Swellenêstoargel
In swellenêstoargel is in piipoargel, dat as in swellenêst oan 'e muorre hinget. Sokke swellenêstoargels wiene om 1500 hinne tige yn opgong. Typysk oan it type oargel is dat se lykje te hingjen.
Soffyt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om it swiere gewicht fan it ynstrumint te dragen hat in swellenêstoargel stipe nedich. De saneamde soffyt makket dat mooglik. De namme is fan it Latynske wurd suffigere ôflaat, itjinge 'ûnderoan hechtsje' betsjut. Yn 'e rin fan 'e tiid waard sa'n soffyt as in keunstwurk mei rike dekoraasjes útfierd.
Skiednis fan it swellenêstoargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Swellenêstoargels kamen fral yn midsiuwske en renêssânse-tsjerken foar, dêr't se symboalysk wiene foar de 'godlike muzyk' fan it ynstrumint, dy't oer it tsjerkefolk hinne galme. By it spyljen op it oargel waard dat effekt noch fersterke troch de likenis fan 'e iepen oargeldoarren mei fleugels. Ek de namme fan it ynstrumint wie symboalysk: yn 'e midsiuwen stie fûgelsang nammentlik lyk oan ingelesang.
It earste grutte oargel fan 'e Notre Dame fan Parys wie in swellenêstoargel, dat yn 'e iere jierren 1300 boud en ophong waard yn it skip. It nije, gruttere oargel dat yn 1401 it âlde oargel ferfong, waard op in dêrfoar boude stiennen galerij boppe de westlike tagong fan 'e katedraal boud.
Bach brûkte it swellenêstoargel oan 'e eastlike muorre fan 'e Tomastsjerke yn Leipzig foar de earste útfieringen fan 'e Matthäus-Passion (BWV 244) en it Magnificat in Es grut (BWV 243a), mar yn 1740 wie it yn sa'n minne steat, dat it net mear restaurearre wurde koe en ôfbrutsen waard.
It hieltiten komplekser en grutter wurdende piipoargel late der ta dat der jimmeroan minder swellenêstoargels kamen. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw wiene de galerijoargels yntusken de meast foarkommende oargels. Under ynfloed fan 'e oargelherfoarmingsbeweging waarden lykwols yn 'e 20e iuw ferskillende nije swellenêstoargels boud, wylst âldere swellenêst oargels wer restaurearre en/of rekonstruearre waarden.
Besteande swellenêstoargels (net folslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende swellenêstoargels binne:
lân | plak | tsjerke | ôfbyld | oargelbouwer | jier | manualen | registers | opmerking |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Alkmar | Grutte Tsjerke | Jan van Covelens | 1511/1625 | II/P | 20 | Rekonstruksje ynstrumint troch Flentrop Oargelbou yn 1994-2000. | ||
Bamberg | Dom fan Bamberg | Rieger Orgelbau Orgelbau Goll |
1974 | IV/P | 77 | Mei spaanske trompetten. | ||
Bayreuth | Stedstsjerke | Johannes Klais Orgelbau | 1971 | III/P | 22 | |||
Bedheim | Sint-Kiliaantsjerke | Nicolaus Seeber | 1721 | I | 7 | Oer in mechanyske konstruksje fan 20 m lange houtabstrakten mei it haadoargel ferbûn en fan it manuaal beneden út te bespyljen. | ||
Berlyn | Sint-Hedwigkatedraal | Johannes Klais Orgelbau | 1975–1977 | III/P | 67 | |||
Bern | Munster fan Bern | Oscar Metzler & Söhne | 1982 | II/P | 15 | |||
