Springe nei ynhâld

Dom fan Worms

Ut Wikipedy
Dom fan Worms
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Worms
koördinaten 49° 37' N 8° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige Sint-Piter
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
Webside
Side domtsjerke
Kaart
Dom fan Worms (Rynlân-Palts)
Dom fan Worms

De Sint-Piterdom (Dútsk: Dom St. Peter) yn 'e Dútske stêd Worms is mei de domtsjerken fan Mainz en Spiers ien fan de trije Rynlânske keizerkatedralen. De Sint-Piter is de lytste fan de trije en waard tusken 1130 en 1181 boud. De dom fan Spiers is âlder en ûntstie tusken 1025–1106. Mei de bou fan de dom fan Mainz waard yn 1081 útein set, mar de foltôging dêrfan wie pas yn 1239.

It bisdom Worms waard tusken 1801 en 1827 fasearre opheft en yn 'e strikte betsjutting is de tsjerke gjin katedraal mear. Yn 1862 waard de dom wer in proasdeitsjerke en sûnt 1925 is it in basilica minor.

De domtsjerke stiet op it heechste plak fan 'e stêd. Al lang foardat de jiertelling begûn, waard dy heuvel bewenne om 't dat plak feilich wie foar heechwetter fan de Ryn. Under de Romeinen waard de krite troch Fangionen befolke. Yn it doetiidske Borbetomagus, it haadplak fan de Civitas Vangionum, stie op dat plak it bestjoerssintrum en in timpelkompleks. Yn it jier 401 kaam dêr mei de ôftocht fan de Romeinen in ein oan de Romeinske oanwêzigens. Tolve jier letter mochten de Boergonden de grinzen foar de Romeinen beweitsje, mar doe't de Boergonden yn 435 fan 'e Romeinen ôf woene, waarden hja yn in slach mei de Romeinen ferslein. In jier letter foelen Hunnen de krite yn en ferneatigen foar in grut part it Boergondyske folk.

Earste tsjerke Brunichildis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Slach op de Katalaunyske Fjilden namen Franken de macht oer yn it gebiet om Worms hinne. Mei de Franken wreide ek it kristendom him út. Om it jier 600 hinne residearre Brunchildis yn Worms. Hja en har opfolger Dagobert I soene neffens de midsiuwske boarnen in tsjerke op de resten fan it Romeinske forum boud ha. Dy tsjerke wie ien fan 'e foargongers fan 'e hjoeddeiske dom. Argeologyske bewizen binne dêr lykwols net foar levere. By de yn it begjin fan 'e 20e iuw útfierde opgravings ûnder de dom waard in gruttere, neffens de ôfmjittings mooglik in Karolingyske foargonger ûntdutsen. Of dat gebou in útwreiding fan in noch âldere Merovingyske tsjerke west hat, wie op basis fan de beheinde gegevens net mear nei te gean.

Domtsjerke ûnder biskop Burchard fan Worms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berthulf wie yn 614 de earst bekende biskop fan Worms. Under biskop Burchard fan Worms waard yn 'e 11e iuw de tsjerke fergrutte ta de hjoeddeiske ôfmjittings. By de folgjende feroarings bleaune allinne de ûnderste ferdjippings fan 'e westlike tuorren en de skatkeamer noardlik fan it koer bewarre.

Byld fan Biskop Burchard

Om 1130 hinne sette biskop Burchard II nei mooglik grutte skea oan 'e dom útein mei de ôfbraak fan de âlde en nijbou fan 'e hjoeddeiske dom. Tusken dat jier en 1144 waard it hiele eastlike diel mei de flanktuorren en de achthoekige krusingstoer boud, sa't dat dêr hjoed-de-dei stiet. Tusken 1160 en 1181 waard ûnder de opfolgers fan Burchard II it skip mei it westlike diel boud. Biskop Koenraad II wijde de dom op 2 maaie 1181 yn, dy't yn 1192 yn it westlike koer begroeven waard.

