Robert Forster (akteur)
Robert Forster | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Wallace Forster jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 july 1941 | |
berteplak | Rochester (New York) | |
stoarn | 11 oktober 2019 (78 jier) | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk Italjaansk | |
jierren aktyf | 1967 – 2019 | |
prizen | Saturn Award 2013 | |
offisjele webside | ||
www.robertforster.com |
Robert Forster (folút: Robert Wallace Forster jr.; Rochester (New York), 13 july 1941 - Los Angeles, 11 oktober 2019) wie in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Hy waard benammen bekend mei de rollen yn 'e films Delta Force, as de Libaneeske terrorist Abdul Rafai, en Jackie Brown, as boarchliener Max Cherry. Foar dy lêste rol waard er nominearre foar in Oscar. Forster hie ek promininte rollen yn tillefyzjesearjes as Banyon, Heroes, de remake fan Twins Peak en de populêre komeedzjesearje Last Man Standing.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Forster waard yn 1941 berne yn Rochester, yn 'e Amerikaanske steat New York. Syn heit, Robert Wallace Forster sr., wie fan mingd Iersk en Ingelsk komôf en wurke as oaljefantetrainer yn it Ringling Bros. and Barnum & Bailey Circus. Nei't er ophold yn it sirkus begûn er in twadde wurkpaad yn in liedende funksje by in bedriuw dat baknedichheden ferkocht. Forster syn mem, Grace Dorothy Montanarella, wie fan etnysk Italjaansk komôf. It houlik fan syn âlden einige yn 1949 yn in skieding.
Nei't Forster de middelbere skoalle ôfmakke hie, studearre er skiednis oan 'e Universiteit fan Rochester, dêr't er yn 1964 in bachelorgraad yn behelle. Yn syn studintetiid spile er yn ferskate toanielútfierings, lykas de musical Bye Bye Birdie. Hoewol't er oarspronklik fan doel west hie om troch te learen foar abbekaat, besleat er troch dy ûnderfinings op it toaniel om ynstee akteur te wurden.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Forster begûn syn aktearkarriêre yn 1967 mei in gastrol yn 'e plysjesearje N.Y.P.D.. Datselde jiers spile er soldaat Williams yn 'e film Reflections in a Golden Eye, fan regisseur John Huston, wêrfoar't er in protte lof taswaaid krige. Yn 1968 spile er de heal-Yndiaanske legerferkenner Nick Tana yn 'e film The Stalking Moon, fan regisseur Robert Mulligan, dêr't er op 'e nij loovjende kritiken foar ûntfong. Neitiid fertolke Forster yn 1969 de rol fan John Cassellis yn Haskell Wexler syn heech oanskreaune film Medium Cool.
Yn 'e 1970-er jierren wie Forster op it wite doek fral te sjen yn byrollen yn B-films, wêrûnder The Black Hole (1977), fan Disney. Mar op 'e tillefyzje hied er fan 1971 oant 1973 de haadrol yn 'e plysjesearje Banyon. Ek yn 'e searje Nakia (1974) fertolke er in haadrol. Yn 'e 1980-er jierren hie Forster haadrollen yn B-films, sawol aksjefilms as horrorfilms, lykas Alligator (1980), Vigilante (1983) en The Banker (1989). Yn The Delta Force, út 1986, spile Forster de Libaneeske terrorist Abdul Rafai, ien fan syn bekendere rollen. Yn deselde tiid hie Forster op 'e tillefyzje benammen gastrollen yn searjes as Magnum, P.I., Murder, She Wrote, William Tell, Jake and the Fatman en Walker, Texas Ranger.
Yn 1997 spile Forster syn bekendste rol op it wite doek as Max Cherry, de eigner fan in boarchlieningsburo, yn Quentin Tarantino syn film Jackie Brown, mei û.o. Pam Grier, Robert De Niro, Bridget Fonda en Samuel L. Jackson. Forster waard foar dy rol nominearre foar sawol in Oscar as in Saturn Award, beide yn 'e kategory bêste manlike byrol. Hy soe letter de dêropfoljende oplibbing fan syn aktearkarriêre taskriuwe oan syn optreden yn Jackie Brown. Neitiid waard er nammentlik frege foar rollen yn bekende films as Me, Myself & Irene (2000), Mulholland Drive (2001), Charlie's Angels: Full Throttle (2003) en Lucky Number Slevin (2006).