Bremen | Dom fan Bremen | Bruorren Van Vulpen | 1965–1966 | III/P | 36 | Saneamd Bachoargel. | ||
Biel | Stedstsjerke | Metzler Orgelbau | 1994 | II/oanhongen P | 9 | Nijbou, ferfangt in oargel út 1517 fan Hans Tugi, dat yn 1527 by de reformaasje ferneatige waard. | ||
Brussel | Katedraal fan Brussel | Gerhard Grenzing | 2004 | IV/P | 63 | |||
Chartres | Katedraal fan Chartres | Victor Gonzalez | 1971 | IV/P | 67 | |||
Coimbra | Mosteiro de Santa Clara | Manoel Benito Gomez de Herrera | 1719–1724 | II/P | Yn 2004–2008 nei de oarspronklike sitewaasje restaurearre. | |||
Dortmund | Marijetsjerke | Gustav Steinmann Orgelbau | 1967 | III/P | 34 | Yn 'e styl fan 'e neobarok. | ||
Frankfurt am Main | Alde Nikolaastsjerke | Bruorren Oberlinger | 1992 | II/P | 23 | Tige ûndjippe oargelkas. | ||
Frankfurt am Main | Keizerdom Sint-Bartoloméus | Johannes Klais Orgelbau | 1994 | II/P | 28 | Fan it haadoargel út elektrysk oan te spyljen. | ||
Freiburg im Breisgau | Munster fan Freiburg | Rieger Orgelbau | 1965 | IV/P | 61 | Fan 'e spyltafel yn it koer út elektrysk oan te spyljen | ||
Freiburg im Breisgau | Munster fan Freiburg | Marcussen & Søn | 1965 | II/P | 21 | Ek fan de spyltafel yn it koer út elektrysk oan te spyljen. | ||
Gelnhausen | Marijetsjerke | Ratzmann, Schmidt | 1879/1966 | III/P | 38 | Oargelkas fan Ratzmann orizjineel, ynstrumint nijbou fan B. Schmidt (1966), wêrby't in nij balkon foar it oargel waard tafoege. | ||
Gonnesweiler | Hillige Geast | Christian Gerhardt | 1960 | II/P | 13 | Ynstrumint fan twa dielen; haadwurk en 2 fan 'e 3 pedaalregisters foarmje it swellenêst, de rest stiet op de kreake. | ||
Grins | Der Aa-tsjerke | Hermann Raphael Rodensteen | 1539-1634 | II/P | Bekend as it Boalsertoargel wêrfan't allinne de oargelkas bewarre bleaun is. It oargel waard yn 1634 foar de Broeretsjerke yn Boalsert boud troch Anthonie Verbeeck. Dêrby waard piipwurk brûkt fan in oargel út 1539, dat nei alle gedachten troch Hermann Raphael Rodensteen makke wie. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw ferhûze it oargel nei de Martinytsjerke, dêr't it sûnder binnenwurk yn it koer telâne kaam. Yn 1967 belâne it yn 'e Grinzer Martinytsjerke, dêr't de restanten opslein waarden. Yn 'e jierren 1990 waard de oargelkas yn 'e Der Aa-tsjerke ophongen op in plak dêr't earder in swellenêstoargel hong. Der binne plannen om der wer in folslein oargel fan te meitsjen.[1] | |||
Herford | Munster fan Herford | Paul Ott | 1953 | II/P | 21 | histoaryske oargelkas fan in oargel fan Johann Andreas Zuberbier (1756). | ||
Bad Hersfeld | Stedstsjerke | Bruno Döring | 1974 | III/P | 57 | Mei echowuk sûnder eigen manuaal. | ||
Hildesheim | Dom fan Hildesheim | Orgelbau Romanus Seifert & Sohn | 2014 | IV/P | 77 | |||
Inkhuzen | Westertsjerke | Hendrik Niehoff | 1561 | II/P | Oargelkas út 1549, oarspronklik boud troch Hendrik Niehoff, nijbou troch Verschueren mei gebrûk fan pipen fan Duyschot út 1683.[2] | |||
Innsbruck | Hôftsjerke | Jörg Ebert | 1561 | II/p | 15 | Hast folslein bewarre bleaun. | ||
