Springe nei ynhâld

Rambo: First Blood Part II

Ut Wikipedy
Rambo: First Blood Part II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George P. Cosmatos
produsint Buzz Feitshans
senario Sylvester Stallone
James Cameron
kamerarezjy Jack Cardiff
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Carolco Pictures
Anabasis Investments
Estudios Churubusco
distribúsje TriStar Pictures
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Richard Crenna
byrollen Julia Nickson
Charles Napier
Steven Berkoff
George Cheung
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Meksiko
premiêre 22 maaie 1985
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek wat Fjetnameesk)
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $25,5 miljoen
opbringst $300,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Rambo
● foarich diel First Blood
● folgjend diel Rambo III

Rambo: First Blood Part II is in Amerikaansk-Meksikaanske aksjefilm út 1985 ûnder rezjy fan George P. Cosmatos, mei yn 'e haadrollen Sylvester Stallone en Richard Crenna. De titel betsjut "Rambo: Earste Bloed Diel II". It ferhaal folget John Rambo, in eardere kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch. Troch syn eardere befelfierend ofsier, kolonel Trautman, wurdt er útstjoerd nei Fjetnam om dêre op 'e siik te gean nei Amerikaanske kriichsfinzenen út 'e oarloch, dy't dêr mooglik noch fêstholden wurde. Rambo: First Blood Part II wie it twadde diel fan 'e Rambo-filmsearje, en folge as sadanich op First Blood, út 1982. Fan 'e filmkritisy krige de film mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út 'e rige, Rambo III, waard útbrocht yn 1988.

Trije jier nei de gewelddiedige konfrontaasje yn Hope (Washington) sit John Rambo, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch en in eardere kommando yn it Amerikaanske Leger, in finzenisstraf fan acht jier mei twangarbeid út. Troch de struktuer dy't it hurde mar rûtinemjittige bestean yn 'e finzenis him biedt, hat Rambo syn psychologyske swierrichheden ûnderwilens foar in part witten te oerwinnen. Hy wurdt opsocht troch syn âlde befelhawwer en freon, kolonel Sam Trautman, dy't him fertelt oer in geheime misje yn Fjetnam. It Amerikaanske Kongres fermoedet dat dêr mear as tsien jier nei de ein fan 'e Fjetnamoarloch noch Amerikaanske kriichsfinzenen fêstholden wurde, en it is de bedoeling om in kommando op in ienmansmisje út te stjoeren om dy fermoedens te ûndersykjen. Trautman hat derfoar soarge dat Rambo foar de útfiering yn oanmerking komt, sadat er him út 'e finzenis krije kin. Rambo seit syn meiwurking ta yn ruil foar amnesty.

Rambo wurdt út it tichthûs helle en wer yn 'e tsjinst nommen by it Amerikaanske Leger. Hy reizget nei Tailân, dêr't Trautman him yn 'e kunde bringt mei Marshall Murdock, in burokraat dy't it tafersjoch oer de operaasje hat. It is Rambo al fluch dúdlik dat dyselde in liger en in sweeslagger is, mei't er dingen fertelt oer syn eigen oarlochsferline wêrfan't Rambo wit dat se net wier binne. Murdock drukt Rambo op it hert dat er inkeld foto's meitsje kin fan wat er oantreft; yn gjin gefal mei er yngripe troch bgl. kriichsfinzenen te befrijen. Soks soe ta in diplomatyk ynsidint liede kinne. Foar de befrijing sil letter, as dat nedich is, in apart ekstraksjeteam stjoerd wurde. Rambo wurdt foar de misje tarist mei it modernste gereid, mar as er boppe Fjetnam út it fleantúch springe sil, rekket syn parasjute ferstrikt oan in útstekkend diel fan 'e fleanmasine. Hy is dêrtroch twongen en snij syn taris los om himsels te befrijen, sadat er de sprong dochs noch meitsje kin mei syn reserveparasjute.