Ynterieur

Tagelyk mei it westlike koer waard oan 'e súdlike kant fan de dom ek de yn 1812 ôfbrutsen Jehannestsjerke boud, dy't as parochytsjerke fan 'e stêd tsjinst dwaan moast. Pas nei de wijing fan it westlike koer waarden de fjouwer tuorren, dy't fral as treptuorren tsjinnen, ophege. Allinne de súdwestlike toer waard hielendal yn romaanske foarmen foltôge. Wylst de rest fan de katedraal fan sânstien boud waard, bestiet dy toer foar it measte út (read farve) dowestien. De boppeste ferdjippings fan 'e oare tuorren litte allegear mear of minder goatyske ynfloeden sjen.

Likernoch in iuw nei de tredde wijing waard mei de bou fan in nije Sint-Nikolaaskapel boud. De tsjerke krige in nij súdlik portaal en yn it earste fearn fan 'e 14e iuw waarden eastlik dêrfan noch twa kapellen boud, de Sint-Annekapel en de Sint-Joariskapel. Troch in ierdskodding stoartte yn 1429 de noardwestlike toer yn. De werbou fûn plak oant 1472, yn detail letgoatysk mar fierder wie it fral in rekonstruksje. Sûnt is de bûtenmuorre fan it mitselwurk dêr fan bakstien, wêrfan de kleur goed by de rest fan it gebou past. De Edigiuskapel (no de Marijekapel) waard yn 'e jierren 1480-1485 oan it eastlike diel fan it noardlike sydskip tafoege.

Ien fan 'e út de kleastergong ôfkomstige letgoatyske reliëfs

Under biskop Jehannes fan Dalberg waard de oarspronklik romaanske kleastergong (westlik fan de Nikolaaskapel) renovearre. Doe binne de tsjintwurdich yn it noardlike sydskip ûnderbrochte letgoatyske reliëfs makke fan de Beam fan Jezus (1488), de Ferkundiging (1487), de Berte fan Jezus (1515), de Grêflizzing (± 1490) en de Opstanning (± 1490). In sechde reliëf fan de Krusiging waard nei alle gedachten yn 1689 fernield. Yn it Stadtmuseum Worms wurde noch fjouwer grutte rûne slútstiennen fan 88 sm trochsnit bewarre, dy't út de kleastergong komme. In oare slútstien út de kleastergong waard boppe de yngong fan it stift Neuburg yn Heidelberch ynmitsele. De earste stien fan de kleastergong waard yn 2014 by wurksumheden werom fûn.

It belang fan it bisdom en de katedraal fan Worms naam yn 'e tiid fan de Ryksdei fan Worms yn 1521 hieltiten mear ôf. Fuort nei de Ryksdei al gyngen guon parochy's yn Worms op 'e lutherske lear oer en yn 1556 folgen alle parochy's fan Kar-Palts dat foarbyld.

Tritichjierrige Kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Worms waard tusken 1632 en 1635 beset troch Sweedske troepen en in protestantske dûmny preke yn 'e dom.

Njoggenjierrige Kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Njoggenjierrige Kriich ferneatigen troepen fan de Frânske kening Loadewyk XIV Heidelberch, Mannheim, Spiers en Worms. Alle tsjerken waarden plondere en yn 'e brân stutsen en ek de katedraal baarnde hielendal út. De measte ferwulften stoartten yn.

Heechalter fan Balthasar Neumann

Biskop Frâns Loadewyk fan Palts-Neuburg liet de katedraal sûnt 1698 wer restaurearje. Dat levere de tafoeging fan in pear barokke eleminten op, lykas de gruttere ramen fan 'e Sulverkeamer en it heechalter fan Balthasar Neumann.

Resten fan de kleastergong

Al it wurk fan 'e weropbou nei de Njoggenjierrige Kriich waard troch de troepen fan de Frânske Revolúsje ûngedien makke. Nei de Frânske oermastering yn 1792 waard de dom as hynstestâl en pakhûs brûkt. Tusken 1818 en 1830 waarden de kleastergong ôfbrutsen en de stiennen dêrfan ferkocht.