Op 'e tillefyzje spile Forster yn dy snuorje yn 'e tillefyzjefilm The Hunt for the BTK Killer (2005) de resjersjeur dy't searjemoardner Dennis Rader op 'e hakken sit. Fierders hied er yn 'e misdiesearje Karen Sisco (2003-2004), dy't krekt as Jackie Brown basearre wie op in roman fan Elmore Leonard, de rol fan 'e heit fan resjersjeur Karen Sisco. Ek fertolke Forster gastrollen yn searjes as Desperate Housewives, CSI: New York en Alcatraz, en liende er syn stim oan in gastpersonaazje yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje The Simpsons. Forster hie in weromkearende rol as Arthur Petrelli yn tsien ôfleverings fan 'e searje Heroes (2007-2008), wêrfoar't er nominearre waard foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste gastrol.
Yn 2011 spile Forster de rol fan Scott Thorson yn 'e film The Decendants, wêrfoar't er mei de rest fan 'e akteurs nominearre waard foar in Screen Actors Guild Award yn 'e kategory bêste cast. Fierders wied er ek te sjen yn 'e aksjefilm Olympus Has Fallen (2013) en it ferfolch dêrop, London Has Fallen (2016). Yn 2015 wie Forster yn 'e spionaazjefilm Survivor te sjen, mei Milla Jovovich en Pierce Brosnan. Fan 2012 ôf hie Forster fierders in weromkearende rol yn 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing, as Bud Baxter, de dwerse, marihuanaferkeapjende âlde heit fan haadrolspiler Tim Allen. Ek spile er yn 2013 de rol fan Ed yn 'e ôflevering Granite State fan 'e mei in Emmy bekroande misdiesearje Breaking Bad. Foar dat optreden wûn er de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje. Fierders fertolke Forster yn 2015 de rol fan Blue Backstrom, de heit fan 'e haadpersoan yn 'e plysjesearje Backstrom. En yn 2017 spile er de rol fan sheriff Frank Truman yn 'e remake fan 'e searje Twin Peaks.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Forster krige yn 1965 syn earste bern, soan Robert jr., út in koarte relaasje. Fan 14 maaie 1966 oant 20 septimber 1975 wied er troud mei June Provenzano, mei wa't er yn 'e kunde kommen wie doe't se beide studearren oan 'e Universiteit fan Rochester. Hja krigen tegearre trije dochters: Elizabeth (1967), Kathrine "Kate" (1969) en Maeghen (1972). Nei't er fan syn earste frou skieden wie, wertroude Forster yn 1978 mei syn twadde frou Zivia, fan wa't er lykwols yn 1980 ek skiede.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Forster stoar yn de âldens fan 78 jier oan harsenskanker, op de dei dat syn lêste film El Camino: A Breaking Bad Movie yn premiêre gie.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1957 | Wagon Train | Hedson | gastrol; ôfl. The Julie Gage Story |
1967 | N.Y.P.D. | Tony | gastrol; ôfl. To Catch a Hero |
1968 | Judd, for the Defense | Ray Elliott | gastrol; ôfl. In a Puff of Smoke |
1968 | Premiere | Doug Payson | gastrol; ôfl. Higher and Higher, Attorneys at Law |
1971–1973 | Banyon | Miles Banyon | weromkearende rol; 16 ôfl. |
1974 | Nakia | helpsheriff Nakia Parker | fêste rol; 14 ôfl. |
1974 | The Death Squad | Eric Benoit | tillefyzjefilm |
1975 | Medical Story | David Corbin | gastrol; ôfl. The Moonlight Heater |
1975–1977 | Police Story | ferskaat | 5 ôfl. |
1977 | The City | ynspekteur Matt Lewis | pilotôflevering |
1978 | Standing Tall | Luke Shasta | tillefyzjefilm |
1979 | The Darker Side of Terror | Paul Corwin | tillefyzjefilm |