Sadwaande komt Rambo yn Fjetnam del mei inkeld syn jachtmês en pylk-en-bôge by him. Op 'e grûn moetet er syn kontaktpersoan, in geheim aginte foar de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst, dy't in jonge frou blykt te wêzen, Co Bao. Dyselde beävensearret dat sy beiden troch in groep rivierpiraten, dy't ûnder lieding steane fan kaptein Trong Kinh, rivierop fearn wurde, nei de lokaasje dêr't fan fermoede wurdt dat it in kriichsfinzenekamp is. Dêr arrivearre ûntdekt Rambo yndie in groep Amerikaanske kriichsfinzenen, dy't troch de Fjetnameeske bewekkers ûnder erbarmlike omstannichheden fêstholden wurde. Hoewol't syn befellen oan dúdlikheid neat te winskjen oerlitte, kin er him net bedimje, en snijt er ien fan harren los fan in krúsfoarmige peal dêr't er oan fêstbûn is. Dat wurdt al rillegau ûntdutsen troch de Fjetnamezen, en trijeresom meitsje Rambo, Co Bao en de kriichsfinzene har út 'e fuotten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Se geane wer oan board by de rivierpiraten, mar it docht bliken dat kaptein Trong Kinh troch de Fjetnameeske autoriteiten omkocht is om harren finzen te nimmen. Rambo wit los te brekken en deadet de piraten, wêrnei't er in neieroan kommende Fjetnameeske patrûljeboat opblaast mei in raketgranaat. It trijetal pykt oer lân fierder út yn 'e rjochting fan it ôfsprutsen plak dêr't Rambo wer oppikt wurde soe. Healwei jout er Co Bao opdracht om by harren wei te gean, sadat sy harsels net ferriede sil. Efterfolge troch de sipiers fan it kriichsfinzenekamp, dy't oanfierd wurde troch luitenant Tay, berikt Rambo it ôfsprutsen plak, dêr't Trautman en twa mannen fan Murdock yn in helikopter op him wachtsje.

Sadree't Murdock, dy't oer de radio fan 'e foarútgong op 'e hichte holden wurdt, foar it ferstân kriget dat Rambo in befrijde kriichsfinzene by him hat, jout er lykwols opdracht om 'e misje ôf te brekken. Wylst Trautman troch ien fan Murdock syn mannen ûnder skot holden wurdt, fljocht de helikopter sûnder Rambo of de kriichsfinzene fuort. Werom op 'e basis yn Tailân docht bliken dat de misje fan Rambo it resultaat wie fan 'e druk fan 'e Amerikaanske publike opiny op 'e polityk yn Washington, D.C. It wie lykwols inkeld bedoeld foar de show en beslist net om ècht nei kriichsfinzenen te sykjen. It Kongres hie nea ferwachte dat der wier kriichsfinzenen oantroffen wurde soene. En as Rambo dien hie wat him opdroegen wie, troch inkeld foto's fan 'e kriichsfinzenen te meitsjen en dêrmei werom te kearen, hie Murdock derfoar soarge dat de foto's weirekke wiene. No is Murdock fan doel om Rambo yn Fjetnameeske finzenskip stjerre te litten, sadat de kwestje fan 'e kriichsfinzenen net wer oan 'e oarder komt. As Trautman driget om der op eigen manneboet op út te tsjen om Rambo te sykjen, lit Murdock him ûnder arrest pleatse.

Rambo en de befrijde kriichsfinzene wurde troch kaptein Tay-en-dy finzen nommen, wylst Co Bao fan in sideplak ôf tasjocht. De beide mannen wurde werombrocht nei it kriichsfinzenekamp, dêr't Rambo ûnderfrege wurdt troch luitenant-kolonel Sergej Podovski, in ofsier fan it Reade Leger dy't as adviseur it Folksleger fan Fjetnam bystiet. Podovski wol dat Rambo oer de radio ferbining leit mei de Amerikaanske basis yn Tailân, om Podovski syn drigeminten troch te jaan foar it gefal dat der op 'e nij besocht wurde sil om 'e kriichfinzenen te befrijen. As Rambo wegeret, wurdt er martele troch Podovski syn assistint, sersjant Jûsjin. Hy hâldt it lang fol, mar as Jûsjin dermei driget om 'e kriichsfinzene dy't Rambo befrijd hie, in each út te stekken, jout er ta.

Underwilens ynfiltrearret Co Bao it kriichsfinzenekamp ferklaaid as prostituee. Se deadet kaptein Vinh, de kampkommandant, en giet dan op 'e siik nei Rambo. Dyselde makket fia de radio kontakt mei de Amerikaanske basis en soarget dat er Murdock te praat kriget. Ynstee fan 'e drigeminten fan Podovski troch te jaan, warskôget er dyselde dat er efter him oan komt. Dêrop wurdt er mei help fan Co Bao de Russen en harren Fjetnameeske helpers oermânsk. Tegearre ûntkomme se jitris út it kamp. Tsjin 'e moarn hâlde se ho om eefkes te bekommen. Co Bao freget Rambo om har mei werom te nimmen nei de Feriene Steaten, en hy stimt dêryn ta. Se wikselje in hertstochtlike tút út, foar't se wer op 'en paad geane, mar fuort dêrnei rinne se yn in mûklaach fan 'e Fjetnamezen. Luitenant Tay trochsingelet Co Bao mei kûgels. Hoewol't Rambo de oanfallers allegear deadet of op 'e flecht jaget, kin er neat mear foar har dwaan. Se freget him om har net te ferjitten en stjert dan yn syn earms.

