Springe nei ynhâld

Dom fan Hildesheim

Ut Wikipedy
Marijedom
Mariendom
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
plak Hildesheim
koördinaten 52° 8' N 9° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Hildesheim
Arsjitektuer
boujier 872-1061
Webside
www.dom-hildesheim.de
Kaart
Dom fan Hildesheim (Nedersaksen)
Dom fan Hildesheim

De dom fan Hildesheim (Mariendom of Dom St. Mariä Himmelfahrt) yn 'e Dútske stêd Hildesheim is de katedraal fan it bisdom Hildesheim. De bou fan 'e dom sette yn 872 útein en duorre oant 1061. Sûnt waard de tsjerke faak ferboud, mar nei de ferneatiging yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke wer yn 'e oarspronklike Ottoanske styl werboud.

It ierromaanske bouwurk is sûnt 1985 mei de Sint-Michaeltsjerke (Michaeliskirche) fan Hildesheim wrâlderfgoed fan UNESCO.

Stiftingslegende

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Roazestrûk.

De leginde fan 'e roazestrûk giet werom op 'e stiftingsskiednis fan it bisdom om 815 hinne. De Frankyske kening Loadewyk de Fromme soe by in jacht op it plak in misse fierd ha en foar dy gelegenheid in kostbere relykhâlder yn in strûk ophongen ha. Nei de ein fan 'e misse waard de relykhâlder fergetten mei te nimmen, mar by it opheljen letter die bliken dat de skryn fêstgroeid wie oan 'e strûk. Dat waard as in teken fan God útlein en Loadewyk de Fromme liet op dat plak in kapel bouwe.

By de apsis fan 'e dom groeit ek no noch in minstens hûnderten jierren âlde roazestrûk, dy't de Tûzenjierrige Roazestôk neamd wurdt. Mei de ferneatiging fan 'e katedraal yn maart 1945 ferbaarnde ek de roazestrûk, mar in wyk of wat letter skeaten nije loaten út in ûnder it pún lizzende ferbaarnde takke.[1] Yn 1947 bloeide de roazestrûk wer foar it earst. Nije takken krije metalen buordsjes mei it jiertal fan it útrinnen fan 'e takke. Oannommen wurdt dat de roazestrûk de noch âldste libbene roas fan 'e wrâld is.

It bisdom waard yn 815 stifte. De patroanhillige fan it bisdom waard Marije, fan wa't de roas it symboal is. De earste stiennen biskopstsjerke op it plak stamt fan nei de dea fan Loadewyk en waard ûnder biskop Altfrid boud. Oare wichtige biskoppen wiene de hillige Bernward en syn opfolger Godehardus. Bernward wie ek de stifter fan 'e oare noch besteande romaanske tsjerke fan Hildesheim, de Michaeltsjerke.

Yn 1046 baarnde de domtsjerke fan biskop Altfrid ôf. Biskop Azelin wie fan doel in nije, gruttere tsjerke fierder nei it west ta te bouwen en it skip út te wreidzjen. Syn opfolger Hezilo boud lykwols wer fierder op 'e âlde fûneminten en de noch restearjende muorren waarden dêrby yn it nije gebou yntegrearre. Oan 'e ein fan 'e 14e iuw fûnen der wichtige renovaasjes plak, mar dy wykten net mear ôf fan 'e plattegrûn fan 'e basilyk fan biskop Altfrid.

It noardlike paradys en de noardlike en súdlike sydkapellen datearje fan 'e goatyske tiid en de toer boppe de krusing fan 'e barokke tiid. Yn 'e 19e iuw waard it oarspronklike westwurk ferfongen troch in neoromaanske gevel mei twa tuorren, dy't mei de ferneatiging yn 1945 ek ferlern giene.

De domtsjerke foar de ferneatiging yn 1945.

By in Britsk-Kanadeesk bombardemint yn 'e Twadde Wrâldkriich op 'e stêd waard de domtsjerke hast folslein ferneatige. Allinne it westwurk en de bûtenmuorren bleaune stean. Fan 'e bygebouwen fan 'e domtsjerke waard allinne de goatyske Annakapel (Annenkapelle) út 1321 op 'e binnenhôf fan 'e kleastergong sûnder grutte skansearrings sparre. It wie de iennige domtsjerke dy't nei de werbou op 27 maart 1960 op 'e nij ynwijd wurde moast troch biskop Heinrich Maria Janssen.

Annakapel (19e iuw).

De werbou tusken 1950 en 1960 fûn yn in ienfâldige foarm plak. De eardere barokke tafoegingen waarden net wersteld om sa de tsjerke wer it ierromaanske karakter werom te jaan. It meast opfallend dêrby binne it net rekonstruearjen fan 'e boppeste ferdjippings fan it westwurk en de sydtuorren dy't yn 1840 oan it westwurk tafoege wiene. It westwurk waard rekonstruearre op basis fan it foarbyld fan 'e domtsjerke fan Minden, dy't ek slim skansearre wie troch de bombardeminten. Dêrnjonken waard it portaal foar it westwurk mei likernôch de helte lytser makke. Foar de rest sjocht de bûtenkant fan 'e tsjerke der út lykas foar de ferneatiging; benammen de barokke krusingstoer waard rekonstruearre.

Aldste grêf.

By opgravingen by de restauraasje fan 2010-2014 binne 9e-iuwske fûneminten fan 'e Marijekapel fûn. De earste tsjerke op it plak wie 6 m by 6 m en hie in eastlike apsis, dêr't de resten fan it earste alter fûn binne. De fûneminten fan dat earste gebou bestiene út sânstien en wiene útsûnderlik dik .

West en súd waard noch in âlder begraafplak mei 20 grêven fûn. Yn augustus 2012 waard it skelet fan in jonge frou fûn, dy't om 800 ferstoarn wie, mei glêzen kralen en in meske. It is it âldste grêf dat by de katedraal fan Hildesheim fûn waard.

Ynterieur.

De domtsjerke hat in grut tal keunstwurken. Dêrûnder binne de brûnzen duorren mei foarstellings út de evangeeljes en it boek Genesis en in getten brûnzen pylder mei foarstellings út it libben fan Kristus. Dy keunstwurken datearje út it begjin fan 'e 11e iuw en binne yn opdracht fan biskop Bernward makke. Oarspronklik komt de pylder út de Michaeltsjerke, dêr't Bernward begroeven leit. By de restauraasje fan 'e katedraal ferhûze de pylder nei de domtsjerke.

Der binne fjouwer opfallende tsjilfoarmige romaanske kroanluchters. De grutste kroanluchter is de Hezilokroanluchter en de âldste de Azelinkroanluchter.

De Ringelheimkrusifiks datearret fan likernôch 1000.

De keunstskatten fan 'e dom binne tegearre mei dy fan 'e Michaeltsjerke yn it Dommuseum ûnderbrocht.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.