1981 | Goliath Awaits | kaptein-luitenant-op-see Jeff Selkirk | tillefyzjefilm |
1985 | Magnum, P.I. | Tyler Peabody McKinney | gastrol; 2 ôfl. |
1986 | Tales from the Darkside | Gary Gooley | gastrol; ôfl. The Milkman Cometh |
1986 | Murder, She Wrote | Gilbert Gaston | gastrol; ôfl. The Perfect Foil |
1987 | Hotel | Steve Cameron | gastrol; ôfl. Unfinished Business |
1987 | Once a Hero | Gumshoe | weromkearende rol; 7 ôfl. |
1987–1988 | William Tell | Aymong | weromkearende rol; 3 ôfl. (searje ek bekend as Crossbow) |
1989 | Mick and Franki | Feinstein | pilotôflevering |
1991 | Jake and the Fatman | Ed Delaney | gastrol; 2 ôfl. |
1991 | P.S. I Luv U | Dan | gastrol; ôfl. There Goes the Neighbourhood |
1992 | In the Shadow of a Killer | Charles Galbis | tillefyzjefilm |
1993 | Silk Stalkings | Vince Riker | gastrol; ôfl. Tough Love |
1993 | Sex, Love and Cold Hard Cash | Sid | tillefyzjefilm |
1995 | Walker, Texas Ranger | Ricky Rickettes | gastrol; ôfl. The Big Bingo Bamboozle |
1995 | Murder, She Wrote | Frank Roussel | gastrol; ôfl. Big Easy Murder |
1995 | One West Waikiki | Gerard Foster | gastrol; ôfl. Flowers of Evil |
1997 | Walker, Texas Ranger | Lane Tillman | gastrol; ôfl. Texas vs. Cahill |
1998 | Rear Window | resjersjeur Charlie Moore | tillefyzjefilm |
1999 | Todd McFarlane's Spawn | majoar Forsberg | as stimakteur; 3 ôfl. |
2000 | Godzilla: The Series | Jack Chapman / plysjeman | as stimakteur; gastrol; ôfl. Wedding Bells Blew |
2001 | Like Mother Like Son | Ken "Pappa" Kimes | tillefyzjefilm |
2002 | Murder in Greenwich | Steve Carroll | tillefyzjefilm |
2002 | Due East | Jesse Rapple | tillefyzjefilm |
2002–2003 | Fastlane | Raymond Ray | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2003 | Undefeated | Scott Green | tillefyzjefilm |
2003 | Street Time | Tony DeAngelo | gastrol; ôfl. Cop Killer |
2003–2004 | Karen Sisco | U.S. marshal Sisco | weromkearende rol; 10 ôfl. |
2004 | The Grid | Jay Aldrich | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2004 | Clubhouse | Burt Austin | gastrol; ôfl. Spectator Interference |
2004–2005 | Huff | Ben Huffstodt | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2005 | Tilt | Jimmy "Gentleman Jim" Towne | gastrol; 2 ôfl. |
2005 | Justice League Unlimited | presidint fan 'e Feriene Steaten | as stimakteur; 2 ôfl. |
2005 | Bounty Hunters | Jerry | pilotôflevering |
2005 | The Hunt for the BTK Killer | resjersjeur Jason Magida | tillefyzjefilm |
2006 | Numb3rs | spesjaal agint Thomas Lawson | gastrol; ôfl. Protest |
2006 | 13 Graves | Tom Ferris | pilotôflevering |
2007 | Army Wives | generaal Grayson | gastrol; ôfl. Truth and Consequences |
2007 | Desperate Housewives | Nick Delfino | gastrol; ôfl. Now I Know, Don't Be Scared |
2007–2008 | Heroes | Arthur Petrelli | weromkearende rol; 10 ôfl. nom. Saturn Award foar bêste gastrol fan in akteur op 'e tillefyzje |
2008 | The Simpsons | Lucky Jim | as stimakteur; gastrol; ôfl. Sex, Pies and Idiot Scrapes |
2011 | CSI: New York | Joe Vincent | gastrol; ôfl. Indelible |
2012 | Alcatraz | Ray Archer | minysearje; 4 ôfl. |
2012 | Transformers: Prime | generaal Bryce | as stimakteur; gastrol; ôfl. Grill |
2012–2018 | Last Man Standing | pake Bud Baxter | weromkearende rol; 10 ôfl. |