Nei't er Co Bao begroeven hat yn in grêf dat er mei de bleate hannen groeven hat, set in breinroere Rambo efter de Fjetnameeske kampbewekkers en har Russyske adviseurs oan. Mei inkeld syn jachtmês en syn bôge rommet er de iene nei de oare tsjinstanner út 'e wei. As er efterfolge wurdt troch in reidfjild, stekt er de begroeiïng yn 'e brân, wêrmei't er yn ien kear in hiele kloft Fjetnamezen ombringt. Luitenant Tay besjit er mei in pylk mei springstoflading, sadat der neat fan 'e man oerbliuwt. Sersjant Jûsjin komt Rambo tenei yn in helikopter en besiket him út 'e wei te romjen troch in bom nei him ta te goaien, mar Rambo wit op 'e tiid fuort te kommen troch yn in rivier te springen. As de helikopter neitiid fuort boppe it wetteroerflak sweeft sadat Jûsjin-en-dy mei harren masinegewearen it wetter besjitte kinne, swimt Rambo ûnder it tastel en klimt oan board. Nei in gefjocht efteryn 'e helikopter smyt er Jûsjin úteinlik fan grutte hichte út it tastel, sadat er te pletter falt. Rambo kaapt dan de helikopter troch ek de piloat derút te setten.

Mei de helikopter keart er werom nei it kriichsfinzenekamp, dêr't de masinegewearen fan it tastel koart wurk meitsje fan 'e efterbleauwe bewekkers. Rambo befrijt alle kriichsfinzenen, in stik as tsien manlju, en laadt se yn 'e helikopter. Podovski efterfolget harren yn in Russyske militêre helikopter en besjit harren mei raketten. Rambo beart dat syn helikopter sa'n skea oprûn hat dat er in needlâning meitsje moat, mar as Podovski deunby komt om Rambo en de kriichsfinzenen de genedeklap te jaan, blaast Rambo de helikopter fan Podovski op mei in bazooka.

Nei't er mei de kriichsfinzenen nei Tailân flein is, brûkt Rambo in masinegewear om 'e hiele ynboel fan it kontrôlesintrum fan Murdock oan grôt te sjitten. Dêrnei giet er nei it kantoar fan Murdoch sels ta, dêr't dyselde him yn eangst en beven beskûl hâldt. Rambo bedriget him mei syn jachtmês, mar docht him úteinlik neat. Wol seit er dat Murdock mar better sjen kin dat der alle oare Amerikaanske kriichsfinzenen yn Fjetnam frij kriget, oars sil Rambo hìm witte te finen. Neitiid besiket Trautman en helje Rambo oer om mei werom nei de Feriene Steaten, mar Rambo wegeret om't dêr neffens him neat mear foar him is. As Trautman freget wat er wol, antwurdet er dat er allinne mar wol dat Amearika likefolle fan syn soldaten hâlde soe as Amerikaanske soldaten fan harren heitelân hâlde. Op Trautman syn fraach hoe't er no fierder sil, antwurdet Rambo "Dei foar dei." Dêrnei rint er by de kolonel wei.

Sylvester Stallone as John Rambo.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
John Rambo Sylvester Stallone
kolonel Sam Trautman Richard Crenna


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Co Phuong Bao Julia Nickson
Marshall Murdock Charles Napier
luitenant-kolonel Sergej Podovski Steven Berkoff
luitenant Tay George Cheung
Michael Reed Ericson Martin Kove
Banks Andy Wood
sersjant Jûsjin Vojo Gorić
kaptein Vinh William Ghent
kaptein Trong Kinh (piraat) Dana Lee
Lifer Steve Williams

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rambo: First Blood Part II waard regissearre troch George P. Cosmatos nei in senario fan Sylvester Stallone en James Cameron. It oarspronklike skript wie fan Cameron, mar Stallone brocht dêr ferskate wichtige feroarings yn oan. Sa soe Rambo op syn misje oarspronklik in helper mei ferstân fan technology mei hân hawwe. De produsinten fan 'e film hiene John Travolta foar dy rol op it each, mar Stallone lei dêr it near op. Fierders waard it ferhaal fan Cameron ferienfâldige en waard de aksje yn 'e film in stik nei foarren helle.

Ek waard der op oanstean fan Stallone ûnderskie makke tusken de rjochtse politike ideology fan sawol kolonel Trautman as Marshall Murdock, en de neutraliteit fan Rambo sels op dat mêd. Dy kaam benammen ta utering yn 'e monolooch fan Rambo oan 'e ein fan 'e film tsjin Trautman. Yn 2006 joech Stallone in fraachpetear wêryn't er dêroer sei: "Ik besef dat syn monolooch oan 'e ein by miljoenen sjoggers foar knapte ierkes yn 'e eachballen soarge hawwe kin fan it oermjittich rôljen mei de eagen, mar it sentimint dat er uteret waard oan my oerbrocht troch withoefolle feteranen."

