Springe nei ynhâld

Næstved

Ut Wikipedy
Næstved
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Seelân
Gemeente Næstved
Sifers
Ynwennertal 45.099 (2024)
Oerflak 681 km²
Oar
Stifting 1135
Postkoade DK-4700
Tiidsône UTC+1
Koördinaten 55° 13'N 11° 45'E
Offisjele webside
www.naestved.dk
Kaart
Næstved (Denemark)
Næstved

Næstved is in âld merkstedsje yn 'e Deenske regio Seelân dat tichteby de mûning fan 'e Suså yn it Karrebæk Fjord leit. Mei syn 45.099 ynwenners (2024) is it de fyftjinde stêd fan it lân en de fyfte stêd fan Seelân. It is it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme. It plak is ryk oan midsiuwske arsjitektuer.

As oprjochtingsjier fan Næstved wurdt it jiertal 1135 oanholden, doe't Peter Bodilsen in soad jild en lân oan 'e Benediktynske oarder skonk, wêrmei't de muontsen it Skovkleaster sitften, nei de reformaasje bekend as de Latynske skoalle Herlufshol en hjoed-de-dei ien fan 'e âldste Deenske skoallen. Ek de Fransiskanen (om 1240 hinne) en de Dominikanen (1266) bouden dêr ek harren kleasters, sadat de stêd in religieus sintrum waard. Næstved krige al merkstedsrjochten yn 1140.

Næstved yn 'e 16e iuw.

Yn 'e 17e iuw rekke de stêd wat yn it nijgean, mar yn 'e 18e iuw ferbettere de sitewaasje mei't yn it plak de Grønnegades kazerne oprjochte waard. Yn 'e tiid fan 'e yndustrialisaasje groeide it plak stadichoan. It spoar en it útgraven fan in kanaal makke in echte haven mooglik mei in ferbining mei it Karrebæk Fjord. Dêrnei, yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw makke de stêd in foarse groei mei.

Yn 1946 waard by Næstved de Man fan Porsmose fûn, in feanlyk út it jonge neolitikum. De Man fan Porsmose waard fûn mei in pylk troch syn noas en in pylk yn it boarst, dy't him nei alle gedachten it libben koste hat. Tsjintwurdich wurdt it feanlyk yn it Deenske Nasjonale Museum yn Kopenhagen bewarre.

Hjoed-de-dei is Næstved in wichtich sintrum foar in grut fersoargingsgebiet.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Sint-Pitertsjerke (Deensk: Sankt Peders Kirke) is de 55 meter lange goatysje tsjerke súd fan it stêdhûs. De bou datearret út de 12e oant de 15e iuw en is foar in grut part noch yntakt.
  • In twadde midsiuwske tsjerke is de healwei de jierren 1880 swier restaurearre Sint-Mortenstsjerke (Sankt Mortens Kirke).
  • It Apostelhuset is in fakwurkgebou oan 'e Riddergade út de jierren 1510-1520. De namme is te tankjen oan 'e 13 bylden op it fakwurk, dy't Jezus en de tolve apostels foarstelle.
  • It âlde riedhûs (1450-1520)
  • It Hillige Geasthûs (Hligåndshuset) datearret út de ein fan 15e iuw en wie in hospitaal, earmhûs en âldereinhûs, hjoed-de-dei is it in gemeentlik museum.
  • It 14e-iuwske kompanjyhûs (Kompagnihuset) is de âldste midsiuwske gildehal fan Skandinaavje.
  • 2 km noard fan it sintrum is it eardere kleaster, dat sûnt 1565 in Latynske skoalle en sûnt 1567 in jongesynternaat wie. Earst yn 1966 waard de skoalle ek foar famkes iepene.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Næstved fan Wikimedia Commons.