De film út 2021 stie ûnder rezjy fan Sean Charmatz en Tim Heitz en hie Anna Kendrick en Justin Timberlake yn 'e haadrollen. De titel betsjut "Trollen: Hjeldei yn Harmony". De film makket diel út fan 'e Trolls-franchise. Yn Trolls: Holiday in Harmony hâlde de trollen in útwikseling fan kado's yn ferbân mei de feestdagen. Keninginne Poppy en har frijer Branch hawwe by tafal inoars nammen lutsen, mar witte net wat se inoar jaan moatte. Trolls: Holiday in Harmony waard op 26 novimber 2021 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch tillefyzjenetwurk NBC.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e oanrin nei de feestdagen seit keninginne Poppy fan 'e trollen tsjin Branch, mei wa't se ferkearing hat, dat se fan doel is om dit jier in útwikseling fan kado's te organisearjen. Dêrfoar hat se kuorren fol útnûgings skreaun, wêrfan't elts de namme fan in oare trol yn it Trollekeninkryk befettet. De trol dy't de útnûging kriget, moat dan in kado meitsje foar de trol waans namme by de útnûging yn sit. Mei trije dagen sille alle kado's útwiksele wurde. Sa kriget eltsenien in kado, mar fan wa, dat bliuwt geheim. Mei help fan Branch bringt Poppy de útnûgings rûn. As dat klear is, hâlde se allebeide ien útnûging oer foar harrensels. Troch poer tafal hawwe se inoars namme lutsen. Poppy is dêr entûsjast oer, mar Branch hie leaver lykfol hokker namme as harres lûke wollen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By it útdielen fan 'e útnûgings lûkt Tiny Diamond de namme fan syn heit Guy Diamond. Hy beslút syn heit in rap te jaan, mar kin gjin wurd fine dat op "Diamond" rymt en tinkt dan dat er syn "flow" kwytrekke is. Nei't it ferskate kearen mislearre is om dat probleem op eigen krêft te oerkommen, siket er help fan oaren, earst by de Rhime-a-saurus, dan by Wind Breeze, en úteinlik by de Wolkmûntsen dy't op 'e top fan in hege berch libje en in ûnthjit fan stilte ôflein hawwe. De mûntsen helpe him yn stilte om te beseffen dat er net op "Diamond" hoecht te rimen; hy kin ommers ek op "Heit" rime. Dan is er gau klear.

Underwilens binne de trollen drok dwaande mei it meitsjen fan harren kado's. Poppy makket fol selsfertrouwen in reuseftich pakje, wylst Branch sa senuweftich is as wat oer wat er it fanke jaan moat dat alles al hat en boppedat ek noch oeral tige hege easken oan stelt. Lang om let beslút er har in masine te jaan dy't har hier opmakket. Dêrfoar moat er har holle opmjitte sûnder dat se it merkt, wat him úteinlik slagget troch har earst te ferblynjen mei de flits fan in fototastel.

Letter merkt Branch op, as er de foto dy't er makke hat ris goed besjocht, dat oan har reuseftige pakje in kaartsje mei de tekst "foar Branch" hinget. Hy beseft dat it gigantyske kado foar hìm is, wat him noch folle senuweftiger makket, want wat as har kado oan him folle better of moaier of djoerder is as sines oan har? Yn panyk draait Branch hielendal troch. Hy bout net inkeld in masine dy't Poppy har hier dwaan kin, mar foeget dêr almar mear funksjes oan ta. As er op 't langelêst tefreden is, test er it apparaat, dat dêrby ûntploft om't er it fierstente yngewikkeld makke hat. Branch wurdt de romte yn lansearre en komt mei in pynlike klap wer del.

Wannear't Tiny him op 'e grûn lizzen sjocht en freget wat der oan is, fertelt Branch him wat der bard is en jout er ta dat er faald hat. Tiny jout him de wysheid troch dy't de Wolkmûntsen him krekt taparte hawwe, om troch de bysaken hinne te sjen. Branch kin neat mei dat advys, oant er by it oprêden fan syn wurkplak in heal teskroeide foto fan Poppy en himsels weromfynt en beseft wat er dwaan moat.

Letter, by de útwikseling fan 'e kado's, fertelle Poppy en Branch inoar dat se inoars namme lutsen hiene. Branch jout Poppy in plakboek dêr't er foto's en oantinkens yn ferwurke hat fan wat harren oerkommen is sûnt se mei-inoar yn 'e kunde kommen binne. Hy seit dat syn echte kado foar har ûntploft is en dat dit alles wie dat er har jaan koe. Sy is lykwols oan triennen ta roerd en fynt it kado prachtich. As Poppy it reuseftige kado iepenmakket dat se foar Branch makke hie, docht bliken dat it leech is, om't se neat fine koe dat goed genôch foar him wie. Dat komt foar Branch eins as in grutte opluchting. Se krûpe inoar oan en beseffe dat se inkeld ferlet hawwe fan inoar. Branch stelt foar om takom jier gjin kado's, mar ferskes út te wikseljen, wat Poppy in goed idee taliket.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anna Kendrick.
Justin Timberlake.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
keninginne Poppy Anna Kendrick
Branch Justin Timberlake


byrollen
personaazje               akteur/aktrise
Tiny Diamond Kenan Thompson
keninginne Barb Rachel Bloom
Delta Dawn Jenny Mermelstein
Guy Diamond Kunal Nayyar
Cooper Ron Funches
prins Darnell Anderson .Paak
kening Trollex Anthony Ramos
Cloud Guy Walt Dohrn
Legsly Ester Dean
Mr. Dinkles Walt Dohrn
Flowerface Balloon Da'Vine Joy Randolph
Wind Breeze Carol Burnett
Penelepuff Kylie Jenner
Rhyme-a-saurus Travis Scott
Val Thundershock Lauren Mayhew
Holly Darlin' Megan Hilty

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trolls: Holiday in Harmony is in koarte tekenfilm mei in spyldoer fan 26 minuten. De film waard regissearre troch Sean Charmatz en Tim Heitz nei in senario fan harrensels. As útfierende produsinten wiene Walt Dohrn en Gina Shay by it projekt belutsen foar de tekenfilmstudio DreamWorks Animation. De filmmuzyk waard fersoarge troch Joseph Shirley.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trolls: Holiday in Harmony waard, yn ferbân mei de oankommende krystdagen, op 26 novimber 2021 (Swarte Freed) foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch tillefyzjenetwurk NBC. De film waard op 30 novimber fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray, yn 'e mande mei Trolls: Holiday, in eardere koarte tekenfilm út 2017, dy't ek in krysttema hie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Trolls (filmsearje)
lange films
Trolls (2016) • Trolls: World Tour (2020) • Trolls Band Together (2023)
koarte films
Trolls: Holiday (2017) • Trolls: Holiday in Harmony (2021)