Unienichheid tusken Stallone en Cameron oer de fraach hoefolle oft Stallone oan it senario fan Rambo: First Blood Part II bydroegen hie, brocht Stallone yn 2006 ta in yngeande útlis fan syn eigen oandiel oan it skript, folge troch dizze opmerklike ferklearring: "As James Cameron dêr mear fan seit as dat, dan moat er beseffe dat er no in minne rêchslach yn in swimbad fol leagens docht."

As produsint wie Buzz Feitshans by it projekt belutsen foar de filmstudio's Carolco Pictures en Anabasis Investments en it Meksikaanske Estudios Churubusco. Rambo: First Blood Part II wie dêrmei in Amerikaansk-Meksikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $25,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Cardiff, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith. De opnamen fûnen fan juny oant en mei augustus 1984 plak op lokaasje yn 'e steat Guerrero, yn Meksiko, en yn Tailân. By it filmjen fan 'e ûntploffings yn Rambo: First Blood Part II kaam special effects-man Clifford P. Wenger jr. om by in ûngemak.

De distribúsje fan Rambo: First Blood Part II waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 22 maaie 1985 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Sovjet-Uny, de Eastbloklannen, Fjetnam en ek Yndia ferbea de sensuer Rambo: First Blood Part II omreden fan 'e negative ôfskildering fan Russen en Fjetnamezen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn maaie 1985 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Rambo: First Blood Part II waard yn 'e 1980-er jierren útbrocht as VHS-keapfideo en kaam op 23 novimber 2004 út op dvd en op 23 maaie 2008 op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Rambo: First Blood Part II mingde resinsjes. De measte krityk hie te krijen mei it ûnderwerp en de toansetting fan 'e film. Sa neamd Vincent Canby de film yn The New York Times "hast like opportunistysk as de leden fan it Kongres dêr't [de film] sabeare in ôfgriis fan hat. Nettsjinsteande alles dat [de film] seit, is er folle minder ynteressearre yn 'e kwestje fan 'e fermiste soldaten as yn it finen fan in gaadlike kontekst foar it soarte aksje-aventoerefilm wêryn't dhr. Stallone – mei syn torso en syn fakante blik – dwaan kin wat er it bêste docht. En dat is it befjochtsjen, te fluch ôf wêzen en deadzjen, ornaris hielendal allinne, fan tsientallen folle better bewapene mar mindere stjerlingen."

Yn 'e Los Angeles Times skreau Michael Wilmington: "As in personaazje skynber alles wol oankin, wurdt it dreech op noch spanning te fielen of oer syn lot yn te sitten. (Superman hie teminsten noch kryptonyt.) Wat foar ús oerbliuwt, is inkeld estetyske wurdearring foar [in ferhaal dat ús] net echt rekket, [en] ta te sjen hoe't Rambo tusken eksploazjes en loftoanfallen ter wearde fan ferskate miljoenen dollars troch draaft, hoe't oeral fjoerballen opljochtsje en hoe't de liken alle kanten út fleane. Utsein foar dyjingen dy't ûnomkearber ferlern gien binne oan gewelddiedige machtsfantasijen, sil soks gau begjinne te ferfelen."

Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte Rambo: First Blood Part II 3 fan 4 stjerren ta en neamde de film "hiel goed yn wat er docht, mar wat er docht is lang net altyd sa goed." Yn The Washington Post skreau Paul Attanasio: "Op syn bêsten is Rambo: First Blood Part II in primitive mar effektive polityk-rjochtse propagandafilm, it artistike ekwifalint fan in tapytbombardemint – je witte net oft je no jûchheie of dekking sykje moatte. Op syn minsten is it in earbetoan oan Sylvester Stallone troch Sylvester Stallone mei Sylvester Stallone yn 'e haadrol."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rambo: First Blood Part II in leech goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 43 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret genôch opskuor om fans fan it sjenre te befredigjen, mar it bliuwt in tebekglydzjende ferfolchfilm, dy't syn ienris yntrigearjende protagonist omfoarmet ta in spierde aksjefilmheld dêr't ienentweintich fan yn in snies geane." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rambo: First Blood Part II in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 14 resinsjes.

Rambo: First Blood Part II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $150,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $150,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $300,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25,5 miljoen betsjut dat in winst fan $274,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Rambo: First Blood Part II in grut kommersjeel súkses.

Rambo: First Blood Part II waard yn 1986 nominearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rambo (filmsearje)
First Blood (1982) • Rambo: First Blood Part II (1985) • Rambo III (1988) • Rambo (2008) • Rambo: Last Blood (2019)