Springe nei ynhâld

Dom fan Regensburg

Ut Wikipedy
Sint-Petrusdom
Dom St. Peter
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Regensburg
adres Domplatz
koördinaten 49° 1' N 12° 5' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Regensburg
aartsbisdom München en Freising
Arsjitektuer
boujier 1275–1871
boustyl gotyk
Webside
Side fan it bisdom
Kaart
Dom fan Regensburg (Beieren)
Dom fan Regensburg

De Domtsjerke fan Regensburg is de nei de apostel Petrus ferneamde katedraal fan it Dútske bisdom Regensburg. Njonken de dom fan Keulen heart de Regensburger domtsjerke ta de wichtichste goatyske katedralen fan Dútslân.

De bou fan 'e hjoeddeiske domtsjerke folge sûnt 1275 op it plak fan in romaanske dom, dêr't de Ezelstoer oan 'e noardlike kant fan it transept noch fan bewarre bleaun is. Sûnt 1450 wie de dom safier foltôge, dat de tsjerke yn gebrûk nommen wurde koe. De foltôging fan 'e twa westlike tuorren fûn earst tusken 1859 en 1869 plak.

De katedraal foar de foltôging yn 1860

De earste fermelding fan 'e oan Petrus wijde domstjerke yn Regensburg stamt út 792, fyftich jier nei't Bonifatius it bisdom stifte hie. De romaanske dom baarnde yn 1273 ôf en wat westliker dêrfan waard yn it twadde diel fan 'e 13e iuw útein set mei de bou fan in nije katedraal, dy't iuwen duorje soe. Fan 'e romaanske tsjerke bleau de Ezelstoer stean. De namme ferwiisd nei de funksje fan 'e toer by de bou fan 'e goatyske katedraal: de toer waard (en wurdt) brûkt foar it transport fan it boumateriaal nei de hegere dielen fan 'e dom. Yn 1525 wiene de wichtichste dielen fan 'e domtsjerke foltôge, mar fanwegen ekonomyske swierrichheden stûke de foltôging.

Yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw fûn der noch wat bouaktiviteit plak yn 'e tsjerke. Noch trije traveeën moasten ferwulften ha, dy't oanbrocht waarden yn hast deselde styl as de oare ferwulften. It goatyske doksaal fan 'e tsjerke waard ferwidere en ferfongen troch in koerstek fan smei-izer. Fierder waard it wite ynterieur okerkleurich farve en de kapitelen waarden fergulde. Tagelyk waarden de bylden en alters fernijd. Om 1700 hinne liet it domkapittel it ynterieur fan 'e tsjerke yn oliifgrize kleuren farvje. Om mear ljocht yn 'e tjerke te krijen waarden de midsiuwske glês-yn-leadramen fan 'e ljochtbeuk ferwidere en ferfongen troch kleurleas glês, wylst yn 'e krusing in koepel oanbrocht waard.

De bou fan 'e tuorren.

De ûnderwurdearring fan 'e barok en de romantyske ideeën oer in suvere arsjitektuer laten yn 'e 19e iuw ta grutte feroarings fan 'e domtsjerke. Yn oanfolling op it noch besteande midsiuwske glêswurk skonk de Beierske kening Loadewyk I sûnt 1827 nije glês-yn-lead-ramen. Dêrnei joech er yn 1834 opdracht om it hiele ynterieur te suverjen fan goatysk-frjemde eleminten, dat oant 1839 útfierd waard. Op it heechalter nei waarden alle barokke alters ôfbrutsen. Ek de barokke kapellen en galerijen ferdwûnen en de barokke koepel op 'e krusing waard ferfongen troch in goatysk ribferwulft. Ek de barokke grêfmonuminten en de oan 'e muorren hingjende grutte skilderijen moasten der oan leauwe. Om't tocht waard dat de oliifgrize kleuren fan 'e domtsjerke de kleur fan 'e stien wie, waard dat mei rêst litten.

