John Rambo
John Rambo | ||
Sylvester Stallone as John Rambo yn 'e film Rambo III (1988). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berop/amt | kommando | |
oare ynformaasje | ||
attributen | himd, holbân | |
geastlike heit | David Morrell | |
ûntstean | 1972 |
- Net te betiizjen mei John Rambo (film), in film út 2008.
John Rambo is ferneamd fiktyf personaazje dat for it earst ferskynde yn 'e roman First Blood, fan David Morrell, út 1972, mar dat benammen bekendheid krigen hat troch de earste trije films fan 'e Rambo-mediafranchise, dy't fan 1982 oant 1988 ferskynden. Yn alle films waard syn rol spile troch akteur Sylvester Stallone. Rambo is in traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch. It personaazje waard yn 'e Westerske popkultuer sa bekend dat de namme 'Rambo' no brûkt wurdt om in Einzelgänger oan te tsjutten dy't útblinkt troch domdrystens en waans earste refleks is om foar it oplossen fan problemen altyd werom te fallen op it gebrûk fan geweld.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e oarspronklike roman First Blood, fan David Morrell, út 1972, wurdt de haadpersoan inkeld 'Rambo' neamd. Pas yn 'e earste film út 'e Rambo-searje krige de man in foarnamme: John. De efternamme Rambo is fan Noarske of Sweedske oarsprong. (Nettsjinsteande dat wurdt yn wurken fan 'e franchise ferteld dat Rambo fan mingd Dútsk en Yndiaansk of Italjaansk en Yndiaansk etnysk komôf is.) Neffens Morrell ûntliende er de namme oan 'e Rambo, in fariëteit apel, dy't ferneamd wie nei de teler, de kolonist fan Sweedsk komôf Peter Gunnarsson Rambo (1612-1698).
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]John Rambo waard berne op 12 april 1950 yn Bowie, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, as de soan fan Reevis Rambo (1922-2000) en dy syn frou Helga (1926-1969). Syn heit wie in hynstefokker mei in eigen ranch. Yn 'e film Rambo: First Blood Part II wurdt sein dat Rambo fan mingd Dútsk en Yndiaanske etnysk komôf is, mar yn 'e ferboeking fan dyselde film is te lêzen dat syn heit fan etnysk Italjaansk komôf is, wylst syn mem in Navaho-Yndiaanse wie. Akteur, senarioskriuwer en regisseur Sylvester Stallone hat yn fraachpetearen oanjûn dat er him Rambo as teenager foarstelt as de populêrste jonge fan 'e middelbere skoalle, dy't goed is yn sport en op wa't alle famkes fereale binne.
Fjetnamoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rambo melde him op 6 augustus 1964 mei santjin jier oan as frijwilliger by it Amerikaanske Leger, hoewol't er yn 'e film Rambo úthâldt dat er as tsjinstplichtige nei Fjetnam stjoerd is. Yn elts gefal waard er yn jannewaris 1966 soldaat by de lânmacht, nei't er ein 1965 slagge wie foar syn eineksamens op 'e Rangeford High School. Yn septimber 1966 waard er yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch foar it earst útstjoerd nei Súd-Fjetnam. Nei't er yn 1967 yn 'e Feriene Steaten weromkeard wie, folge er in oplieding ta kommando yn Fort Bragg yn Noard-Karolina, dêr't kolonel Sam Trautman syn befelfierend ofsier waard. Ein 1969 waard er mei de ienheid fan Trautman wer útstjoerd nei Fjetnam, dêr't er militêre ferkenningsmisjes oer lange ôfstannen ûndernaam.
Op in misje yn novimber 1971 yn it noarden fan Noard-Fjetnam, deunby de Sineeske grins, rûn de ienheid fan Rambo yn in mûklaach fan it Noardfjetnameeske Leger. Rambo en guon oare oerlibbenen waarden kriichsfinzen nommen en opsletten yn in kriichsfinzenekamp dêr't er ferskate kearen martele waard. Rambo en in oar lid fan syn ienheid, Delmar Barry, wisten yn maaie 1972 te ûntsnappen. Op eigen fersyk waard Rambo dêrnei fuortendaliks op 'e nij ynset. Nei ôfrin fan 'e oarloch waard er úteinlik op 27 septimber 1974 earfol út it leger ûntslein. It is ûnbekend hokker militêre rang oft er op dat stuit hie, mar it tinken is dat er earste luitenant of kaptein wie.
Swierrichheden yn 'e Feriene Steaten en nije misjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rambo syn weromkear yn 'e Feriene Steaten waard foar him in bittere teloarstelling doe't er murk dat in grut part fan 'e Amerikaanske befolking in grouwéligen hekel oan feteranen hie, dy't se beskôgen as "babymoardners". Hy krige ek lêst fan syn ûnferwurke oarlochsferline, dat by him late ta in oanboazjende foarm fan posttraumatysk stress-syndroom. Rambo bedarre yn 'e marzje fan 'e maatskippij en begûn oan in omdoarmjend bestean. Yn 1982 swalke er nei it adres fan syn âlde legermaat Delmar Barry, mar dêr oankommen ûntdiek er dat syn freon ûnderwilens ferstoarn wie oan kanker as gefolch fan bleatstelling oan it ûntblêdingsmiddel Agent Orange, dat yn Fjetnam troch it Amerikaanske Leger op rije wize ynset wie. Rambo besefte dat fan syn âlde kommando-ienheid hy no de lêste oerlibbene wie, kolonel Trautman net meirekkene.
