Omrinner

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Trije hobo's yn Chicago yn 1929.

In omrinner (Nederlânsk: landloper) is immen dy't gjin fêst berop, gjin fêst wen- of ferbliuwplak en gjin fêste besteansmiddels hat. Oare termen foar sa'nent binne omstipper, omswindeler of swabber, of as oerkoepeljende term foar al sokke lju omrinnend folk. Ek swalker komt wol foar, mar dat wurd hat net de negative toan fan 'e oare beneamings. De oantsjutting swerver wurdt almeast foar dakleazen yn 'e stêden brûkt, wylst mei 'omrinner' histoarysk fral ek sokken op it plattelân bedoeld waarden. Yn Frankryk sprekt men fan clochards, en omrinners dy't fan 'e njoggentjinde iuw ôf klandestyn meireizgen op treinen yn Noard-Amearika waarden hobo's neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omrinners wiene al yn 'e Midsiuwen in bekend ferskynsel op it plattelân. Faak troch earmoede dreaun swalken lju om op 'e siik nei wurk, iten en ûnderdak. Fral simmerdeis wiene sokken by in protte boeren wolkom om as losse boere-arbeiders yn 'e ûngetiid ynset te wurden. Guon fan sokke omrinners krigen kunde oan beskate boeren en kamen elts jier op itselde plak werom. Sokken waarden akseptearre yn 'e mienskip om't se as deihierarbeider nuttich wiene.

Omrinners sûnder kâns op wurk en bidlers (dat oerlaapjende kategoryen wiene), hie men it lykwols yn 'e regel net op stean. Lju dy't better ôf wiene, fertochten sokken fan dieverij en oar krimineel hâlden en dragen. Dat wie ek net sûnder reden, want troch honger dreaun joegen guon omrinners har oan dieverij oer, wylst der sûnder mis ek guon wiene dy't dat gewoan diene om't it makliker wie as om foar har lean te wurkjen. Perfoarst wiene der ek guon dy't net stielen of op oare manearen de wet oertrêden, mar dy waarden mei de oaren oer ien kaam skeard.

Tsjin 'e njoggentjinde iuw waard de oanwêzigens fan omrinners net mear dulde, en harren manear fan libjen koe op almar mear ôfkarring rekkenje fan 'e fêstige oarder. Sadwaande kaam der in wetlik ferbod op omrinnerij, en dêrnei waarden omrinners geregeldwei fuortjage of oppakt. Soms bedarren se sels yn it tichthûs of yn in wurkkamp of ynrjochting om gjin oare reden as dat se wurkleas en dakleas wiene.

Sitewaasje yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân waard omrinnerij yn 'e earste ferzje fan it Wetboek fan Strafrjocht, dat datearret út 1809, as misdriuw opnommen. It omdoarmjen sûnder oantoanber middel fan bestean (d.w.s. in berop) waard sa strafber steld. It idee dêrefter wie dat immen dy't sterk genôch wie om geandefoets om te swalkjen ek sterk genôch wie om te wurkjen. Dêrby waard gebrek oan wurkgelegenheid lykwols negearre.

Yn 'e njoggentjinde iuw waarden lju dy't yn Nederlân as omrinners oppakt wiene, faak by de ûntginning fan 'e heechfeangebieten yn it easten en noardeasten tewurksteld as twangarbeiders, bgl. yn 'e saneamde Koloanjes fan Woldiedichheid, dat eins in soarte fan strafkampen wiene. Geandewei de tweintichste iuw rûn troch de tanimmende wolfeart it tal feroardielings foar omrinnerij sterk tebek. Sa wiene der yn 1904 noch 1.920 fan sokke feroardielings, en yn 1963 noch mar 27. Yn 2000 waard omrinnerij as misdriuw út it Wetboek fan Strafrjocht skrast.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.