Springe nei ynhâld

Bisdom Regensburg

Ut Wikipedy
Bisdom Regensburg
Basisgegevens
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
AartsbisdomMünchen en Freising
BiskopssitRegensburg
KatedraalDom fan Regensburg
PatroanhilligeWolfgang fan Regensburg
Hiemsidebistum-regensburg.de
Skiednis
Oprjochting739
StifterBonifatius
Hierargy
BiskopRudolf Voderholzer
Statistyk
Oerflak14.665 km²
Befolking1.741.900 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk1.158.482 (66,5%) (31.12.2018)
Dekenaten33 (31.12.2014)
Parochy's631 (31.12.2018)
Lokaasje bisdom Regensburg yn Dútslân.
Lokaasje bisdom Regensburg yn Dútslân.

It bisdom Regensburg (Dútsk: Bistum Regensburg; Latynsk: Dioecesis Ratisbonensis) is in roomsk bisdom yn Dútslân.

Dom fan Regensburg.

It bisdom bestiet sûnt it jier 739 en waard troch Bonifatius ynsteld. De earste biskop wie Gaubald. Biskop Wolfgang stifte yn it jier 975 it âldste jongeskoar fan 'e wrâld, de Regensburger Domspatzen.

De sit fan it bisdom is yn Regensburg, dêr't de domtsjerke stiet. It bisdom leit yn it noardeastlike diel fan Beieren. Wat oerflak oanbelanget is Regensburg it grutste bisdom fan Beieren.

Sûnt 1817 is it bisdom suffragaan oan it aartsbisdom München en Freising. Patroanhillige fan it bisdom is Wolfgang fan Regensburg.

Bekende biskoppen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Regensburg fan Wikimedia Commons.
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân
Hjoeddeistige bisdommenAkenAugsburgBambergBerlynDresden-MeißenEichstättErfurtEssenFreiburgFuldaGörlitzHamburchHildesheimKeulenLimburchMagdeburgMainzMünchen en FreisingMúnsterOsnabrückPaderbornPassauRegensburgRottenburg-StuttgartSpiersTrierWürzburg
Eardere bisdommenBremenHalberstadtLübeckMindenVerden
· · Berjocht bewurkje