Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Salzburg

Ut Wikipedy
Virgilius- en Rupertkatedraal

Dom Rupert und Virgil

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Salzburg
plak Salzburg
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1614-1628
arsjitekt Santino Solari
boustyl Barok
monumintale status Monumint
monumintnûmer 45853 [1]
offisjele webside
Webstee aartsbisdom

De Domtsjerke fan Salzburg (Dútsk: Salzburger Dom) is de katedraal fan it roomsk-katolike aartsbisdom Salzburg. Ek is de dom de metropolitane tsjerke fan de tsjerkeprovinsje Salzburg. De katedraal is wijd oan de hillige Rupert en Virgilius. De yn de Tritichjierrige Kriich boude domtsjerke foarmet ûnderdiel fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Romaansk doopfont

De earste romaanske dom wie in trijeskippige basilyk mei in paradys en in baptistearium, dy't yn 774 foltôge waard. Abtbiskop Virgilius wijde dy tsjerke op 25 septimber 774. De tsjerke baarnde ôf nei't de stêd yn 1167 yn opdracht fan keizer Freark Barbarossa yn 'e brân stutsen waard, om't de Salzburger aartsbiskop Konrad II fan Babenberg wegere de troch de keizer beneamde tsjinpaus Viktor IV te erkennen. Under biskop Konrad III waard de dom as in fiifskippige domtsjerke mei fiif tuorren wer opboud. Yn dy tiid wie de dom de grutste basilyk noardlik fan de Alpen. It tsjintwurdige doopfont datearret noch út dy tsjerke.

Nei de brân fan 1598 liet aartsbiskop Wolf Dietrich von Raitenau guon dielen fan de swier skeinde romaanske dom ôfbrekke, om mei in part fan it âlde boumateriaal de dom te modernisearjen. Pas yn 1606 waard útein set mei de folsleine sloop fan de âlde dom om sa plak te meitsjen foar it hjoeddeiske Residenzplatz, it noardlike plein fan dom, it plak dêr't de dom oarspronklik stean soe. De earste tekenings wiene ôfkomstich fan Vincenzo Scamozzi, mar de opfolger fan Wolf Dietrich von Raitenau, Markus Sittikus greve von Hohenems, naam Santino Solari, dy't de eardere plannen in stik lytser makke. Yn 1614 waard de earste stien foar de nijbou lein en op 25 septimber 1628 fûn de konsekraasje plak troch foarst-aartsbiskop Paris von Londron plak. Dêrby waard ek spile op de twa nije oargels yn de krusing fan de dom, dy't Leopold Rotenburger boud hie. It feest fan de konsekraasje duorre acht dagen lang, nei alle gedachten it grutste histoaryske feest dat Salzburg ea fierd hat.

Op 16 oktober 1944 stoarte by de earste loftoanfal op de stêd de koepel yn. Fan 1945 oant 1959 waard de dom renovearre en de koepel rekonstruearre.

Ynterieur

Oan wjerskanten fan de gevel steane de wat nei foarren springende fjouwer ferdjippings hege tuorren. By de trije tagongsportalen steane de bylden fan Petrus, Paulus, Rupert en Virgilius. Yn it midden fan de gevel binne de bylden fan de fjouwer evangelisten opsteld, wylst de top bekroand wurdt mei de bylden fan Jezus en oan wjerskanten Mozes en Elía. De trije brûnzen doarren binne modern en datearje útde jierren 1950. De doarren binne troch ferskillende keunstners makke en stelle de Hope, it Leauwe en de Leafde foar.

De domtsjerke hat in foarhal en is trijeskippich. Yn de sydskippen binnen oan beide kanten fjouwer kapellen ûnderbrocht, dy't mei in trochgong mei inoar ferbûn binne. It transept en it koer hawwe in klaverblêdfoarmige plattegrûn.

Koepel

It ynterieur is ryk fersierd mei stúkwurk fan Giuseppe Bassarino (1630). De fresko's binne fan de Lombardyske keunstners Donato Mascagni en Ignazio Solari. It koer en it skip hawwe foarstellings fan Kristus as tema. Yn 15 grutte wurken wurdt it lijen fan Kristus útbylde, it súdlike dwersskip hat Marije as ûnderwerp en it noarder dwersskip de hillige Fransiskus. De yn de Twadde Wrâldkriich troch in Amerikaansk bombardemint ferneatige koepel is fersierd mei fresko's fan de fjouwer evangelisten en Ald-Testamintyske foarstellings.

Yn de doopkapel oan de lofterkant by de tagong is it doopfont te sjen, dat eartiids yn de romaanske tsjerke stien hat. It doopfont stiet op brûnzen liuwen út de 12e iuw, mar datearret sels út 1321 en waard makke troch de master Heinrich. Yn it doopfont waard Mozart doopt.

De trep yn it súdlike transept liet nei de krypte, dêr't de measte aartsbiskoppen fan Salzburg sûnt de bou byset binne. De krypte is foar in diel let-romaansk en waard neide Twadde Wrâldkriich útwreide

Boppe de kapellen fan it súdlike sydskip is it museum ûnderbrocht, dêr't tsjerklike keunst fan de 8e oant de 18e iuw fan it aartsbisdom útstald wurdt.

Haadoargel

De domtsjerke beskikt sûnt 1995 oer sân selsstannige oargels. It haadoargel stiet op de westlike galerij en waard yn 1988 troch it Switserke oargelbedriuw Metzler Orgelbau boud. Op de balkons oan de pylders fan de krusing steane fiif oargels, dy't nei 1990 boud binne. Fierder is der noch in mobyl kistoargel, dat meastentiids yn it loftse dwersskip njonken de doar fan de noardlike sakristy stiet. Alle sân oargels hawwe in suvere mechanyske spyl- en registertraktuer.

Foarbylden fan mienskiplik musisearje mei meardere oargels, ôfwikseljend mei solistysk spul, fynt fral plak yn Itaalje. Yn it koer fan de Salzburger dom kin yn fiif groepen musisearre wurde: foar it Fransiskusalter en op de fjouwer galerijen. De opstelling komt in soad oerien mei sa't dat oant 1859 yn de domtsjerke wenst wie. Sûnt 1995 is de âlde sitewaasje wer yn eare hersteld.

It âlde grutte oargel, dat 75 jier nei de iepening fan de dom boud waard, hat yn de dommuzyk mar in lytse rol. It oargel wurdt allinne brûkt as feestoargel op dy mominten dat de aartsbiskop troch de westlike poarte de tsjerke yn- of útgyng.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side