2013 | NTSF:SD:SUV:: | Booth Whitman | gastrol; ôfl. Unfrozen Agent Man |
2013 | Breaking Bad | Ed Galbraith | gastrol; ôfl. Granite State Saturn Award foar bêste gastrol fan in akteur op 'e tillefyzje |
2013 | Ironside | heit fan Virgil | gastrol; ôfl. Hidden Agenda |
2014 | Intruders | Frank Shepherd | gastrol; 2 ôfl. |
2014–2015 | Teenage Mutant Ninja Turtles | Jack J. Kurtzman | as stimakteur; weromkearende rol; 4 ôfl. |
2015 | Childrens Hospital | Donald | gastrol; ôfl. The 27 Club |
2015 | Backstrom | sheriff Blue Backstrom | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2016 | Divorce | Donald | gastrol; 2 ôfl. |
2017 | Twin Peaks | sheriff Frank Truman | minysearje; 10 ôfl. |
2017 | I'm Dying Up Here | Guy Apuzzo | gastrol; ôfl. Pilot |
2020 | Better Call Saul | Ed Galbraith | gastrol; ôfl. Magic Man; postúm útstjoerd |
2020 | Amazing Stories | pake Joe Harris | gastrol; ôfl. Dynoman and The Volt; postúm útstjoerd |
films | |||
1967 | Reflections in a Golden Eye | soldaat L.G. Williams | |
1968 | The Stalking Moon | Nick Tana | |
1969 | Justine | Narouz | |
1969 | Medium Cool | John Cassellis | |
1970 | Pieces of Dreams | Gregory Lind | |
1970 | Cover Me Babe | Tony Hall | |
1972 | Journey through Rosebud | Frank | |
1973 | The Don is Dead | Frank Regalbuto | |
1977 | Stunts | Glen Wilson | |
1978 | Avalanche | Nick Thorne | |
1979 | The Lady in Red | "Turk" | net fermeld op 'e ôftiteling |
1979 | The Black Hole | kaptein Dan Holland | |
1980 | Alligator | resjersjeur David Madison | |
1981 | Heartbreak High | coach Alan Arnoldi | |
1983 | Vigilante | Eddie Marino | |
1985 | Walking the Edge | Jason Walk | |
1986 | The Delta Force | Abdul Rafai | |
1986 | Hollywood Harry | Harry Petry | ek produsint en regisseur |
1988 | Counterforce | de diktator | |
1989 | Satan's Princess | Lou Cherney | |
1989 | The Banker | Dan Jefferson | |
1989 | Esmeralda Bay | Madero | |
1990 | Peacemaker | Yates | |
1991 | Committed | dr. Desmond Moore | |
1991 | Checkered Flag | Jack Cotton | |
1991 | Diplomatic Immunity | Stonebridge | |
1991 | 29th Street | brigadier Tartaglia | |
1991 | In Between | Vinnie | |
1993 | Maniac Cop III: Badge of Silence | dokter Powell | direkt-op-fideo útbrocht |
1993 | South Beach | resjersjeur Ted Coleman | |
1993 | American Yakuza | Littman | |
1993 | Cover Story | psychoterapeut | |
1994 | Point of Seduction: Body Chemistry III | Bob Sibley | direkt-op-fideo útbrocht |
1995 | Scanners: The Showdown | kaptein Jack Bitters | direkt-op-fideo útbrocht |
1995 | Guns and Lipstick | haadynspekteur Dimaggio | |
1996 | The Method | heit fan Christian | |
1996 | Original Gangstas | resjersjeur Slatten | |
1996 | Uncle Sam | ôffurdige Alvin Cummings | direkt-op-fideo útbrocht |
1996 | Hindsight | Michael Donahue | |
1997 | American Perfekt | Jake Nyman | |
1997 | Demolition University | Gentry | direkt-op-fideo útbrocht |
1997 | Jackie Brown | Max Cherry | nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur |
1997 | Night Vision | Teak Taylor | |
1998 | Psycho | dokter Fred Simon | |
1998 | Outside Ozona | Odell Parks | |
1999 | It's the Rage | Tyler | |
1999 | Family Tree | Henry Musser | |
1999 | Kiss Toledo Goodbye | Sal Fortuna | |
2000 | Supernova | A.J. Marley | |
2000 | The Magic of Marciano | Henry | |
2000 | Lakeboat | Joe Litko | |