Koarte tiid letter brochten syn omdoarmings Rambo troch it plakje Hope yn 'e Amerikaanske steat Washington, dêr't de pleatslike sheriff him oanseach foar in omrinner en ûnrêststoker. Nei't er sûnder jildige reden arrestearre wie, waard er yn syn sel mishannele troch de helpsheriffs. By Rambo rôp dat flashbacks op nei syn martelings yn kriichsfinzenskip. Hy wist te ûntsnappen en ferskûle him yn it tuskenbeiden reinwâld fuort bûten Hope, dêr't de sheriff en syn mannen in driuwjacht úteinsetten. Kolonel Trautman, dy't him der ûnfrege mei bemuoide, warskôge de sheriff dat Rambo in ekspêr yn guerrilja-oarlochstaktiken en oerlibjen yn 'e wyldernis wie, mar de sheriff wegere te harkjen, mei in dramatyske konfrontaasje as gefolch.
Nei't Rambo ôfweefd hie mei de sheriff en al syn mannen wist Trautman him te bepraten om him oer te jaan. Neitiid bedarret er yn it tichthûs, dêr't er twangarbeid ferrjochtsje moat. Troch de struktuer dy't it hurde mar rûtinemjittige bestean yn 'e finzenis him bea, wist Rambo syn psychologyske swierrichheden dêr foar in part te oerwinnen. Trije jier letter beävensearre Trautman dat Rambo út it tichthûs litten waard foar in geheime misje: hy moast weromkeare nei Fjetnam om dêr út te sykjen oft der noch fermiste Amerikaanske soldaten út 'e Fjetnamoarloch fêstholden waarden. It wie lykwols net de bedoeling dat er dyselden, as er harren oantrof, befrije soe, mei't dat in ynternasjonaal diplomatyk ynsidint feroarsaakje soe. Doe't Rambo yn Fjetnam wier noch Amerikaanske feteranen yn in kriichfinzenekamp weromfûn, lei er syn oarders lykwols njonken him del om harren út te brekken en yn feilichheid te bringen.
Neitiid kearde Rambo net werom nei de Feriene Steaten, mar sette er him nei wenjen yn in boedistysk kleaster yn Tailân, dêr't er fierder wurke oan it yn it reine kommen mei himsels. Trije jier nei syn weromkear nei Fjetnam waard Rambo yn Tailân opsocht troch Trautman, dy't him frege om mei te helpen by in geheime misje om 'e Afgaanske mûdjahediin te befoarriedzjen yn harren ferset tsjin 'e Sovjet-besetting fan Afganistan. Rambo betanke foar de ear om't er syn nocht hie fan oarloch. De misje, dy't sûnder him trochgie, rûn út op in fiasko en Trautman waard finzen nommen troch kolonel Aleksej Zajsen fan it Reade Leger. Neitiid liet Rambo himsels oerhelje om him dochs mei de saak te bemuoien om syn âlde freon te rêden. Yn Afganistan joech er him by de mûdjahediin en bûn er de striid mei de Russen oan. Doe't er Trautman rêden en Zajsen ferslein hie, gie Rambo werom nei Tailân.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tweintich jier letter wenne Rambo dêr noch en foarseach er yn syn eigen libbensûnderhâld troch gifslangen te fangen en lju oer de rivier te ferfieren yn syn boat. Doe't yn 2007 yn it buorlân Birma de Saffraanrevolúsje útbriek, waarden de Karen, in etnyske minderheid dy't by de Taiske grins lâns wennet, slim ferfolge troch it Birmeeske Leger. Rambo waard frege om in groep Amerikaanske sindelingen de grins oer te smokkeljen yn it ramt fan in humanitêre misje om 'e slachtoffers fan it legergeweld te helpen. De sindelingen waarden lykwols al rillegau finzen nommen troch de Birmeeske troepen. Dêrop naam de lieding fan it tsjerkegenoatskip dêr't de sindelingen ta hearden, in team fan hierlingen yn 'e earm om harren te befrijen. Rambo joech him ûnbetelle en ûnnûge by de hierlingen. Hy soarge dat de sindelingen hielhûds werom yn Tailân kamen en besoarge de Karen-rebellen in klinkende oerwinning op it Birmeeske Leger. Letter reizge er foar it earst yn mear as tweintich jier werom nei de Feriene Steaten, dêr't er weromkearde nei syn heite ranch yn Arizona.
Alve jier letter wenne Rambo op 'e ranch fan syn heit silger, dy't er berêde yn 'e mande mei syn goede freondinne Maria Beltrán, de eardere húshâldster fan syn heit. Doe't Maria har beppesizzer Gabriela nei Meksiko sette om har biologyske heit op te spoaren, waard hja ûntfierd troch de leden fan in Meksikaansk drugskartel, dy't har eksploitearren as prostituee. Rambo gie der efteroan en wist Gabriela mei help fan 'e Meksikaanske sjoernaliste Carmen Delgado werom te finen en te rêden, mar ûnderweis nei hûs ferstoar it fanke oan in oerdoazis drugs dy't har tatsjinne wie. Dêrop sette Rambo útein mei in wraakkampanje om it drugskartel fan 'e bruorren Martínez, dat ferantwurdlik wie foar de ûntfiering, ferkrêfting en dea fan Gabriela, ûnder fuotten te heljen.
Ferskinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It personaazje John Rambo ferskynt yn 'e folgjende films:
- 1982 – First Blood (better bekend as Rambo)
- 1985 – Rambo: First Blood Part II
- 1988 – Rambo III
- 2008 – Rambo (soms Rambo IV neamd)
- 2019 – Rambo: Last Blood
John Rambo ferskynt ek yn 'e tekenfilmsearje Rambo: The Force of Freedom út 1986, de oarspronklike roman First Blood út 1972 en twa lettere ferboekings, inkele strips en in stikmannich fideospultsjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |