The Beguiled (film út 1971)
The Beguiled | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Don Siegel | |
produsint | Don Siegel | |
senario | Albert Maltz as John B. Sherry Irene Kamp as Grimes Grice Claude Traverse | |
basearre op | de roman fan Thomas P. Cullinan | |
kamerarezjy | Bruce Surtees | |
muzyk | Lalo Schifrin | |
filmstudio | The Malpaso Company | |
distribúsje | Universal Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood Geraldine Page Elizabeth Hartman | |
byrollen | Jo Ann Harris Mae Mercer Pamelyn Ferdin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 28 maaie 1971 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 100 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ûnbekend | |
opbringst | $1,1 miljoen |
The Beguiled is in Amerikaanske histoaryske dramafilm mei eroatyske eleminten út 1971 ûnder rezjy fan Don Siegel. De film wurdt ek wol ta it Southern Gothic-sjenre rekkene. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Geraldine Page en Elizabeth Hartman. De titel betsjut safolle as "Dejinge(n) dy't Mislaat wurde troch Bedroch" of "Dejinge(n) dy't ûnder de Tsjoen reitsje fan Garisma". The Beguiled waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Thomas P. Cullinan. It ferhaal spilet yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en folget in ferwûne Noardlike soldaat dy't beskûl fynt yn in Súdlike kostskoalle foar famkes dy't fol sit mei seksueel frustrearre froulju. The Beguiled ûntfong fan 'e doetiidske Amerikaanske filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en flopte yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn Frankryk betsjutte de film lykwols de trochbraak foar Eastwood. Yn lettere jierren fûn der ek yn 'e Feriene Steaten in werwurdearring fan The Beguiled plak. Yn 2017 regissearre Sofia Coppola in remake dy't ek The Beguiled hiet, mei Colin Farrell, Nicole Kidman en Kirsten Dunst yn 'e haadrollen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1863, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, giet Amy, in tolvejierrige learlinge fan in kostskoalle foar jongedames op it plattelân fan Mississippi, te poddestoelfandeljen yn 'e omlizzende bosk. Dêre treft se in ferwûne Noardlike militêr oan, korporaal John McBurney. De man smeket har om help, dat Amy beslút him mei te nimmen nei de kostskoalle. Underweis moatte se harren yn 'e ûndergroei ferskûlje foar in stikmannich passearjende Konfederearre militêren. Om foar te kommen dat Amy syn oanwêzigens ferriedt, tutet McBurney it famke op 'e mûle. Dêrmei soarget er der ûnbedoeld foar dat se op slach smoarfereale op him rekket.
De kostskoalle is eins in lângoed mei in lânhûs dat omjûn wurdt troch in grut hiem, ôfskaat fan 'e bûtenwrâld troch in ringmuorre mei in smei-izeren stek yn 'e tagongspoarte. Nei't McBurney troch Amy mei muoite nei de poarte ta holpen is, warskôget se troch it lieden fan in lytse liedklok de oare bewenners fan 'e kostskoalle. Dat binne boppemasteresse en eigneresse fan 'e skoalle Martha Farnsworth, ûnderwizeress Edwina Dabney, in stik as tsien skoalfamkes yn 'e âldens fan tolve oant santjin jier en frou Farnsworth har negerslavinne Hallie.
Frou Farnsworth is der alhiel net bliid mei dat Amy mei McBurney oansetten komt en feecht it fanke de mantel út oer de fraach wêrom't se him net gewoan yn 'e bosk lizze litten hat. Se beslút dat er sa gau mooglik oan 'e Konfederearre autoriteiten oerdroegen wurde moat, en bynt in blauwe fodde oan 'e spilen fan it poartestek as sinjaal oan passearjende Konfederearre troepen dat hjir in Noardlike militêr is. Oant McBurney ôfhelle wurdt om yn kriichsfinzenskip te gean, moatte se dochs wat mei him, dat de froulju tôgje him nei de muzykkeamer, dêr't se in bêd foar him opmeitsje. Hallie en frou Farnsworth waskje him en fersoargje syn wûnen.