Yn 1859 waard útein set mei de foltôging fan 'e twa westlike tuorren mei de spitsen. Mei de foltôging fan 'e gevels fan it dwersskip en de krusingstoer yn 1870 en 1871 kaam nei 600 jier lang om let in ein oan 'e bou fan 'e goatyske katedraal.

Yn it ramt fan it oanlizzen fan in ûndergrûnske krypte ûnder it middenskip om dêr de biskoppen te begraven, waard yn 'e earste helte fan 'e jierren 1980 argeologysk- en bou-ûndersyk yn 'e tsjerke útfierd. Dielen fan 'e eardere romaanske atriumbôgen binne dêr fûn en yn 'e krypte yntegrearre. Fan 1985 oant 1988 waard in grutte restauraasje fan it ynterieur útfierd, de histoaryske ûnstiene kleuren bleaune ûnferoare. Fierder waarden alle bûtengevels befrijd fan in skealike gipskoarste. De restauraasje fan it haadportaal mei sa'n 170 gruttere en lytsere bylden gyng noch oant 2010 troch. De domtsjerke, dy't jierrenlang fan bûten swart wie, krige de oarspronklike wite kleur fan 'e kalkstien werom.

It heechalter.

Ut 'e barokke tiid datearret it kostbere sulveren heechalter. Alhoewol't it alter in ienheid liket, ûnstie it oer in tiidrek fan hast in iuw. De âldste dielen binne de sulveren bustes fan Marije en Joazef (1695-1696). It antependium mei in reliëf fan in foarstelling fan Jehannes fan Nepomuk datearret fan 1731. De bustes fan Petrus en Paulus waarden yn 1764 tafoege, wyst de sulveren kandelers en it alterkrús yn 1777 makke waarden. De alteropbou mei it tabernakel en de fazen folgen lang om let yn 1784-1785. Om it heechalter te meitsjen skonk biskop Anton Ignaz 5.000 gûne, de rest (10.000 gûne) waard betelle mei it omranen fan grutte dielen fan 'e tsjerkeskat.

Ursula-alter.

Yn 'e domtsjerke steane noch fiif goatyske baldekynalters. It âldste alter is it Hindrik en Kunigonde-alter yn it tredde travee fan it noardlike sydskip (1320, mei âlde fresko's). It Ferkundigingsalter yn it twadde travee fan it súdlike sydskip ûnstie om 1330 hinne. De stralekrâns is modern, mar de Madonna yn 'e krâns stamt út 1420. It Kristus-Berte-alter yn it súdlike sydkoer datearret fan 1410-1420; it alterskilderij is fan 1838. Krekt wat letter (1420-1430) waard yn it noardlike sydkoer it tige ryk fersierde Ursula-alter boud, mei reliëfs fan 'e ferkundiging oan Marije en it martlerskip fan 'e hillige Ursula. Under it nije oargel fan 2009 stiet foar de muorre fan 'e noardlike transeptearm it Albertus Magnus-alter. It stamt út 1473 en wie oarspronklik oan 'e hillige Wolfgang wijd. It alterskilderij toant de hillige Albertus Magnus (fan 1260-1262 biskop fan Regensburg), dat yn 1932 makke is.

De letgoatyske preekstoel foar de earste súdlike pylder fan it skip datearret fan 1482; de trep is 17e-iuwsk. Yn 'e jierren 1556-1557 preke de bekende Nederlânske jezuïet Petrus Canisius op 'e preekstoel.

Noardlik fan it heechalter stiet oan 'e muorre de sakramintstoer mei in tige hege slanke opbou. It is fersierd mei bylden, it wapen fan 'e stifter en it jiertal 1493.

Yn 'e katedraal leit njonken it súdlike transeptportaal in 12 meter djippe put út 1470. Yn 1500 waard oer de boarne in troch twa profilearre pylders droegen letgoatysk baldakyn set mei de stiennen bylden fan Kristus en de Samaritaanske frou.

In tige grut diel fan 'e ramen yn 'e domtsjerke is noch midsiuwsk. Alle finsters fan it haadkoer hawwe de oarspronklike ramen út 1300-1370. Yn it dwersskip ûntstie it ûnbidich grutte njoggendielige finster om 1330 hinne. Yn 'e finsterrige fan it trifoarium dêrûnder is kostber letromaansk glês út 1230 fan 'e âlde domtsjerke ferwurke. Ek yn it noardlik sydskip is noch in soad 14e- en 15e-iuwsk glês bewarre bleaun. De finsters fan 'e westlike gevel en de ljochtbeuk hawwe 19e-iuwske ramen en yn 1967-1968 waarden de finsters yn it linkerkoer tafoege.

It grêfmonumint yn it middenskip is makke foar kardinaal Filip Willem fan Beieren.

Oan 'e westlike krusingspylders steane bylden fan Marije en de ingel Gabriel. De bylden stamme út 1280. Oan 'e eastlike krusingspylders binne de bylden fan Petrus (1320) en Paulus (1360-1370) oanbrocht. Oan 'e westlike kant binne oan wjerskanten fan 'e tagong fan 'e tsjerke de bylden fan Sint-Joaris en fan Sint-Martinus út 1325 te sjen.

De domtsjerke hat twa oargels: in koeroargel efter it haadalter en in nij haadoargel út 2009 yn it noardlik transept. Oant de bou fan it nije haadoargel waard it koeroargel as haadoargel brûkt. Op dat plak boude de firma Binder & Siemann yn 1905 in twamanualich oargel mei 25 registers. It ynstrumint waard yn 1947 troch de firma Steinmeyer útwreide mei ien manuaal en yn 1950 folge noch in ferbouwing troch Eduard Hirnschrodt, sadat it ynstrumint 39 registers op trije manualen krige. De pipen fan it âlde haadoargel waarden opslein en yn 2018 troch it kapittel yn 'e ferkeap dien.

Rieger-oargel.

It koeroargel stamt út 1989 en waard troch de Switserske oargelfirma Mathis as in trijemanualich ynstrumint mei 43 registers boud. Om't it koeroargel nei de foltôging fan it nije oargel út 2009 de funksje fan haadoargel ferlear, waard it posityf fan it oargel ferwidere, sadat it oargel tsjintwurdich noch 33 registers besit.

De oargelboufirma Rieger boude yn 2009 foar € 1,7 miljoen in nij oargel yn it noardlik transept. Dat wie needsaaklik om't it koeroargel benammen by in folle tsjerke te min folume produsearre. It ynstrumint hat 80 registers op fjouwer manualen en pedaal en it is it grutste swellenêstoargel fan 'e wrâld. It front fan it mear as 18 meter hege oargel bestiet allinne út pipen.[1]

Portaalbylden.

De bylden fan it tige ryk dekorearre haadportaal datearje út de perioade 1380-1420.

Bûten is oan in pylder by de súdlike tagong fan 'e dom in saneamde Judensau (joadesûch) te sjen. Oan 'e baarch op it 14e-iuwske reliëf hingje trije joaden yn harren doedestiidske klean oan it oer te drinken. It doel fan 'e sûch wie om 'e joaden mei opsetsin te misledigjen.

Oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke is in kleastergong út de 11e oant 12e iuw. Eastlik dêroan grinzget de achthoekige, as rêstplak foar biskop Hartwich II, boude Alderheljenkapel mei romaanske fresko's. De kapel moat yn 'e 12e iuw boud wêze, om't de biskop yn 1164 ferstoar.

Njonken de domtsjerke stiet de Sint-Stefanustsjerke út de 11e iuw, ek wol Alter Dom neamd. Eastlik fan 'e dom stiet de 13e-iuwske Ulrichtsjerke, de parochytsjerke.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side