The Beguiled (film út 2017)

Ut Wikipedy
The Beguiled
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sofia Coppola
produsint Youree Henley
Sofia Coppola
senario Sofia Coppola
basearre op de roman fan Thomas P.
   Cullinan

de ferfilming fan Don Siegel
kamerarezjy Philippe Le Sourd
muzyk Phoenix
filmstudio American Zoetrope
FR Productions
distribúsje Focus Features
spilers
haadrollen Colin Farrell
Nicole Kidman
byrollen Kirsten Dunst
Elle Fanning
Oona Laurence
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 juny 2017
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $26,7 miljoen

The Beguiled is in Amerikaanske histoaryske dramafilm út 2017 ûnder rezjy fan Sofia Coppola, mei yn 'e haadrollen Colin Farrell en Nicole Kidman. De film wurdt ek wol ta de sjenres fan 'e skriller en Southern Gothic rekkene. De titel betsjut safolle as "Dejinge(n) dy't Mislaat wurde troch Bedroch" of "Dejinge(n) dy't ûnder de Tsjoen reitsje fan Garisma". The Beguiled waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Thomas P. Cullinan en is in remake fan 'e ferfilming út 1971 fan Don Siegel mei Clint Eastwood yn 'e haadrol. It ferhaal spilet yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en folget in ferwûne Noardlike soldaat dy't beskûl fynt yn in Súdlike kostskoalle foar famkes. The Beguiled krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Martha Farnsworth is ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch de eigneresse fan in kostskoalle foar famkes op it plattelân fan Firginia, yn 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. Tsjin 1864, as de oarloch trije jier woedet, binne hast alle learlingen en ûnderwizers fuortgien. Njonken frou Farnsworth sels binne der mar fiif learlingen en ien skoaljuffer oerbleaun dy't nearne oars hinne kinne, yn 'e measte gefallen om't harren âldershûs te ticht by de frontliny stiet. Wylst se yn 'e bosk bûten it ommuorre hiem fan 'e skoalle oan it poddestoelfandeljen is, treft ien fan 'e learlingen, de tolverjierrige Amy Dabney, dêr in ferwûne Noardlike soldaat oan. It is in korporaal John McBurney, in resinte ymmigrant út Ierlân wei, dy't yn 'e skonk sketten is.

Amy helpt him nei de skoalle ta, dêr't er by de út in smei-izeren stek besteande tagongspoarte bewusteleas rekket fan pine en bloedferlies. Frou Farnsworth, Amy en de oare froulju drage him it gebou binnen en lizze him op bêd yn 'e muzykkeamer. Dêr slute se him op wylst frou Farnsworth syn wûnen fersoarget en him wasket. Alle froulju en famkes yn 'e skoalle binne fuortendaliks fassinearre troch troch knappe man.

McBurney wurdt net daliks oanjûn by de Konfederearre autoriteiten, mei't de kriichsfinzenen min behannele wurde. Mei syn ferwûne skonk soe dat syn dea wurde. Dêrom beslút frou Farnsworth dat er earst opbetterje moat fan syn ferwûnings, en net ien fan 'e oare froulju leit dêr wat tsjinyn. Letter stappe se hielendal ôf fan it idee om him oan te jaan en beslute dat er gewoan op eigen manneboet fuortgean kin as er dêr sûn genôch foar is. Wannear't der in Konfederearre legertroep by de skoalle lâns komt, fertelt frou Farnsworth sadwaande net dat se ûnderdak biedt oan in Noardlike soldaat. Se freget de kaptein inkeld om wat kûgels foar har heite pistoal, om't der yn 'e omkriten fochten wurdt en se har feiliger fiele soe as se wat hie om harsels mei te ferdigenjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst McBurney opbetteret, wediverje de froulju en famkes fan 'e skoalle op subtile wize om syn affeksje, troch him lytse geskinken te jaan, de sneinske pronk foar him te dragen en lekker iten foar him te sieden. Hy beäntwurdet dat mei freonlike wurden. By frou Farnsworth besiket er aktyf yn it geflaai te kommen, mar by Edwina Morrow, de tsjeppe jonge ûnderwizeresse, wurde syn útspraken yntym, wat har yn betizing bringt mei't hja alhiel gjin ûnderfining mei manlju hat. It jout har ek hope, om't se har bestean oan 'e kostskoalle hatet. As er safierhinne opbettere is dat er selsstannich bewege kin, set McBurney, dy't wurkûnderfining as túnman hat, útein mei it opkallefaterjen fan 'e fertutearze en oerwoekere tún fan 'e skoalle.