Al rillegau komt der oer de wei by de poarte lâns in konfoai fan Konfederearre militêren dy't in groep Noardlike kriichsfinzenen begeliede. Om't frou Farnsworth fan moarns ier oant jûns let de famkes om bar op it dak fan it lânhûs de wacht hâlde lit, kriget se dêr ier tynge fan. Se giet it konfoai yn 'e mjitte mei de bedoeling om 'e oanwêzigens fan McBurney oan te jaan, mar as se sjocht hoe min oft de Noardlike kriichsfinzenen behannele wurde, en as de befelfierend ofsier, in kaptein, har ferteld wat in raar gat oft de mannen yndraaie sille yn it kriichsfinzenekamp, wifket se en úteinlings beslút se har stil te hâlden. De blauwe lape, dy't noch net troch de militêren opmurken is, fertsjustermoannet se gau. Werom yn 'e kostskoalle rasjonalisearret se har fan gedachten feroarjen troch te sizzen dat McBurney earst fan syn ferwûnings bekomme en oansterkje moat, om't er oars it kriichsfinzenekamp net oerlibje sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn 't earstoan wurdt McBurney opsletten yn 'e muzykkeamer, mar mei't alle bewensters fan 'e kostskoalle blykber witte wêr't de kaai opburgen wurdt, hat er gâns oanrin. En as de doar net iepen kin, dan is it altyd noch mooglik om fia it finster te kommunisearjen, troch de tuskenromte yn 'e louvreblinen hinne. Amy besiket McBurney om him yn 'e kunde te bringen mei Randolph, de skylpod dy't se as húsdier hâldt. Oare besyksters binne Hallie, dy't him yn opdracht fan frou Farnsworth in skearbeurt jout, de skoaljuffer Edwina, dy't nettsjinsteande har 23 jier noch nea in relaasje mei in man hân hat en har fuortendaliks ta him oanlutsen fielt, en de santjinjierrige, ierripe learlinge Carol, dy't seksuele avanses yn 'e rjochting fan McBurney makket mei in foarkommen fan ûnderfining op dat mêd.
McBurney, dy't likegoed dea wêze of yn in kriichsfinzenekamp fuortrotsje kinnen hie, mient dat er mei it frouljusdomein fan 'e kostskoalle in lot yn 'e lotterij wûn hat. Hy is in sjarmeur, dy't it mei moaipraten besiket oan te lizzen mei Edwina, Hallie en Carol. It hâlden en dragen fan McBurney set de froulju yn 'e kostskoalle ûnbedoeld tsjininoar op en njonkelytsen rekket de sfear der fol fan jaloerskens en mislieding. Nei't Carol, dy't it earder mei súkses mei McBurney besocht oan te lizzen, sjocht hoe't de korporaal Edwina tutet, bynt se út wraak wer in blauwe lape oan it poartestek. It tafal wol dat der al binnen in pear minuten in groep Konfederearre soldaten foarby komt, dy't nei it sjen fan 'e lape it hiem fan 'e kostskoalle op geane. De op krukken ommankepoatsjende McBurney kin net útnaaie en rekket slaande deilis mei ien fan 'e mannen. Frou Farnsworth rêdt him troch te bearen dat er har efterneef út Teksas is, in Konfederearre soldaat dy't ûnder har fersoarging opbetteret fan syn ferwûnings.
Frou Farnsworth is eins in seksueel frustrearre dame út 'e Súdlike maatskiplike hegerein, dy't, sa blykt út flashbacks, jierrenlang in ynsestueuze relaasje mei har broer Miles ûnderhold foar't dyselde ôfsetten is nei it front en weiwurden is. Sy rekket ek fereale op McBurney en makket losfêste plannen om him op 'e kostskoalle oan it wurk te hâlden as in hantsjemuoisfeint. McBurney wjerstiet har seksuele avânses, mar fiteret se tagelyk oan om't er wol foar it ferstân hat dat frou Farnsworth dejinge is dy't beslist wat der mei him bart.
Op in jûn wurdt de doar fan 'e muzykkeamer los litten. McBurney, dy't útnûgings krigen hat fan Carol, Edwina en frou Farnsworth om harren bêd te dielen, wit suver net wat er dwaan sil. Hy giet de draaitreppen op nei de earste ferdjipping, dêr't er stiet te wifkjen tusken de doarren fan 'e keamers fan Edwina en frou Farnsworth. Op dat stuit komt Carol by de trep nei de souder del om him op te heljen en kiest er foar har. Se hawwe lykwols tefolle leven, en Edwina, wa har keamer rjocht ûnder dy fan Carol is, heart gestommel en laitsjen, dat se giet nei de souder en iepenet de doar fan Carol har keamer. As se sjocht hoe't McBurney seks hat mei Carol, ûntstekt se yn in jaloerske razernij wêrby't se op 'e op har takommende McBurney ynhuft mei in kjerskandler. McBurney ferliest syn lykwicht en kneppelet by de draaitreppen del oant er hielendal ûnderoan, yn 'e hal op 'e begeane grûn, bewusteleas stil komt te lizzen. Hy hat syn dochs al ferwûne skonk brutsen, en de skynbonke stekt in hiel ein ta de hûd út.