Yn 'e rin fan 'e 19e iuw wie it gebou troch ferfal oan in grutte restauraasje ta, dêr't yn 1859 mei útein set waard. De barokke koepel fan 'e eastlike krusing waard ferfongen troch in nij mearsidich dak lykas dat fan 'e westlike krusing. Ek waarden bûten lûkankers oan it westlike koer oanbrocht, mar dat wie gjin sukses: it izer ruske, der kamen skuorren yn it ferwulft en it roasfinster ferfoarme yn in ovaal.

De dom yn 1915

Sûnt 1886 wiene der lange diskusjes oer it werstellen fan 'e skea en yn 1892 folge in deeglik ûndersyk fan 'e fûneminten. Dêrby die bliken dat it eastlik diel op in fêste grindlaach fan Ryngrind stie, wylst nei it westen ta de tsjerke hieltiten mear op in laach löss stie, dy't by focht skowe koe.

De steds- en katedraalarsjitekt Karl Hofmann stelde doe út om it westlike koer en de koepel tusken de twa westlike tuorren folslein ôf te brekken en nei it lizzen fan in nije fundearring wer op te bouwen. Dy radikale plannen soargen foar in soad strideraasje en it duorre noch oant 1901 dat dy plannen útfierd waarden. Nei de sloop fan it westlike koer en it meast westlike travee waard in fûnemint fan wapene beton oant op de grindlaach lein. By de weropbou waard der tige krekt op tasjoen dat de oarspronklike stiennen safolle mooglik op it oarspronklike plak telâne kamen. By de bûtenmuorren slagge dat, mar foar de binnenkant wie dat net mooglik en dêr binne grutte dielen boud mei nije, rekonstruearre stiennen.

Dêrnjonken waard ek de Sint-Nikolaaskapel op 'e nij boud. Ek de flier fan 'e hiele tsjerke en de ferwulften fan it eastlike koer en dielen fan it dwersskip binne doe ferfongen. Under it heechkoer waard in hiele nije krypte foar de Salyske greven oanlein. It wurk duorre noch oant 1935.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De restaurearre dom waard tsien jier letter by de loftoanfallen op 21 febrewaris en 18 maart 1945 slim skeind. Alhoewol't de dakken fan de tsjerke ôfbaarnden, bleaune de ferwulften yntakt en ek de ynrjochting bleau sparre. By de werbou fan it dak waarden dielen fan it staal fan 'e yn 1945 opblaasde Rynbrêge Gernsheim brûkt.

Doopfont
  • Fan 'e midsiuwske ramen is sûnt de eksploazje fan it Oppauer Stikstoffabryk op 21 septimber 1921 neat bewarre bleaun.
  • Al yn 'e Frankyske tiid wiene yn it koer de grêven fan fjouwer Salyske hartogen oanwêzich. Oant 1046 folgen der noch fiif. It binne foarâlders en famyljeleden fan keizer Koenraad II. De sarkofagen steane sûnt it begjin fan 'e 20e iuw yn 'e doe boude krypte.
  • Yn de domtsjerke binne in grut tal grêfmonuminten en epitafen.
  • Yn de Nikolaaskapel stiet in goatysk alter, dat net ta de oarsponklike ynventaris fan de dom stamt en in skoft lyn is oankocht. * It letgoatyske doopfont stie oarspronklik yn 'e oanbuorjende Jehannestsjerke, dy't yn 'e 19e iuw ôfbrutsen waard.
  • It heechalter koe boud wurde troch in erfenis fan de Mainzer karfoarst Frâns Loadewyk fan Palts-Neuburg en waard troch Johann Balthasar Neumann boud.

It haadoargel waard yn 1985 troch de firma Klais út Bonn mei 34 registers boud. Yn 2007 feroare deselde firma it oargel wat. It ynstrumint hat in mechanyske spyltraktuer, de registertraktuer is elektrysk.

Dêrnjonken besit de dom in koeroargel út 1996 fan de firma Oberlinger mei in mechanyske spyl- en registertraktuer yn 'e styl fan 'e koeroargels fan Aristide Cavaillé-Coll.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.