2000 | Cowboys and Angels | barbecueman op brulloft | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
2000 | Me, Myself & Irene | kolonel Partington | |
2000 | Diamond Men | Eddie Miller | ek útfierend produsint bysûndere erkenning fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons |
2000 | It's a Shame about Ray | Wally | koarte film |
2001 | Mulholland Drive | resjersjeur Harry McKnight | |
2001 | Human Nature | heit fan Nathan | |
2001 | Finder's Fee | plysjeman Campbell | |
2002 | Lone Hero | Gus | |
2002 | Strange Hearts | Jack Waters | |
2002 | Like Mike | coach Wagner | |
2003 | Confidence | Morgan Price | |
2003 | Where's Angelo? | Bob | koarte film |
2003 | Charlie's Angels: Full Throttle | direkteur fan 'e FBI Roger Wixon | |
2003 | Grand Theft Parsons | Stanley Parsons | |
2006 | Firewall | Harry Romano | |
2006 | Lucky Number Slevin | Murphy | |
2006 | Wild Seven | Wilson | |
2007 | Rise: Blood Hunter | Lloyd | |
2007 | D-War | Jack Wilson | |
2007 | Cleaner | Arlo Grange | |
2007 | Grampa's Cabin | pake | koarte film |
2008 | Expecting Love | George Patten | |
2008 | Jack and Jill vs. the World | Norman / ferteller | net fermeld op 'e ôftiteling |
2008 | Touching Home | Jim "Perk" Perkins | |
2009 | Thick as Thieves | ynspekteur Sam Weber | |
2009 | Ghosts of Girlfriends Past | brigadier Mervis Volkom | |
2009 | Middle Men | Louie "La-La" | |
2010 | The Bannen Way | dhr. B | |
2010 | Red Princess Blues | de ferhaleferteller | koarte film |
2010 | The Trial | Ray | |
2010 | Kalamity | Tom Klepack | |
2011 | Girl Walks into a Bar | Dodge | |
2011 | The Descendants | Scott Thorson | nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm |
2012 | Hotel Noir | Jim Logan | |
2013 | Olympus Has Fallen | generaal Edward Clegg | |
2013 | Coffee, Kill Boss | Walt Ford | |
2013 | Somewhere Slow | Chris McConville | |
2014 | Autómata | Robert Bold | |
2015 | The Biffle Murder Case | James Burke | koarte film |
2015 | The Bridge Partner | Don Whalen | koarte film |
2015 | Run Fast | Peter Cirone | koarte film |
2015 | Survivor | Bill Talbot | |
2015 | Too Late | Gordy Lyons | |
2015 | The Program | Michael | koarte film |
2015 | The Adventures of Biffle and Shooster | James Burke / ynspekteur Frank Murphy | |
2015 | Home | man | koarte film |
2016 | London Has Fallen | generaal Edward Clegg | |
2016 | The Confirmation | Otto | |
2016 | The American Side | Sterling Whitmore | |
2016 | Bus Driver | generaal Sorbin | |
2017 | Small Town Crime | Steve Yendel | |
2017 | Small Crimes | Joe Denton sr. | |
2017 | The Case for Christ | Walter Strobel | |
2017 | Acts of Vengeance | Chuck | |
2018 | What They Had | Norbert Everhardt | |
2018 | Damsel | âlde predikant | |
2018 | The Big Take | resjersjeur Aborn | |
2018 | Bigger | Joe (yn 2008) | |
2018 | Nasty | Bob | koarte film |
2019 | Phil | Bing Fisk | |
2019 | El Camino: A Breaking Bad Movie | Ed Galbraith | |
2019 | QT8: The First Eight | himsels | dokumintêre; postúm útbrocht |
2020 | The Wolf of Snow Hollow | sheriff Hadley | postúm útbrocht |
2020 | Grave Intentions | Don Whalen | segmint The Bridge Partner; postúm útbrocht |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Robert Forster
- (in) Folsleine filmografy fan Robert Forster yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|