Njonkelytsen wurdt dúdlik dat McBurney benaud is om wer de striid ynstjoerd te wurden, en dat er desertearre wie nei't er ferwûne rekke wie. Dat wie de reden dat Amy him yn 'e bosk fûn, in hiel ein fan it slachfjild ôf. Wannear't frou Farnsworth oanjout dat er sûn genôch is om mei in deimannich ôf te setten, besiket er har te bepraten om him by de kostskoalle bliuwe te litten om as túnman te wurkjen. Ek seit er tsjin Edwina dat er fereale op har rekke is. Frou Farnsworth is ûngefoelich foar syn pleidoai en risselwearret foar syn ôfreis. De lêste jûn fan syn ferbliuw oan 'e kostskoalle wurdt McBurney foar it earst útnûge om mei de froulju te dinearjen. Nei it iten spylje de learlingen om bar muzyk op it ynstrumint dêr't se foar leare. McBurney flústeret Edwina yn it ear om him dy nachts yn har sliepkeamer te ferwachtsjen.

As McBurney dy nachts net ferskynt en Edwina leven út in oar diel fan it hûs kommen heart, giet se op ûndersyk út. Dan treft se McBurney yn it bêd oan fan Alicia, in santjinjierrige learlinge, mei wa't er seksuele omgong hat. Edwina draaft feralterearre fuort en McBurney hastiget har hinkjendewei efternei. Yn razernij triuwt se him by har wei, mei as gefolch dat er syn lykwicht ferliest en by de treppen del kneppelet. Dêrby brekt er syn dochs al ferwûne skonk op slimme wize en rekket bewusteleas. Frou Farnsworth beslút dat syn libben inkeld rêden wurde kin troch de skonk te amputearjen.

De oare deis, as McBurney wekker wurdt en foar it ferstân kriget dat er in skonk mist, is er ûntsteld en poerrazen. Hy beskuldiget de froulju, yn 't bysûnder frou Farnsworth, derfan dat de amputaasje in manear wie om him te straffen foar it feit dat er derfoar keas om mei Alicia op bêd te gean ynstee fan mei har. Hy docht it sa mâl him dat frou Farnsworth him wer yn 'e muzykkeamer opslút. Mar nei't er Jane, ien fan 'e learlingen, ûnder druk set hat, lit dy him derút. McBurney stelt it pistoal fan 'e heit fan frou Farnsworth út har keamer en falt dêrmei de koken binnen, dêr't er froulju ûnder skot hâldt en bedriget. Wannear't Amy seit dat er mei syn geraas har freon Henry, in skylpod dy't se as húsdier hâldt, bang makket, skuort er har it bist út hannen, smyt it oer de grûn en stampt it dea. Nei't er him úttjirge hat, jout er him ôf. Frou Farnsworth stjoert Amy om fluch in blauwe lape oan 'e spilen fan poartestek te binen, ta teken foar passearjende Konfederearre troepen dat hjir in Noardlike soldaat is. Mar McBurney komt har efternei, ferwideret de lape en terrorisearret it famke. Nei't er nochris de hiele groep froulju bedrige hat, lûkt er him werom yn 'e muzykkeamer. Edwina giet him efternei en nimt it inisjatyf om seks mei him te hawwen.

Underwilens besiket frou Farnsworth in oplossing te finen foar it probleem dat McBurney wurden is. In blauwe lape oan it stek hingje, kin net, en se doar de famkes net allinnich mei him te litten wylst se sels om help út giet. Likemin doar se ien fan 'e famkes te stjoeren om yn it oarlochsgebiet help te sykjen. Jane oppenearret dat McBurney de poddestuollen hiel lekker fûn, dy't him de foargeande jûns optsjinne waarden. Faaks dat Amy ynstee giftige poddestuollen sykje kin, sadat se se McBurney fergiftigje kinne. Amy seit dat se dat wol kin. Frou Farnsworth stimt yn mei it plan.

Nei't er oan syn gerak holpen is troch Edwina, hat McBurney in better sin. Wannear't frou Farnsworth him útnûget foar in miel om alles wer goed te meitsjen, liket him dat skoan ta. Under it iten ûntskuldiget er him foar syn eardere misdragings. Edwina, dy't net op 'e hichte is fan it plan om McBurney te fergiftigjen, wurdt der troch de oaren op it nipperke fan wjerholden om ek fan 'e poddestuollen te iten, mar McBurney hat neat troch. Net folle letter, as it gif begjint te wurkjen, wurdt McBurney net goed. Hy besiket fan tafel te gean, mar knoffelet del oer de flier, dêr't er in skoft yn 'e stupen leit foar't er ferstjert.

Colin Farrell.
Nicole Kidman.
Kirsten Dunst.