Frou Farnsworth hâldt út dat it gjin sin hat en besykje om 'e brutsen bonke teplak te triuwen en genêzen, mei't McBurney dan perfoarst ferstjerre sil oan kâldfjoer. De iennichste manear om syn libben te rêden, is om syn skonk te amputearjen. De froulju tôgje him nei de koken en bine him fêst op 'e kokentafel, wêrnei't frou Farnworth de skonk fuort ûnder de knibbel ôfseaget. Wannear't McBurney wekker wurdt en foar it ferstân kriget dat syn skonk ôfset is, wurdt er breinroer fan lulkens, mei't er derfan oertsjûge is dat frou Farnsworth de amputaasje útfierd hat as foarm fan wraak om't er de foargeande jûns hàr sliepkeamer net keazen hat.
Neitiid wurdt McBurney wer opsletten yn 'e muzykkeamer, mar hy bepraat Carol troch it finster om 'e doar foar him iepen te dwaan. Wylst de froulju sitte te iten, bejout er him nei de sliepkeamer fan frou Farnsworth, dêr't er har pistoal stelt en de brieven fan har broer Miles lêst, dêr't harren ynsestueuze relaasje út blykt. Neitiid giet er nei de kelder, dêr't er him besûpt oan in pear flessen efterútholden wyn. Dronken presintearret er him yn 'e koken by de froulju, dy't er bedriget mei it pistoal. Hy beskuldiget frou Farnsworth derfan dat se him finzen hâlde wol en bringt mei-iens ek it aard fan har relaasje mei har broer út. Amy besiket de sitewaasje del te bêdzjen troch mei Randolph de skylpod oan te kommen, mar yn syn razernij pakt McBurney har it bistke ôf en smyt it hurd tsjin 'e muorre oan, wêrmei't er it deamakket. Hoewol't er fuortendaliks spyt hat fan syn die, is it kwea al bard en kin it net mear ûngedien makke wurde. De lulkens fan McBurney slacht om yn skamte en hy lûkt him werom yn 'e muzykkeamer. Edwina folget him dêrhinne en ferklearret har leafde foar him. Se barrikadearret de doar mei in swiere sitbank, wêrnei't se by him op bêd krûpt en seks mei him hat.
Underwilens bepraat frou Farnsworth yn ôfwêzigens fan Edwina de oare froulju derfan dat se McBurney geunstich stimme moatte mei in feestmiel. Mei't McBurney sein hat dat poddestuollen syn leaflingsiten binne, moatte dy beslist tamakke wurde. Frou Farnsworth manipulearret dêrby Amy, wa har ferealens op McBurney mei de dea fan har húsdier omslein is yn haat, om giftige poddestuollen te sykjen ynstee fan ytbere. Letter komme McBurney en Edwina tegearre werom om oan te kundigjen dat se fan doel binne te trouwen. In feestmiel is no noch logysker, en McBurney hat alhiel gjin euvelmoed. Hy ûntskuldiget him foar al syn eardere misdragings en seit dat er bliid is dat de froulju it sa goed opnimme. Hy en Edwina sille mei koarten fuort, dat syn ferbliuw yn 'e kostskoalle rint op 'e ein. Wilens hat McBurney goed ta de poddestuollen west, want dat is ommer syn leaflingsiten. It falt him net op dat net ien fan 'e oare iters derfan nimt. Pas as Edwina derfan ite sil en frou Farnsworth in gjalp jout om har tsjin te hâlden, begrypt McBurney, te let, wat der geande is. Hy komt oerein fan 'e tafel, mar it begjint him te draaien en hy falt derhinne.
De oare deis naaie de froulju syn lyk yn in juten sek, wêrnei't se him mei feriene krêften ta de poarte útdrage om him te begraven. Underwilens beprate se wêr't er oan stoarn wêze kin. Se hâlde it op útputting, mei't Amy folhâldt dat se nea by fersin giftige poddestuollen plôkje soe.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
korporaal John McBurney | Clint Eastwood |
Martha Farnsworth | Geraldine Page |
Edwina Dabney | Elizabeth Hartman |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Carol | Jo Ann Harris |
Hallie | Mae Mercer |
Amy | Pamelyn Ferdin |
Doris | Darleen Carr |
Abigail | Melody Thomas |
Lizzie | Peggy Drier |
Janie | Pattye Mattick |
kaptein fan kriichsfinzenekonfoai | Charlie Briggs |
kaptein dy't ynkertierje wol | Charles G. Martin |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haadrolspiler Clint Eastwood krige fan filmprodusint Jennings Lang yn 1966 in eksimplaar fan 'e roman The Beguiled, fan Thomas P. Cullinan, dy't dat jiers krekt útkommen wie, oarspronklik ûnder de titel The Painted Devil. Doe't er der ienris mei úteinset wie, koed er it boek net dellizze en helle er in nacht troch om it yn ien kear út te lêzen. Eastwood beskôge de ferfilming fan 'e roman as "in kâns om wiere emoasjes te spyljen" ynstee fan "kanonnen mei sigaren oan te stekken", sa't er it ûnder wurden brocht yn syn biografy Aim for the Heart (2009) fan Howard Hughes.