Keulen | Dom fan Keulen | Johannes Klais Orgelbau | 1998 | IV/P | 53 | Kin ek fan it haadoargel út elektrysk oanspile wurde; hinget net oan 'e muorre, mar mei 4 staalkabels oan it izeren dak fan 'e domtsjerke. | ||
Lemgo | Marijetsjerke | Bruorren Slegel, Fritz Scherer, Rowan West | 1587, 1612–1613, 2009–2010 | III/P | 27 | Oargelkas fan Slegel; in pear resten fan Scherer bewarre; rekonstruksje troch West (II/P/20). | ||
Melle-Gesmold | Sint-Petrustsjerke | Rudolf Haupt Franz Breil |
1880, 1982 | II/P | 24, 19 | Fernijing troch Breil yn 'e histoaryske oargelkas. | ||
Metz | Katedraal fan Metz | 1982 | Marc Garnier | II/P | 11 | Rekonstruksje fan in oargel fan Jehan de Trèves út 1536; oargelkas fan Jehan de Verdun. | ||
Middelburch | Koertsjerke | 1479 | Peter Gerrits | II/P | 16 | De âldste oargelkas fan Nederlân fan in oargel dat oarspronklik foar de Nikolaitsjerke yn Utert boud waard. Der binne fiergeande plannen om it oargel te ferhûzjen nei de Nikolaitsjerke fan Utert en dêr it binnenwurk wer yn te bouwen. It binnenwurk leit yn 'e opslach en ferhûze yn juny 2022 nei it CollectieCentrum Nederland (CC NL) yn Amersfoart.[3][4] | ||
Monnickendam | Grutte Tsjerke | Johann Michael Gerstenhauer[5] | 1780 | II/P | 37 | Restauraasje troch de firma Reil 2008-2011.[6] | ||
Mülheim-Saarn | Kleastertsjerke | Friedrich Fleiter | 1991 | III/P | 25 | Mei koppelmanuaal; haadwurk en pedaal ek fan it galerijoargel elektrysk oan te spyljen. | ||
Næstved | Sint-Petrustsjerke | Hans Brebus | 1586 | II/P | 18 | Yn 2016 nijbou troch Gerhard Grenzing yn histoaryske oargelkas. | ||
Neurenberg | Sint-Laurentius | Johannes Klais Orgelbau | 2005 | III/P | 32 | |||
Nieuwegein-Jutphaas | Sint-Nikolaastsjerke | Jan van Covelens | 1525 | 2/P | 12 | Oargelkas oarspronkelik en ôfkomstich út de Nieuwezijdskapel, Amsterdam, hjoeddeisk ynstrumint fan Maarschalkerweerd & Soan út 1879 | ||
Regensburg | Minoritetsjerke | Bernhardt Edskes | 1988–1989 | II/P | 11 | Rekonstruksje fan it swellenêstoargel (15e/16e iuw) neffens in disposysjeûntwerp fan Caspar Sturm (1583). | ||
Regensburg | Sint-Piterdom | Rieger Orgelbau | 2009 | IV/P | 80 | Grutste swellenêstoargel fan 'e wrâld. | ||
Salzburg | Salzburger Dom | Johann Pirchner | 1991 | elk II/P | elk 14 | Twa oargels yn 'e krusing fan 'e domtsjerke. | ||
Sion | Valèrebasilyk | ûnbekend | 15e iuw, mooglik 14e iuw | I/P | 8 | Aldste noch besteande swellenêstoargel fan 'e wrâld. Restauraasje troch Th. Kuhn. | ||
Straasburch | Munster fan Straasburch | Johann Andreas Silbermann Edmond Alexandre Roethinger Alfred Kern & fils |
1491, 1981 | III/P | 47 | Oargelkas fan Friedrich Krebs (1491), pendintyf fan 'e oargelkas fan 1385 | ||
Trier | Dom fan Trier | Johannes Klais Orgelbau | 1974 | IV/P | 67 | Koeroargel út 1996 fan Klais ek as swellenêstoargel boud (II/P/25) | ||
Ulm | Munster fan Ulm | Rieger Orgelbau | 1960 | II/P | 20 | mei it register Alphorn (alpehoarn) | ||
Worms | Dom fan Worms | Johannes Klais Orgelbau | 1985 | III/P | 34 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen skiednis sjoch en:Swallow's nest organ,
|