Letter, as de oaren it stoflik omskot fan McBurney yn in juten sek naaie, sjocht Edwina ta, dy't as iennichste fan allegearre stikken is fan syn dea. De froulju slepe de sek mei it lyk ta de poarte út en lizze it dêr oan 'e wei, wêrnei't se in blauwe lape oan it stek bine, sadat McBurney ôffierd wurde sil troch de earstfolgjende Konfederearre patrûlje dy't de dyk delkomt.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise    
korporaal John McBurney Colin Farrell
Martha Farnsworth Nicole Kidman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Edwina Morrow Kirsten Dunst
Alicia Elle Fanning
Amy Dabney Oona Laurence
Jane Angourie Rice
Marie Addison Riecke
Emily Emma Howard
Konfederearre kaptein Wayne Péré
Konfederearre soldaat Matt Story
kavalerist Joel Albin

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Beguiled wie de twadde ferfilming fan 'e roman The Beguiled fan Thomas P. Cullinan, út 1966. De film is dêrmei in remake fan The Beguiled fan regisseur Don Siegel, út 1971, mei Clint Eastwood as korporaal McBurney, Geraldine Page as Martha Farnsworth en Elizabeth Hartman as Edwina Dabney.

Regisseur Sofia Coppola hie it earst net stean op it meitsjen fan in remake, mar nei't se op oantrúnjen fan produksje-ûntwerpster Anne Ross de ferzje út 1971 sjoen hie, lieten gedachten oer hoe't se it ferhaal by de tiid bringe koe har net los. Spesifyk woe se itselde ferhaal fertelle, mar dan út it eachpunt fan 'e froulju, wylst de oarspronklike film (neffens har) út it eachpunt fan 'e man wei ferteld wie. Ek har fassinaasje mei de kultuer fan it Amerikaanske Suden út 'e Antebellumperioade spile in wichtige rol by har beslút om 'e film te meitsjen.

Coppola skreau sels it senario foar The Beguiled. Ek produsearre se de film, yn 'e mande mei Youree Henley foar de filmstudio's American Zoetrope (fan har heit, Francis Ford Coppola) en FR Productions. The Beguiled waard makke foar in budget fan minder as $10 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Le Sourd, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de band Phoenix.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The Beguiled setten op 31 oktober 2016 útein en duorren oant en mei 7 desimber fan dat jier. De bûtendoarsênes waarden filme by it Madewood Plantation House, yn 'e neite fan Napoleonville, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e monumintale filla fan aktrise Jennifer Coolidge yn New Orleans.

By it Madewood Plantation House yn Napoleonville yn Louisiana waarden de bûtendoarsênes foar The Beguiled filme.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Beguiled waard fersoarge troch Focus Features. Mei't de film sûnder de stipe fan in grutte filmstudio makke waard, is it in ûnôfhinklike film. The Beguiled waard foar it earst fertoand op 24 maaie 2017 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, en gie dêrnei op 23 juny 2017 yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Beguiled oer it algemien positive resinsjes. Sa parte David Ehrlich fan IndieWire de film in 91/2 ta op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Coppola har film wurdt ferteld mei sjirurgyske presyzje en woeste elegânsje." Der wiene lykwols ek resinsinten dy't fûnen dat der gjin ferlet wie fan in remake. Sa skreau Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter: "Behalven om it machtslykwicht in lyts bytsje mear te ferskowen nei de froulike personaazjes […] is it dreech om in sterke besteansreden te ûntdekken efter it traach ta ûntjouwing kommende melodrama fan Sofia Coppola."

The Beguiled krige in weach fan krityk en beskuldigings fan 'wytwaskjen' om't Coppola derfoar keas om yn har film it personaazje fan in negerslavinne dy't sawol yn it boek fan Cullinan as yn 'e film út 1971 foarkomt, wei te litten. Neffens Coppola hie se dat bewust dien om't slavernij yn it boek en de oarspronklike film in bysaak wie en om't sy "net sa lichtsinnich mei sa'n wichtich ûnderwerp omspringe" woe. Ek sei se dêroer: "Jonge famkes sjogge nei myn films en dit wie net de ôfskildering fan in Afro-Amerikaansk personaasje dat ik harren sjen litte woe." Ek wie der krityk om't se yn 'e film de ferskrikkings en ûntbearings fan it sljochtwei folk yn 'e perioade fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch minimalisearre om ynstee dêrfan de wielderige (al sij it autentike) libbensstyl fan har protagonistes te toanen. Neffens har kritisy wie t net de earste kear dat Sofia Coppola yn har films blyk joech fan har eigen befoarrjochte eftergrûn.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Beguiled in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 330 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] foeget krekt genôch djipgong ta oan syn boarnemateriaal om boppe soartgelikense produksjes út te stekken, en it dimmene wurk fan regisseur Sofia Coppola komt ta libben troch de sterke aktearprestaasjes fan 'e cast." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Beguiled in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 45 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Beguiled brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $10,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $16,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $26,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in winst fan $16,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sofia Coppola wûn foar The Beguiled op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes de priis yn 'e kategory bêste regisseur. Hja wie de twadde froulike regisseur dy't dy priis wûn, nei Jûlija Solntseva yn 1961. De film sels waard yn Cannes nominearre om mei te tingjen nei de Gouden Palm. The Beguiled waard ek nominearre foar de Satellite Award foar bêste kostúmûntwerp.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.