Eastwood fûn syn maat Don Siegel ree om 'e film te regissearjen. The Beguiled wie de trêde fan fiif films dy't se tegearre makken, begjinnend mei Coogan's Bluff (1968) en Two Mules for Sister Sara (1970), en einigjend mei Dirty Harry (1971) en Escape from Alcatraz (1979). De filmrjochten op 'e roman waarden oankocht en senaristen Albert Maltz en Irene Kamp waarden ynhierd om der in ferfilmber skript fan te meitsjen. Dy beide kamen op 'e lapen mei in ferzje fan it ferhaal dat in happy end hie, wêrby't McBurney en Edwina úteinlings tegearre ôfsette en, ynsafier't de sjogger wit, noch lang en lokkich libje. Eastwood en Siegel wiene it deroer iens dat sa'n ein de krêft út it ferhaal weinaam, en dat it in folle better anty-oarlochspunt meitsje soe as McBurney oan 'e ein fan it ferhaal deagie. Dêrom lieten se it senario werskriuwe troch Claude Traverse, dy't foar syn wurk gjin fermelding yn 'e begjintitels of op 'e ôftiteling krige. Maltz en Kamp wiene it net iens mei de feroarings en twongen ôf dat se yn 'e titels inkeld ûnder de pseudonimen 'John B. Sherry' en 'Grimes Grice' neamd wurde soene.
Neffens Siegel soe The Beguiled tema's behannelje as seks, geweld, wraak en de impact dy't it hat as ien man omslacht mei ferskate froulju, mar it wichtichste elemint fan it ferhaal wie (neffens him) de "fûnemintele winsk fan froulju om manlju te kastrearjen". Eastwood syn biograaf Patrick McGilligan skreau yn it boek Clint: The Life and Legend (1999), dat The Beguiled de earste fan in stikmannich films wie wêryn't oantreklike froulju mei leafde en in beskate foarm fan ferearing nei de akteur opsjogge, wêrûnder yn dizze film en yn Pale Rider ek minderjierrige famkes.
Siegel wie ek as produsint by it projekt belutsen foar Eastwood syn eigen filmstudio The Malpaso Company (no Malpaso Productions). It is net bekend hokker budget der foar The Beguiled beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bruce Surtees, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske filmkomponist Lalo Schifrin.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen fan The Beguiled setten yn april 1970 útein en duorren tsien wiken. Universal Studios, dat de film finansierde, stie der by regisseur Don Siegel op oan te filmjen op 'e Golden Oak Ranch, in filmranch fan Disney by Santa Clarita, boppe Los Angeles. Siegel wegere dat lykwols, mei't er der de foarkar oan joech om 'e film te draaien op in autentike lokaasje. Dêrfoar keas er de Ashland-Belle Hélène Plantation út, in histoarysk lânhûs datearjend út 1841 yn 'e Antebellumperioade, by Baton Rouge yn Louisiana. Guon binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Universal Studios yn Hollywood.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Beguiled waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 28 maaie 1971 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
It liek wol as wist Universal net rjocht wat men mei The Beguiled oan moast. Uteinlings waard derfoar keazen om 'e film yn 'e merk te setten as in eroatysk melodrama mei slachsinnen as "Ien man, sân froulju, yn in nuver hûs!" en "Syn leafde of syn libben". De filmposter liet Eastwood mei in revolver yn 'e hân sjen, wat in film mei alteast in beskate mjitte fan aksje suggerearre. Mar wa't dêrop ôfgie, kaam bedragen út, want de iennichste aksje fan it pyf-paf-poefsjenre yn 'e film is yn in koarte flashback dy't sjen lit hoe't korporaal McBurney ferwûne rekke.
Eastwood wiet it floppen fan The Beguiled oan dizze ferprutste marketingkampanje en wie dêr tige lulk oer. Hy hie in langjierrich kontrakt mei Universal, mar doe't dat yn 1975 ôfrûn mei it útbringen fan The Eiger Sanction, ferbriek er alle bannen mei de studio. Pas 33 jier letter, yn 2008, soed er op 'e nij mei Universal gearwurkje, te witten oan Changeling.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e Amerikaanske filmkritisy krige The Beguiled by de premiêre oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Vincent Canby yn The New York Times: "[De film] is beslist net súksesfol as in barok melodrama, en, tsjin 'e ein, binne der safolle draaien en kearen op it mêd fan plot en personaazjes dat alle eardere foarfallen neutralisearre wurde. Minsken dy't harsels beskôgje as krityske bioskoopgongers mar dy't gjin fans binne fan it wurk fan Siegel, kinne [dizze film] eins inkeld sjen as in sensasjonele, frouljushaatsjende nachtmerje."
It tydskrift Variety printe in resinsje ôf wêryn't skreaun waard: "it blykbere besykjen om 'e styl fan Charles Addams te kombinearjen mei materiaal fan it type fan Tennessee Williams ropt op alle ferkearde stuiten laitsjen op." Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech The Beguiled 2 fan 4 stjerren en skreau: "Spitigernôch hat Siegel derfoar keazen om syn ferhaal mei in platte en gleie humor te fertellen, dy't bytiden net te ûnderskieden is fan it sexploitationsjenre." Yn The Washington Post liet Gary Arnold de film ôfrinne mei de wurden "alhiel net betsjoenend [beguiling]" en "Raar, ja; broddelich, ja; sielich, ja; betsjoenend, nee."
In kritikus dy't tsjin 'e stream yn roeide, wie Kevin Thomas fan 'e Los Angeles Times, dy't The Beguiled priizge as "in film fan psychologyske spanning, ferweve mei dûnkere humor dy't in triomf fan styl is, folslein meislepend en alhiel oertsjûgjend."
Eastwood sels soe yn 1999 (yn Clint: The Life and Legend fan Patrick McGilligan) fêststelle dat de film yn syn heitelân flopte om't de Amerikanen it net stean hiene op 'e 'ûntmanlike' rol dy't hy dêryn fertolke, wylst er syn karriêre opboud hie mei rollen wêryn't er krekt in toanbyld fan manlikheid spile.
Oars as yn 'e Feriene Steaten, krige The Beguiled yn Jeropa oer it algemien positive resinsjes, yn 't bysûnder yn Frankryk, dêr't de film fan it begjin ôf oan sjoen waard as in wier masterwurk. It foarme yn dat lân de trochbraak as akteur foar Clint Eastwood en wurdt dêr noch altyd sjoen as ien fan syn bêste films mei ien fan syn subtylste aktearprestaasjes. Pierre Rissient stelde foar om The Beguiled op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 1971 te fertoanen, en hoewol't Eastwood en Siegel dat skoan taliek, stegere filmdistributeur Universal Pictures it oanbod om ûnbegryplike redens ôf.
Yn 'e desennia sûnt 1971 is der ek yn 'e Feriene Steaten in werwurdearring foar The Beguiled kommen. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film no in goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 20 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Beguiled in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 6 resinsjes.
De foaroansteande sineast Quentin Tarantino skreau yn 2020 oer The Beguiled dat dy film "it tichtst by in filmhûsfilm wie dat Siegel ea kaam". Dêr heakke er oan ta: "[…] om earlik te wêzen, wied er in ferkearde kar om dizze film te regissearjen. Hoewol't dizze ûngewoane film úteinlik wol goed makke is, lit er de minste stylistyske ympulsen fan Siegel sjen. Syn foarleafde foar freudiaanske filmbylden, syn letterlikheid yn in ferhaal dat it útskreaut om dûbelsinnigens (in dreamsêne yn 'e midden makket alles ekplisyt wat earder inkeld suggerearre wie). Mar as Siegel ienris syn tosken deryn set en op Eastwood fokust, komt de film ta libben."
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Beguiled brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $1,1 miljoen op. Hoe grut oft de opbringst yn oare lannen en territoaria wie, is ûnbekend. Mei't ek it budget fan 'e film ûnbekend is, kin net sein wurde oft The Beguiled winst of ferlies makke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske dramafilm
- Amerikaanske eroatyske film
- Histoaryske eroatyske film
- Southern Gothic-film
- Ingelsktalige film
- Film fan Malpaso Productions
- Film fan Universal Pictures
- Film fan Don Siegel
- Film út 1971
- Film oer de Amerikaanske Boargeroarloch
- Film oer in militêr
- Film oer in ûnderwizer
- Film oer in kostskoalle
- Film oer seksualiteit
- Film oer ynsest
- Film oer slavernij yn de Feriene Steaten
- Film oer amputaasje
- Film oer wraak
- Film oer bistemishanneling
- Film oer fergiftiging
- Film oer moard
- Film basearre op in literêr wurk